In testamint is in persoanlik, net iepenbier dokumint wêryn't immen skriftlik fêstleit, of troch in notaris fêstlizze lit, wat der by syn of har dea mei syn of har neilittenskip barre moat yn ôfwiking fan 'e algemiene wetlike bepalings. Neffens kêst 4:42 fan it Boargerlik Wetboek treedt sa'n testamint pas yn wurking nei it ferstjerren fan 'e oanbelangjende persoan en mei it inkeld dan iepenbier makke wurde oan 'e belanghawwenden. In testamint kin sels skreaun wurde as in ûnderhânske akte dy't yn it bewar jûn wurde moat by in notaris, mar ornaris wurdt sa'n uterste wilsferklearring troch de notaris fêstlein yn in notariële akte. Etymologysk komt it wurd "testamint" fan it Latynske testamentum, mei deselde betsjutting, dat ôflaat is fan testari, dat "tsjûge wêze" betsjut. Immen dy't in testamint skriuwt of opstelle lit, is de testateur. As men yn in testamint wat neilit oan immen, sprekt men yn it Frysk faak fan "testamintsje oan".
Erfrjocht Yn Nederlân jildt in algemiene wetlike regeling foar erfopfolging yn gefal fan ferstjerren. Dêryn is fêstlein wa't de erfgenamten binne as troch de erflitter neat regele is. Dat binne ntl. de houlikspartner en de offisjele bern út in houlik. De wet bepaalt dat goede freonen of net biologysk besibbe en net formeel adoptearre bern út in gearstald gesin gjin erfgenamten binne. De wet seit fierders net wat der barre moat mei it ûnderskate replik guod en ûnreplik goed, de tegoeden, skulden of bisten fan 'e erflitter of hokfoar regeling oft der troffen wurde moat as de iennichste wetlike erfgenamten minderjierrigen binne.
Mei in testamint kin binnen it ramt fan 'e wet ôfwykt wurde fan 'e algemiene regels nei de persoanlike wil fan dejinge dy't it testamint opstelt of opstelle lit, de testateur. Beskate besittings kinne bgl. oan ien persoan fermakke wurde, freonen en net-biologyske famyljeleden kinne as erfgenamt oanwiisd wurde, yn it gefal fan in skieding kin de eardere oarehelte fan erving útsletten wurde en jongere erfgenamten, lykas bernsbern, of goede doelen kinne ûnderstipe wurde mei in legaat. Fierders is it ek mooglik en stel in testamintêr bewâld yn, bgl. ta beskerming fan minderjierrige erfgenamten. Teffens kin der in eksekuteur (foarhinne in eksekuteur-testamintêr) beneamd wurde dy't nei it ferstjerren fan 'e testateur de erfgenamten it regelwurk út 'e hannen nimt.
It meitsjen fan in testamint is in iensidige rjochtshanneling, dy't inkeld de testateur persoanlik útfiere kin. Hy of sy mei dêrby troch nimmen oars ferfongen wurde, ek net troch in oarehelte, bern, fertrouwenspersoan of belestingadviseur. It is wol mooglik om eigenhandich in testamint te skriuwen sûnder dat formeel troch in notaris yn in notariële akte fêstlizze te litten, mar om soks rjochtsjildich te meitsjen, moat it likegoed troch de testateur sels by in notaris yn bewar jûn wurde. As immen, bgl. troch demintens, net mear by steat is om sels in testamint op te stellen of troch de notaris opstelle te litten, is it fêstlizzen fan in testamint ûnmooglik wurden en sil de neitlittenskip beävensearre wurde moatte neffens de algemiene wetlike regels.
Uterste wil De Nederlânske wet sprekt net fan "testamint", mar fan "uterste wil(sbeskikking)" (kêst 4:1 Boargerlik Wetboek). It wurd "testamint" komt yn 'e wet wol foar yn 'e oantsjuttings testamintêre lêst, testamintêr bewâld en testaminteregister. De "uterste wil" ferwiist nei in (ornaris notariële) akte, wylst de term "uterste wilsbeskikking" brûkt wurdt foar de ynhâld fan dy uterste wil. De wet sommet fiif soarten uterste wilsbeskikkings op: erfstelling of ûnterving legaat testamintêre lêst eksekuteel bewâld testamintêr bewâld
Kodisil In kodisil is in soarte fan bykommend testamint, dêr't minder strange regels foar jilde. Beskate foarmen fan replik guod kinne bûten de notaris om neilitten wurde fia in hânskreaun, datearre en ûndertekene kodisil. Dat jildt inkeld foar klean en oar liiftabehear, lytse sieraden, boeken en oare lytse, ta de ynboel hearrende saken. Ek kin yn in kodisil fêstlein wurde hoe't de begraffenis of kremaasje plakfine moat. Foár 1 jannewaris 2003 koe fierders in eksekuteur (doe noch oantsjut as eksekuteur-testamintêr) by kodisil beneamd wurde. Dat is sûnt net mear mooglik, mar moat plakfine yn in testamint.
Testearfrijheid Eltsenien fan sechstjin jier en âlder dy't wilsbekwaam is, hat de frijheid om nei eigen ynsjoch en winsken in testamint op te stellen. Soks hjit yn 'e wet 'testearfrijheid'. Dy frijheid wurdt inkeld beheind troch de bepalings fan twingend rjocht op it mêd fan erfrjocht en mei de algemien jildende noarmen en wearden (goede zeden). Der mei troch nimmen ynfloed of twang op 'e testateur útoefene wurde by it opmeitsjen fan syn of har testamint (kêst 4:4 lid 1 Boargerlik Wetboek). As troch in notaris ûnfoldwaande soarchfâldich fêststeld is dat by it foarmjen fan 'e uterste wil gjin sprake wie fan beynfloeding, kin it testamint nei it ferstjerren fan 'e testateur troch in erfgenamt of oare legitimaris oantaast (d.w.s. oanfochten) wurde, mei as mooglik gefolch dat it bûten wurking steld wurdt. Dat slút bgl. út dat in testamint fia in onlinetsjinst ta stân komme kin, wêrby't de notaris de akte troch de testateur op ôfstân ûndertekenje lit: sa'n testamint soe nammentlik wetlik sjoen fan nul en gjinderlei wearde wêze om't sa net fêststeld wurde kin oft der ynfloed of twang útoefene is op 'e testateur.
Geheimhâldingsplicht en iepenbiermakking In testateur hat it rjocht om 'e ynhâld fan syn of har testamint geheim te hâlden, en dêrta hawwe notarissen datoangeande in geheimhâldingsplicht. As der ek oare adviseurs by de tastânkomming fan in testamint belutsen west hawwe, is de geheimhâlding faak net garandearre, om't net eltsenien sa'n wetlike of beropsmjittige geheimhâldingsplicht hat. Nei it ferstjerren fan 'e testateur hawwe de belanghawwenden (d.w.s. de djipdrôven) rjocht op ynsjoch yn it testamint, werby't net-erfgenamten inkeld dat diel lêze meie dat op harren betrekking hat. In testateur kin fierders bepale dat it testamint pas nei syn of har útfeart oan 'e belanghawwenden iepenbier makke wurde sil. Eltsenien dy't fynt dat hy of sy belanghawwende is, kin by in notaris of by it Sintraal Testaminteregister neifraach dwaan oer it bestean fan in testamint, mar de ynhâld kin inkeld troch in notaris ta beskikking steld wurde nei't dyselde formeel in stikmannich saken oangeande de belanghawwende kontroleearre hat.
Makking In makking is in erfstelling of in legaat. Op beide kin in testamintêre lêst rêste.
Erfstelling De erfstelling wurdt foarme troch de bepalings yn in testamint, wêrby't oan ien of meer natuerlike persoanen of rjochtspersoanen de neilittenskip of in diel dêrfan fermakke wurdt (kêst 4:115 Boargerlik Wetboek). Dêrby wurde de dielen of fraksjes fermelden (bgl. in sechsde part, trije sechsde part en twa sechsde part) dy't mei-inoar ien (de hiele neilittenskip) foarmje, of der wurdt fermeld "foar gelikense dielen", wat betsjut dat alle erfgenamten in like grut part krije.
Unterving As oan immen net datjinge fermakke wurdt, dêr't hy of sy rjocht op hawwe soe neffens de algemiene wetlike regels, sa bedoeld dat dyjinge fan erving útsletten wurdt, sprekt men fan ûnterving. Eventuele bern fan 'e ûnterfde persoan kinne dan yn syn of har plak ervje troch plakferfolling, of it moat wêze dat sy ek ûnterve binne. Yn dat lêste gefal sprekt men fan ûnterving sûnder plakferfolling. Dus as B, C en D neffens de wetlike regels de erfgenamten binne fan A, soene se ûnder dy regels elts in trêde part fan 'e neilittenskip ervje. As D ûnterve wurdt, mar twa bern hat dy't E en F hjitte, krije B en C noch altyd in trêde part, wylst E en F beide in sechsde part krije: de helte fan it trêdepart fan D. As der lykwols sprake is fan ûnterving sûnder plakferfolling, krije D, E en F neat, wylst B en C elts de helte krije.
Legitime poarsje De erflitter kin in bern fan him of har eksplisyt of ymplisyt ûntervje. As in bern dêr gjin genoegen mei nimt, kin it in berop dwaan op 'e ligitime poarsje. Dêrmei wurdt oanspraak makke op 'e helte fan it oandiel yn 'e neilittenskip as de algemiene wetlike regels gouwen hiene (kêst 4:63 en 4:64 lid 1 Boargerlik Wetboek).
Legaat In legaat is in skinking of oare jefte dy't by it ferstjerren fan 'e erflitter troch de erfgenamten oan 'e legataris (ûntfanger) útkeard wurdt. Dêrby kin it om jild gean, mar ek om replik guod of ûnreplik goed. It legaat kin oan ien of mear natuerlike persoanen of rjochtspersoanen jûn wurde. As it om rjochtspersoanen giet, is der ornaris sprake fan in goed doel. De legataris kriget in foarderingsrjocht op 'e neilittenskip. In legaat hoecht lykwols troch de legataris net akseptearre te wurden en kin hielendal of foar in part ferwurpen wurde.
Testamintêre lêst By testamint kin in testamintêre lêst oplein wurde. Dat is in ferplichting foar ien of mear erfgenamten, legatarissen of de eksekuteur (kêst 4:130 lid 1 Boargerlik Wetboek). Sa'n lêst kin yn it belang wêze fan 'e testateur sels, fan 'e erfgenamt of ien fan 'e erfgenamten, of fan in trêde partij. It ferskil tusken in lêst en in legaat is dat in legataris foarderingsrjocht hat en in lêstbefoardielde net (kêst 4:117 lid 1 Boargerlik Wetboek). As de ferplichting net neikommen wurdt, kin it erfdiel of legaat fan 'e fersaker op fersyk fan 'e belanghawwenden komme te ferfallen.
Testamintêr bewâld By testamint kin in bewâld oer in erfdiel of legaat yn 'e neilittenskip ynsteld wurde foar it gefal dat in erfgenamt net by steat is om it fermogen op in ferantwurde manear te behearen. Dêrby giet it bgl. om minderjierrige erfgenamten en om mearderjierrige erfgenamten dy't jonger as 23 jier binne of dy't bgl. alkoholist of drugsferslaafd binne of in geastlike beheining hawwe. Testamintêr bewâld ferskilt fan kuratêle trochdat dêrby de persoan sels ûnder bewâld steld wurdt, wylst by testamintêr bewâld it fermogen ûnder bewâld steld wurdt. De bewâldfierder, oftewol de behearder fan it fermogen, kin by testamint beneamd wurde, mar ek troch de kantonrjochter oansteld wurde (kêst 4:157-181 Boargerlik Wetboek). Testamintêr bewâld is net itselde as âlderlik bewâld (d.w.s. fâdij), mar kin dêrmei wol gearfalle, bgl. as it erfdiel fan in minderjierrige erfgenamt beheart wurdt troch in âlder dy't sels gjin wetlike erfgenamt is.
Eksekuteur Foar de praktyske útfiering en ôfhanneling fan in neilittenskip kin by testamint in persoan oanwiisd wurde as eksekuteur (foarhinne: eksekuteur-testamintêr), dy't neffens de winsken fan 'e testateur wurket en ek syn foech fan 'e testateur ûntfangt binnen it dêrfoar wetlik bepaalde ramt. In eksekuteur makket de neilittenskip ree foar ferdieling oer de erfgenamten en draacht de hiele brot dan oan harren oer, wêrnei't de erfgenamten sels foar de eigentlike ferdieling soargje moatte. Foar de manear dêr't de eksekuteur op te wurk gean moat, hearre rjochtlinen meijûn te wurden. Der kinne ek ferskate eksekuteurs beneamd wurde mei dieltaken, lykas it beävensearjen fan 'e útfeart of de ferkeap fan in fakânsjehûs yn it bûtenlân. As it foech fan 'e eksekuteur yn in testamint net neier omskreaun wurdt, dan jilde dêrfoar de algemiene wetlike regels.
Ofwikkelingsbewâld Gebrûk meitsjend fan in juridyske mooglikheid bûten it eigentlike erfrjocht om, kin by yngewikkelde neilittenskippen mei in protte erfgenamten by testamint in saneamd ôfwikkelingsbewâld ynsteld wurde foar in neier te bepalen perioade. Dêrtroch lit men in ûnôfhinklike, saakkundige persoan de neilittenskip ôfhannelje yn it belang fan alle belutsenen. De ôfwikkelingsbewâldfierder hat in mei de eksekuteur ferlykbere rol, mar kin folle fierder geand foech krije, bgl. om sûnder meiwurking fan 'e erfgenamten oer replik guod en ûnreplik goed út 'e neilittenskip te beskikken (d.w.s. it te ferkeapjen), of eigenhandich de neilittenskip te ferdielen. In ôfwikkelingsbewâldfierder heart dêrom in yngeande kennis te hawwen fan sawol erfrjocht as ûndernimmingsrjocht.
Skulden