Amelia Earhart (útspr.: [əˈmiːliə ˈɛːɹhɑːɹt], likernôch: "uh-mii-li-uh êr-haart"; folút: Amelia Mary Earhart; Atchison (Kansas), 24 july 1897 – ferdwûn boppe de Stille Súdsee, ûnderweis fan Lae yn Nij-Guineä nei it eilân Howland, 2 july 1937, formeel dea ferklearre 5 jannewaris 1939) wie in Amerikaansk loftfeartpionier. Hja wie de earste froulike piloat dy't allinne oer de Atlantyske Oseaan fleach. Earhart fêstige dêrnjonken in grut tal oare rekôrs en skreau ferskate bestsellers oer har ûnderfinings by it fleanen. Se spile in rol fan krúsjaal belang by de oprjochting fan The Ninety-Nines, in organisaasje fan froulike piloaten. Tsjin 'e midden fan 'e 1930-er jierren wie se yn 'e Feriene Steaten wiidferneamd rekke. Yn 1937 besocht Earhart de earste frou te wurden dy't om 'e wrâld fleach. Sy en har navigator Fred Noonan ferdwûnen dêrby yn july fan dat jier wylst se oer de Stille Súdsee fan Nij-Guineä nei Howland fleagen en waarden nea weromfûn. Earhart waard oardel jier letter formeel dea ferklearre. Har ferdwining is noch altyd in mystearje dat in protte lju dwaande hâldt en in soad belangstelling genietet fan it bredere publyk.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Berte en komôf Earhart waard yn 1897 berne yn Atchison, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, as de dochter fan abbekaat Samuel "Edwin" Stanton Earhart (1867-1930) en dy syn frou Amelia "Amy" Otis (1869-1962). Hja wie fan Ingelsk en foar in diel fan Dútsk etnysk komôf. Har pake oan memmekant wie de bankdirekteur en eardere rjochter Alfred Gideon Otis (1827-1912), yn waans hûs de berte plakfûn. Dyselde hie oarspronklik gjin foarstanner fan it houlik tusken syn dochter en Edwin Earhart west, en wie min te sprekken oer it wurkpaad fan syn skoansoan.
Earhart wie it twadde bern fan it houlik, nei in deaberne poppe yn augustus 1896. Nei goed famyljegebrûk waard hja ferneamd nei har beide beppes, Amelia Josephine Harres en Mary Wells Patton. Se krige in jongere suster mei wa't se twa jier skeelde, en fan jongs ôf oan wie Amelia de liedster fan 'e beide famkes wylst har suster Grace Muriel Earhart (1899-1998) har trouwe folgelinge wie. De beide fammen krige de bynammen Meeley (of soms Millie), resp. Pidge taparte, dy't se beholden oant se al lang folwoeksen wiene. (Letter liet de jongere suster har by har middelnamme Muriel neame.)
Opfieding De opfieding dy't de beide suskes krigen, wie ûnkonvinsjoneel foar dy tiid, mei't Amy Otis Earhart har bern net grutbringe woe as "leave lytse famkes". Dat hold û.m. yn dat de beide suskes alteast in diel fan 'e tiid yn broeken omrûnen, hoewol't alle oare famkes fan harren jierren jurkjes droegen. Amelia en Muriel wiene inoars bêste kammeraatskes en brochten harren frije tiid almeast tegearre troch. Se klommen yn beammen, giene mei in echt gewear op jacht nei rotten en glieden op 'e búk op in slide by in heuvel del. Foar dy tiid wiene dat mear aktiviteiten dy't men fan jonges ferwachtsje soe.
Yn 1904, doe't se sân jier wie, boude Amelia mei help fan in omke in hellingbaan dy't se befêstige oan it dak fan in skuorke. Dêrnei liet se har der yn in houten kiste ôfglydzje. Dy goed dokumintearre earste 'flecht' einige dramatysk, mei in tosk troch de lippe en in skuor yn 'e jurk, mar ek mei in "gefoel fan útskroevenens", dat Earhart tsjin har suske sizze liet: "Oh, Pidge, it wie krekt as fleach ik!" Yn 1907 krige Edwin Earhart yn Des Moines, yn Iowa, wurk by de Rock Island Railroad. It jiers dêrop, doe't se tsien wie, seach Earhart foar it earst in fleanmasine op 'e Steatsmerke fan Iowa. Har heit frege oft se in eintsje te fleanen woe, mar Earhart wurp ien blik op it gammele apparaat en frege oft se ynstee net nochris yn 'e draaimole mocht.
Oplieding Doe't Edwin en Amy Earhart yn 1907 nei Des Moines ferfearen, bleaune Earhart en har suske foarearst by pake en beppe Otis yn Atchison efter. Dêr hiene se earder thúsûnderwiis fan harren mem krigen, en dat waard no oernommen troch in gûvernante. Amelia wie in echte letterfretter en brocht oeren troch mei lêzen yn 'e mânske bibleteek fan pake en beppe. Yn 1909 lieten Edwin en Amy de beide bern einlings oerkomme nei Des Moines, dêr't se foar it earst yn har libben nei skoalle giene.
De húshâlding wenne yn Des Moines yn in hûs dat nij boud wie en der wiene twa tsjinstlju. It waard lykwols al rillegau dúdlik dat Edwin Earhart in alkoholist wie. Fiif jier letter, yn 1914, twong syn wurkjouwer him om syn wurk del te lizzen, en hoewol't er besocht om himsels te rehabilitearjen, naam de Rock Island Railroad him nea wer oan. Om dyselde tiid hinne kaam beppe Amelia Otis hommels te ferstjerren, nei't har man yn 1912 al weirekke wie. Hja liet in oansjenlik beërf nei, dat lykwols foar Amy Earhart yn in trust pleatst waard om foar te kommen dat Edwin it trochbringe koe mei drinken. It Otis-hûs yn Atchison waard by opbod ferkocht, krekt as de hiele ynboel. Earhart fûn dat ferskriklik en omskreau it letter as de ein fan har bernetiid.
Yn 1915 fûn Edwin Earhart, nei lang sykjen, in baan as klerk by de Great Northern Railway yn St. Paul, yn Minnesota. Earhart genoat dêr fuortset ûnderwiis oan 'e Central High School. Letter datselde jiers liet Edwin him oerpleatse nei Springfield yn Missoery, mar de wurknimmer dy't er dêr opfolgje soe, betocht him op it lêste momint en frege syn baan werom, wylst de baan yn St. Paul al wer ferjûn wie. Fan gefolgen kaam Edwin Earhart wer sûnder wurk te sitten. Amy naam doe de bern mei nei Chicago, dêr't se langere tiid by freonen ferbleau.
Amelia Earhart keas yn har nije wenplak de Hyde Park High School út om har oplieding te ferfetsjen, om't dy skoalle serieuze oandacht oan 'e abstrakte fakken bestege. Se wie dêr lykwols tige iensum en ûngelokkich oant se yn 1916 slagge foar har eineksamens. Neitiid begûn se oan in stúdzje oan 'e Ogontz School yn Rydal, yn Pennsylvania, dy't se net ôfmakke.
Wurk yn 'e ferpleging, sykte en ferhuzing nei Kalifornje Yn 'e krystfakânsje fan 1917 besocht Earhart har suster Muriel yn it Kanadeeske Toronto, dêr't se de weromkearende ferwûnen út 'e Earste Wrâldoarloch seach. Nei't se in koarte training as assistint-ferpleechkundige fan it Reade Krús ôfrûne hie, gie se oan it wurk by it Frijwillige Helpdetasjemint yn it Legerhospitaal Spadina, dêr't se itensea foar pasjinten mei spesjale diëten en de foarskreaune medikaasje útdielde. Doe't yn 1918 yn Toronto de Spaanske gryp útbriek, waard Earhart ek ynset foar eigentlike ferpleechkundige tsjinsten, û.m. yn 'e nachttsjinst. Se rekke sels yn oktober 1918 ek besmet en lei fan novimber oant desimber yn it sikehûs mei longûntstekking en byholte-ûntstekking oan 'e kaakholte (in byholte yn 'e boppekaak oan wjerskanten fan 'e noas).
Earhart har symptomen op it mêd fan byholte-ûntstekking wiene pine en druk om ien each hinne en oerfloedige produksje fan snot dy't ôffierd wurde moast fia de noas en de kiel. Se ûndergie ferskate fergese mar pynlike lytse operaasjes om 'e kaakholte skjin te spielen. Neitiid litte Earhart oan oanboazjende riten fan pineholle. Har opbetterjen duorre hast in jier, in tiid dy't se trochbrocht by har suster thús yn Northampton, yn Massachusetts. Se deade de tiid mei it lêzen fan poëzij, it harsels bespyljen learen fan 'e banjo en de stúdzje fan meganika. De kaakholte-ûntstekking hold jierren oan en hie in oansjenlike ynfloed op har lettere aktiviteiten.
Tsjin 1919 wie Earhart ree om har oplieding te ferfetsjen. Se rette har ta om har yn te skriuwen oan it Smith Kolleezje yn Northampton, mar feroare op it lêste momint fan gedachten en joech har ynstee op foar in stúdzje medisinen oan 'e Universiteit fan Columbia yn New York. In jier letter joech se har stúdzje lykwols al wer oer om har by har âldelju te jaan, dy't ûnderwilens nei Kalifornje ferfearn wiene. Op 28 desimber 1920 besochten Earhart en har heit yn Long Beach in fleanfjild dêr't Frank Hawks, dy't letter namme meitsje soe as loftracer, har foar $10 tsien minuten lang mei 'omheech' naam. It wie in ûnderfining dy't Earhart har libben feroarje soe. "Tsjin 'e tiid dat ik 60 oant 90 meter fan 'e grûn ôf wie," sa sei se letter, "wist ik dat ik fleane moast."
Wurkpaad Iere jierren Earhart gie oan it wurk yn in ferskaat oan banen om genôch jild te fertsjinjen om fleanles te nimmen. Sa wurke se as fotografe, frachtweinsjauffeur en stenografe by in tillekommunikaasjebedriuw. Mei in bydrage dy't har mem har "tsjin betterwitten yn" taparte, wist se yn in jier tiid de $1.000 gear te bringen dêr't se ferlet fan hie. Earhart hie har earste fleanles op it fleanfjild Kinner Field by Long Beach. Har fleanynstrukteur wie Anita "Neta" Snook, in froulike loftfeartpionier dy't yn in oerstallige Curtiss JN-4 Canuck fleach dy't se oernommen hie fan it Amerikaanske Leger. Om Kinner Field te berikken moast Earhart in bus nimme oan 'e ein fan 'e line ta en dan noch seis kilometer rinne.
In healjier letter, yn 'e simmer fan 1921, kocht Earhart har earste fleantúch, in felgiele Kinner Airster-dûbeldekker dy't se de namme The Canary ("De Kanaarje") joech. Op 22 oktober 1922 fleach se dy fleanmasine nei in hichte fan 14.000 foet (4.300 m), wêrmei't se har earste wrâldrekôr fêstige foar froulike piloaten. Op 15 maaie 1923 waard Earhart de sechstjinde frou yn 'e Feriene Steaten dy't in fleanbrevet (mei it searjenûmer #61017) ûntfong fan 'e Fédération Aéronautique Internationale (FAI).
Fan it begjin fan 'e 1920-er jierren ôf belune it famyljefortún fan 'e Earharts fierder, besteande út it beërf fan beppe Otis dat no yn 'e hannen fan Earhart har mem kommen wie. Reden dêrfoar wie in rampsillige ynvestearring yn in mislearre gipsmyn. Tsjin 'e midden fan it desennium rekke it jild hielendal op. Om't se op dat stuit neat mei fleanen fertsjinje koe, wie Earhart yn 1924 twongen om har Kanaarje te ferkeapjen. Mei it jild skafte se in (folle brûksumer) twapersoans auto oan fan it merk Kissel Speedster, dy't ek giel fan kleur wie en dy't se The Yellow Peril ("It Giele Gefaar") neamde.
Om dyselde tiid hinne boaze de pine fan har byholte-ûntstekking oan, en begjin 1924 waard se yn it sikehûs opnommen foar in nije operaasje, dy't op 'e nij om 'e nocht wie. Datselde jiers skieden har âlden, wêrnei't se har mem yn The Yellow Peril nei de Amerikaanske eastkust ried fia in swalkjende rûte dy't harren sels nei Banff yn Alberta brocht. Nei harren oankomst yn Boston ûndergie Earhart wer in operaasje oan har kaakholte, dy't diskear wol slagge en ferlichting brocht. Nei't se fan 'e operaasje opbettere wie, kearde se inkele moannen lang werom nei de Universiteit fan Columbia om 'e stúdzje wer op te pakken dy't se lang fertutearzje litten hie, mar dy moast se al rillegau wer ôfbrekke om't har mem no it kolleezjejild net mear opbringe koe.
Sadwaande gie Earhart yn 1925 yn Boston oan it wurk as sosjaal wurkster. Yn dy snuorje wenne se yn Medford, in foarstêd fan Boston. Underwilens behold de loftfeart har folsleine fassinaasje. Se sleat har oan by de Bostonster ôfdieling fan 'e American Aeronautical Society, dêr't se nei ferrin fan tiid fise-foarsitter fan waard. It fleanfjild dêr't se wei fleach, wie Dennison Airport (dat letter it Marineloftfeartstasjon Squantum waard) yn Quincy. Earhart ynvestearre in diel fan har eigen sparjild om dat draaiende te hâlden. Se skreau artikels yn pleatslike kranten om it fleanen oan te fiterjen en tsjinne teffens as de pleatslike fertsjintwurdichster fan 'e fleantúchbouwer Kinner. Doe't se almar bekender waard, begûn se plannen te meitsjen foar it oprjochtsjen fan in organisaasje foar froulike piloaten.
Earste Transatlantyske flecht mei in frou