thumb|250px|AC/DC yn 2009 AC/DC is in rockband út Austraalje. De fan oarsprong skotske bruorren Malcolm en Angus Young begûnen mei de band yn 1973 in Sydney. harren muzyk wurd gauris omskreaun as hardrock, bluesrock en heavy metal, mar sels neame se it gewoan Rock 'n' Roll.

Skiednis Der wie in grut ferskaat oan besettingswikselingen foar dat it debútalbum “High Voltage”, útkaam yn 1975. De besetting waard stabyl om de Young-bruorren hinne, sjonger Bon Scott, drummer Phill rudd en bassist Mark Evans. Bassist Evans waard yn 1977 ûntslein syn ferfanger is Cliff Williams.

Yn 1980 kaam sjonger Bon Scot ûnferwachts te ferstjerren as gefolch fan alkohol fergiftiging. AC/DC tocht efkes oan stopjen, mar besleaten op syk te gean nei in nije sjonger, dit waard Brian Johnson earder fan Geordie. Letter dat jier namen se harren sânde studio-album “Back in Black” op dat wijd wie oan Bon Scott.

Rudd ferliet yn 1983 de band en waard ferfongen troch Simon Wright, dy’t op syn bar yn 1989 ferfongen waard troch Chris Slade. Drummer Phill Rudd kaam yn 1994 wer werom by de band. Mar ferliet de band wer yn 2014 as gefolch fan in tal strafbere feiten, hy krige acht moanne húsarrest. Hy waard ferfongen troch Chris Slade.

Yn april 2014 moast Malcolm Young de band ferlitte as gefolch fan demintens, it lêste optreden mei Malcolm Young wie op 28 juny 2010 yn Bilbao, Spanje hy ferstoar yn 2017 as gefolch fan dizze sykte. Syn ferfanger waard fûn yn omkesizzer Stevie Young. Nei in toernee yn 2016 naam de band in pauze, efkes wie net dúdlik of de band nog aktyf wie as net, mar yn 2020 kaam er mei in nij album “Power Up” in oade oan harren ferstoarne gitarist Malcolm Young.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) High Voltage 17 febrewaris 1975AlbertLove Song (Oh Jene)" / "Baby, Please Don't GoT.N.T.1 desimber 1975High Voltage,It's a Long Way to the Top (If You Wanna Rock 'n' Roll),T.N.T.Dirty Deeds Done Dirt Cheap20 septimber 1976AtlanticJailbreak,Dirty Deeds Done Dirt Cheap,Love at First Feel,Ride OnLet There Be Rock21 maart 1977Dog Eat Dog,Let There Be Rock,Whole Lotta RosiePowerage5 maaie 1978Rock 'n' Roll DamnationHighway to Hell27 july 1979Highway to Hell,Girls Got Rhythm,Touch Too MuchBack in Black25 july 1980You Shook Me All Night Long,Hells Bells,Back in Black,Rock and Roll Ain't Noise PollutionFor Those About to Rock We Salute You23 novimber 1981Let's Get It Up,For Those About to Rock (We Salute You)Flick of the Switch15 augustus 1983Guns for Hire,Flick of the Switch,Nervous ShakedownFly on the Wall28 juny 1985Danger,Sink the Pink,Shake Your FoundationsBlow Up Your Video18 jannewaris 1988Heatseeker,That's the Way I Wanna Rock 'n' RollThe Razors Edge21 septimber 1990Thunderstruck,Moneytalks,Are You ReadyBallbreaker22 septimber 1995East WestHard as a Rock,Hail Caesar,Cover You in OilStiff Upper Lip28 febrewaris 2000Stiff Upper Lip,Safe in New York City,Satellite BluesBlack Ice20 oktober 2008ColumbiaRock 'n' Roll Train,Big Jack,Anything Goes,Money MadeRock or Bust28 novimber 2014Play Ball,Rock or Bust,Rock the Blues AwayPower Up13 novimber 2020Shot in the Dark,Realize,Demon Fire,Witch's Spell,Through the Mists of Time

Live-albums Album Utbrocht op Label If You Want Blood You've Got It13 oktober 1978AtlanticAC/DC Live27 oktober 1992AtcoLive at River Plate20 novimber 2012Columbia

Kategory:Australyske hardrockband Kategory:Australyske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1973