Régis markys de l'Estourbeillon (folút: Régis-Marie-Joseph de l'Estourbeillon de la Garnache; Nantes, 11 febrewaris 1858 – Avessac, 7 septimber 1946) wie in Frânsk ealman, politikus en aktivist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonsk nasjonalist, dy't in foarm fan regionalisme foar eagen stie. Dêrnjonken wied er ek in ûnferhoalen antysemyt yn in tiid dat soks noch maatskiplik akseptabel wie. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard er troch syn dieden op it slachfjild in held fan 'e Frânske Republyk. Nettsjinsteande dat bleau er oant syn dea in foarfjochter fan 'e Bretonske taal.
Libben en karriêre Jonkheid en komôf De l'Estourbeillon waard yn 1858 berne yn Nantes, de histoaryske haadstêd fan Bretanje. Hy wie in telch út in âld aadlik laach en hie de titel fan markys.
Karriêre As jongfeint krige De l'Estourbeillon belangstelling foar it behâld fan 'e Bretonske etnyske identiteit. Yn 1898 rjochte er dêrta de Bretonske Regionalistyske Uny (URB) op. Yn 'e mande mei René greve de Laigue wied er redakteur fan it tydskrift La Revu de Bretagne, dat ferskynde fan 1902 oant en mei 1943.
De l'Estourbeillon waard yn 'e 1890-er jierren foar it departemint Morbihan yn it nasjonale Keamer fan Offurdigen yn Parys keazen, dêr't er him ûntjoech ta ien fan 'e aktyfste leden fan 'e Action Libérale, in rjochtse, pro-roomske faksje yn it parlemint. As politikus wie De l'Estourbeillon yn 't earstoan assosjearre mei it saneamde anty-dreyfusisme, in yn dy tiid yn Frankryk tige gongbere foarm fan wat tsjintwurdich as in folslein ûnakseptabel antysemitisme sjoen wurde soe. Yn 1898 wied er mei Jules Guérin oanwêzich by in Grand Réunion Antisemite yn Nantes. Dêrnei ferlieten liberalen en dreyfusisten massaal syn URB om 'e rivalisearjende regionalistyske Bleus de Bretagne op te rjochtsjen.
Yn 1909, doe't er ôffurdige wie foar it earste distrikt fan Vannes, wie De l'Estourbeillon foaroanman fan in delegaasje dy't yn Parys lobbyde foar de ynfiering fan ûnderwiis yn 'e Bretonske taal op skoallen en hegeskoallen yn Bretanje. De doetiidske Frânske minister fan Underwiis Gaston Doumergue stegere it fersyk lykwols ôf mei it argumint dat it ûnderwizen fan it Bretonsk inkeld de separatistyske tendinzen yn Bretanje oanfiterje soe.
By it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914, melde De l'Estourbeillon him as frijwilliger by it Frânske Leger oan, al wied er op dat stuit al 56 jier. Hy wûn rom op it slachfjild en waard in held fan 'e Frânske Republyk. Foar syn dieden waard er neitiid ûnderskaat mei it Croix de Guerre 1914-1918 en teffens waard er beneamd ta ridder yn it Légion d'Honneur.
Nei ôfrin fan 'e oarloch loek De l'Estourbeillon him werom út 'e polityk, mar hy bleau aktyf as aktivist foar Bretanje en it Bretonsk. Sa hold er oan mei it ûnder wurden bringen fan syn easken foar ûnderwiis yn 'e lânseigen taal. Yn jannewaris 1919 skreau er datoangeande in iepenbiere ferklearring dy't publisearre waard yn 'e krante Libre Parole. Yn 'e 1920-er jierren waard De l'Estourbeillon in lid fan 'e Bretonske kulturele beweging Seiz Breur. Yn syn geskriften út dy tiid makke er soms gebrûk fan it pseudonym Hoël Broërec'h.
Ferstjerren Régis de l'Estourbeillon kaam yn 1946 yn 'e hege âlderdom fan 88 jier te ferstjerren op it Château de Penhoët yn Avessac.
Publikaasjes (in kar) 1883 – Les frairies de la paroisse de Macerac 1912 – Nominoé, père de la patrie 1919 – Le droit des langues et la liberté des peuples 1924 – La Nation bretonne - Conférence sur l'histoire de Bretagne 1933 – L'Ame de la Bretagne, ses légitimes revendications 19?? – Pour nos costumes nationaux, la presse seule peut les sauver
Kategory:Frânske adel Kategory:Frânsk politikus Kategory:Frânsk parlemintslid Kategory:Frânsk polityk aktivist Kategory:Frânsk tydskriftredakteur Kategory:Frânsk soldaat Kategory:Frânsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Frânsk konservatyf Kategory:Bretonsk nasjonalist Kategory:Bretonsk taalaktivist Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1946