How the West Was Won is in Amerikaanske romantyske western en aventoerefilm út 1962 yn Technicolor. De titel betsjut "Hoe't it Westen Wûn Waard". It is in mozaykfilm yn 'e foarm fan in fiiflûk dy't de ferovering fan it Wylde Westen troch de blanke kolonisten sjen lit en dêrby it tiidrek bestrykt fan 1840 oant 1890. Yn 'e fiif segminten dêr't de film út opboud is, steane leden út trije generaasjes fan deselde famylje sintraal. Trije fan 'e segminten waarden regissearre troch Henry Hathaway, ien troch John Ford en ek ien troch George Marshall. How the West Was Won hie in stjerrecast mei Jimmy Stewart, Carroll Baker, Debbie Reynolds, Gregory Peck en George Peppard yn 'e haadrollen, ûnderstipe troch Karl Malden, John Wayne, Henry Fonda, Richard Widmark, Lee J. Cobb en Eli Wallach yn 'e wichtichste byrollen. De segminten waarden oaninoar praat troch in voice-over fan Spencer Tracy. De film krige tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt beskôge as ien fan 'e grutste epossen dy't de filmyndustry fan Hollywood fuortbrocht hat. Yn 'e bioskopen wie How the West Was Won kommersjeel súksesfol. De film wûn yn 1963 trije Oscars en joech yn 'e 1970-er jierren oanlieding ta de produksje fan in tillefyzjesearje mei deselde namme. Yn 1997 waard How the West Was Won troch de Library of Congress útornearre foar preservearring yn it National Film Registry.
Plot
The Rivers (1839) Pelsjager en frontiersman Linus Rawlings reizget yn in mei beverpelzen folladen kano út it Wylde Westen werom nei Pittsburgh om syn waren te ferkeapjen en de opbringst dertroch te bringen yn kroech en bordeel. Under it 'Wylde Westen' wurdt yn dy tiid noch de delling fan 'e rivier de Ohio ferstien, oan 'e súdpunt fan wat no de Amerikaanske steat Illinois is. Underweis moetet er de húshâlding fan Zebulon Prescott, dy't mei in passazjiersskip oer it Eriekanaal nei it westen set is en no op in eigenboud flot de Ohio ôfsakket.
Prescott hat twa tsjeppe dochters: Eve en Lilith. Foar Eve is it leafde op it earste gesicht as se Rawlings sjocht, en hy beäntwurdet har gefoelens. Om't er himsels lykwols langer ken as hjoed en juster, en wit dat er har net trou bliuwe sil, beslút er har in protte fertriet te besparjen troch de oare deis daliks fierder te peddeljen en net wer om te sjen. Syn earstfolgjende stop is in isolearre hannelspost yn in grot op 'e igge fan 'e rivier, dy't eksploitearre wurdt troch "kolonel" Jeb Hawkins. Wat Rawlings net wit, is dat Hawkins en syn famylje rivierrôvers binne, dy't it op syn pelzen foarsjoen hawwe.
As Dora, de tsjeppe en ferliedlike dochter fan Hawkins, Rawlings meitroaid djipper de grot yn, om in "meunster" te sjen dat se dêr yn in djip gat finzen hâlde, stekt se him yn 'e rêch en jout him in triuw as er himsels oer de râne fan it gat bûcht, sadat er deryn falt. It wetter yn it gat stiet lykwols yn ferbining mei de rivier, en mei't it mês ôfskampt is op syn ribben, is Rawlings net slim ferwûne rekke. Hy wit de rivier te berikken en folget de Hawkins-clan, dy't oppakt hat en streamôf sylt op 'e sneup nei nije slachtoffers. As se it selskip fan 'e Prescotts oerfalle, komt Rawlings harren oer it mad, en mei help fan 'e Prescotts wit er de rôvers oermânsk te wurden en te deadzjen.
Neitiid giet Zebulon Prescott foar yn gebed en jout dêrby oan God te kennen dat se in stikmannich kweadoggers yn Syn rjochting stjoerd hawwe. Hy jout de sielen fan 'e rôvers oer yn 'e hannen fan God "as Jo se no hawwe wolle of net." Eve hopet dat de weromkear fan Rawlings betsjut dat er fan gedachten feroare is, mar dat is net sa. Wylst hy syn troch Hawkins-en-dy fernielde kano reparearret en risselwearret om nei Pittsburgh, sette de Prescotts fierder de rivier del. Dêrby kieze se lykwols de ferkearde foarke as de rivier him opspjalt, en harren flot fergiet yn 'e streamfersnellings.
As Rawlings dat heart fan in passearjende pelsjager, bejout er him mei tûzen hasten nei it stee fan it ûngemak. Dêr docht bliken dat Zebulon Prescott en syn frou Rebecca omkommen binne, mar Eve en Lilith hawwe it oerlibbe. No't er har hast foargoed kwytrekke wie, kriget Rawlings de djipte fan syn gefoelens foar Eve foar it ferstân, dat hy jout einlings en te'n lêsten ta en freget har om mei him te trouwen. Se jout tawurd, op betingst dat se harren nei wenjen sette sille by it grêf fan har âlden, mei't dy nei it westen reizgen op 'e siik nei in wenstee en God blykber dit plak foar harren útornearre hat.
The Plains (1851) Eve har jongere suster Lilith woe nea nei it Westen ta, mei't it altyd har dream wie om mei in rike man te trouwen. Tolve jier nei de foarfallen yn The Rivers is se nei in weromreis nei it Easten en ferskate omdoarmings yn St. Louis bedarre, dêr't se as sjongster en dûnseresse optredens fersoarget yn in drokbesochte muzykhal. Dêr lûkt se de oandacht fan gokker Cleve Van Valen. Nei't dyselde in petear ôfharke hat wêryn't Lilith te hearren kriget dat se fan in rike bewûnderder in goudmyn yn Kalifornje urven hat, beslút er dat sy de oplossing is foar al syn gokskulden. Lilith set yn in karafaan kapweinen tegearre mei Agatha Clegg, in oare frou allinne, ôf nei it de westkust, dêr't op dat stuit de Kalifornyske Goudkoarts yn folle gong is.
Van Valen jout him by deselde karafaan, yn it folle fertrouwen dat er Lilith ûnderweis wol foar him winne kin. De 'weinmaster' (lieder en gids fan 'e karafaan) Roger Morgan hat ek in eachje op Lilith, mar se wiist beide mannen ôf. Foar Morgan fielt se hielendal neat en de sjarmante Van Valen mei dan oantreklik wêze, it is dúdlik dat er ek in ponglúzjende liddichgonger is. As de karafaan oanfallen wurdt troch de Sjajinnen, springt Van Valen út 'e kapwein fan Lilith en Agatha om in fallen man te rêden. It liket der earst op dat Van Valen omkommen is, en dan pas beseft Agatha dat se ûnderwilens fereale op him rekke is. As er dy nachts mei de ferwûne man dochs de karafaan wer byhellet, is se o sa bliid him wer te sjen.
Tegearre reizgje se fierder nei Kalifornje, dêr't de goudmyn dy't Lilith urven hie, lykwols allang útput blykt te wêzen. Neitiid ferlit Van Valen har, mei't it him derom te dwaan wie mei in rike frou te trouwen. En hoe kin Lilith, dy't altyd in rike man trouwe wollen hat, him dat kwea-ôf nimme? Hja begjint sadwaande wer optredens as sjongster en dûnseresse te fersoargjen, earst mei in kapwein as poadium, mar neigeraden dat se súksesfoller wurdt yn almar deftiger gelegenheden. Morgan spoart har op en freget har om mei him te trouwen, mar Lilith stegeret him ôf. Ferskate jierren letter, as se op in rêdboat yn Sacramento wurket, heart Van Valen, dy't op deselde boat oan it pokerspyljen is, har stim. Hy hat har bot mist en smyt in winnende hân fuort wylst er him nei har ta hastiget om har fuortendaliks in houliksoansiik te dwaan. Se seit ja en tegearre sette se har nei wenjen yn it fluch oanwaaksende San Francisco, dêr't Van Valen in spoarweimaatskippij oprjochtet en ryk wurdt.
The Civil War (1861-1865) As tsien jier letter, yn 1861, de Amerikaanske Boargeroarloch útbrekt, jout Linus Rawlings, dy't no op jierren begjint te reitsjen, him as kaptein fan in regimint út Ohio by it Leger fan 'e Uny, om it op te nimmen tsjin 'e Súdlike Konfederaasje. In pear moanne letter nimt syn âldste soan Zeb tsjin 'e winsken fan syn mem Eve yn ek tsjinst. Zeb, dy't neat mei buorkjen ophat, siket nei in manear om te ûntkommen oan in bestean dêr't er fan wearzet. Ek mient er dat er op it slachfjild gloarje fine sil. Syn rekruteur, korporaal Peterson, bewissiget him derfan dat de oarloch mei gauwens oer wêze sil.
It docht lykwols bliken dat Peterson dêr mis mei wie, en gloarje is ek fier te sykjen yn 'e ferskrikkings fan 'e oarloch. De bloedige Slach by Shiloh, oan it Westlik Front yn Tennessee, makket Zeb op ûnmeilydsume wize dúdlik dat er better thúsbliuwe kinnen hie. Syn heit Linus sneuvelet yn dy fjildslach, al wit Zeb dat dan noch net. De jûns nei de slach moetet er in Súdlike soldaat dy't krekt like desyllúzjonearre is oer de gong fan saken yn 'e oarloch as hysels. De man stelt him foar om tegearre te desertearjen en út te naaien nei it Wylde Westen.
Fuort by it plak dêr't Zeb en de Súdlike soldaat har beskûlhâlde tusken it reid oan 'e igge fan in beekje, komme tafalligerwize de Noardlike generaals Ulysses S. Grant en William T. Sherman del om 'e slach te evaluëarjen. De beide oankommende deserteurs harkje harren petear ôf. As de Súdlike soldaat foar it ferstân kriget wa't de mannen binne, beseft er dat dit syn kâns is om 'e Konfederaasje fan twa fan syn gefaarlikste fijannen ôf te helpen. Hy lûkt dêrom syn pistoal om Grant en Sherman dea te sjitten, mar Zeb hâldt him tsjin troch him dea te stekken mei de bajonet fan syn stikkenrekke gewear. Dêrmei rêdt er it libben fan 'e beide generaals en fynt er by fersin de gloarje dy't er socht. Neitiid jout er him wer by it Leger fan 'e Uny.
Nei't de Boargeroarloch yn it foarjier fan 1865 einige is, keart Zeb Rawlings mei de rang fan luitenant werom nei hûs, dêr't er ûntdekt dat syn mem ûnderwilens ferstoarn is. Eve hie nammentlik de wil om te libjen ferlern nei't it berjocht kaam dat Linus sneuvele wie. Zeb, dy't noch altyd gjin boer wurde wol, jout syn diel fan it boerespultsje oan syn jongere broer, dy't it de hiele oarloch troch al bebuorke hat. Dêrnei set er fuortendaliks ôf nei it Westen.
The Railroad (1868) Trije jier nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch wurdt der troch twa rivalisearjende spoarweimaatskippijen bodde oan it Earste Transkontinintale Spoar: de Union Pacific Railroad skrept út Omaha (Nebraska) wei nei it westen ta, wylst de Central Pacific Railroad harren út San Francisco wei nei it easten yn 'e mjitte komt. Zeb Rawlings, dy't no as ofsier by de Amerikaanske kavalery op 'e Grutte Flakten tsjinnet, besiket de frede te bewarjen tusken de Arapaho en de maatskippij dy't it spoar dwers troch harren lân hinne oanleit.
Dat wurdt him lykwols net maklik makke troch Mike King, dy't de lieding hat oer de oanlis fan 'e Union Railroad. Dyselde grypt alles oan om it spoar sa fluch en effisjint mooglik te bewurkmasterjen, en dêrfoar moat alles wike. As er op eigen manneboet beslút in ein ôf te snijen troch de jachtgrûnen fan 'e Arapaho, wat tsjin it ôfsletten ferdrach yngiet, besiket Zeb it spul mei de Yndianen te behimmeljen. Dêrby kriget er help fan 'e âlde bizonjager Jethro Stuart, dy't noch befreone west hat mei syn heit foar't dy Eve Prescott moete. Hy rêdt it op, mar moat dêrfoar ûnthjitte dat der gjin blanke jagers komme sille om op it wyld fan 'e Arapaho te jeien.
Sokke ôfspraken kinne King lykwols gjin sprút skele, en as de spoarweimaatskippij ferlet hat fan jild om 'e fierdere oanlis fan it Earste Transkontinintale Spoar te beteljen, begjint er kaartsjes te ferkeapjen nei wat no it einpunt fan it spoar is. De jachtgrûnen fan 'e Arapaho wurde dêrtroch oerspield mei blanke jagers, en de Yndianen slane werom troch in grutte keppel Amerikaanske bizons troch it kamp fan 'e spoararbeiders te jeien, dy't dêr alles stikken wâdzje en tsientallen mannen fertraapje dat se it bestjerre. As de Arapaho harren dêrnei ôfjouwe, fielt King him yn syn miening skoarre dat dy 'oarloch' dêr't Zeb him foar warskôge hat, net folle foarstelt. Zeb, dy't him besaud oer safolle ûnnoazelheid, bewissiget King derfan dat dit net de ein is en dat de Yndianen wol weromkomme sille. Hysels hat syn nocht, swaait ôf út it Amerikaanske Leger en tsjocht fierder it Westen yn.
The Outlaws (1889) Goed tweintich jier letter is Lilith yn San Francisco widdo wurden nei it ferstjerren fan Cleve Van Valen. Om har skulden te foldwaan, lit se al har besittings yn 'e stêd ferbuolguodzje. Neitiid reizget se nei Arizona, dêr't se noch in ranch besit. Se nûget har muoikesizzer Zeb en syn húshâlding út om dêr ek te kommen, dat er foarman wurde kin en úteinlik har erfgenamt, mei't se sels gjin bern hat.