Bad Arolsen (oant 1997 Arolsen) is in stêd yn 'e Noardhessyske lânkring Waldeck-Frankenberg, Dútslân. Yn in soad fan 'e doarpen, dy't yn 1974 by de gemeente Arolsen yndield waarden, wurdt noch it útstjerrende Nederdútske "Waldecker Platt" praat.

Skiednis De namme Arolsen waard foar it earst yn 1131 mei de stifting fan it Augustinessen-stift Aroldessen neamd.

By de ynfiering fan 'e reformaasje yn 1526 waard it kleaster sletten en ferboud ta de residinsje fan 'e greven fan Waldeck. It hjoeddeiske Slot Arolsen waard op it plak fan it âlde slot yn it begjin fan 'e 18e iuw boud.

Op 2 augustus 1858 waard op it slot fan Arolsen Emma fan Waldeck-Pyrmont berne. Emma boaske letter yn 'e slottsjerke fan Arolsen mei kening Willem III en wie nei syn dea keninginne-regintesse fan it Nederlân.

Yn 1918 waard de lêste foarst fan Waldeck-Pyrmont Friedrich (1865–1946) op 13 novimber 1918 troch in delegaasje fan in arbeiders- en soldateried út Kassel ôfset. It eardere foarstedom Waldeck-Pyrmont waard in frijsteat yn 'e Weimarrepublyk.

Stedsyndieling Yn it ramt fan 'e weryndielings yn Hessen waarden yn 1974 meiïnoar tolve eardere selsstannige plakken yndield by Arolsen. Sûnt bestiet de gemeente út de folgjende stedsdielen:

Bad Arolsen Braunsen Bühle Helsen Kohlgrund (mei Eilhausen) Landau Massenhausen Mengeringhausen Neu-Berich Schmillinghausen Volkhardinghausen Wetterburg

It besjen wurdich In diel fan 'e stêd waard yn 'e barokke tiid op 'e nij yn skaakboerdpatroan oanlein. Jildkrapte soarge der foar dat it oarspronklike plan nea hielendal útfierd waard.

Slot Arolsen; Protestantske "Stadtkirche"; Nije Slot.

Musea It Museum Bad Arolsen is ferdield oer fiif oer de stêd fersprate gebouwen.

Musea yn oare stedsdielen fan de gemeente: Mengeringhausen: Heimatmuseum Helsen: Heimatstube Massenhausen: Waldecker Spielzeugmuseum in Schmillinghausen: Museum für Frühlings- und Osterbräuche

Stedsbyld

Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Gemeente yn Hessen