Gorefest is in earder Nederlânske deathmetalband. Gorefest waard yn 1989 oprjochte yn de Nederlânske provinsje Seelân.
Yn 1991 brochten hja har earste album "Mindloss" út. Net lang nei it útkommen fan it debútalbum ferliet gitarist Alex van Schaik de band; hy waard ferfongen troch Boudewijn Bonebakker. Net sa gelokkich mei harren label Foundation 2000 tekene Gorefest yn 1992 in kontrakt mei Nuclear Blast. Mar foardat se mei it album begûnen stapte drummer Hoogendoorn út de band fanwegen ynsidinten wilens de Mindloss-tour syn ferfanger wie Ed Warby earder fan Elegy twa wiken letter starten de opnames fan it album, "False" dat yn 1992 útbrocht waard. Fanôf 1996 feroaren se har muzykstyl mear nei rock en popmuzyk. De dêr op folgjende albums waarden striemin ferkocht. Gorefest naam yn 1998 dan ek mar it beslút der mei op te hâlden. Yn 2004 giene se wer los mei de band en wer werom by de basis deathmetal, dizze comeback duorre fiif jier doe stopten hja definityf.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Mindloss3 juny 1991Foundation 2000False15 oktober 1992Nuclear BlastEraseJuly 1994Soul Survivor19 april 1996FreedomChapter 1323 febrewaris 1998La Muerte30 augustus 2005Rise to Ruin3 augustus 2007
Live-albums Album Utbrocht op Label Live Misery3 jannewaris 1992CenotaphThe Eindhoven Insanity11 augustus 1993Nuclear Blast
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opTo Hell and Back –A Goreography2004The Ultimate Collection18 july 2005The Demosseptimber 2012
Kategory:Nederlânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1989 Kategory:Band opheft yn 1998 Kategory:Band oprjochte yn 2004 Kategory:Band opheft yn 2009