Bökkers is in yn 2010 troch sjonger en gitarist Hendrik Jan Bökkers oprjochte rockband út it Oeriselske Sallân.
Skiednis De band is yn 2010 begûn as tributeband fan de Achterhoekse band Normaal ûnder de namme "Bökkers Dut Normaal". De band is yn de rin fan de jierren útgroeid nei in folweardige rockband mei in eigen repertoire skreaun yn it Sallânsk in dialekt fan it Nedersaksysk en hjit no "Bökkers".
Bökkers wurdt gauris sjoen as de nije Normaal. Der binne oerienkomsten in de muzykale styl en yn it brûken fan it Nedersaksysk, mar Hendrik Jan Bökkers hat him útsprutsen tsjin it stimpel 'boerenrock' foar syn band.
Yn 2020 naam de band 't beslút om útinoar te gean. De bandleden hiene ferskillende ideeën oer de muzykstyl. In ôfskiedstoernee waard pland, mar koe ta gefolch fan COVID-19 net troch gean. Undertusken hat oprjochter Hendrik Jan Bökkers oankondigd dat Bökkers dochs bliuwt bestean, mar hy moast no wol op 'e siik nei nije bandleden.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Bökkers augustus 2011SuburbanMorattamottamottamaaie 2013GoomahHummejuny 2014Blixer elixermaaie 2015Schorem uut de schiettentenovimber 2017Leaven In De Brouweri-je22 maart 2019Duutse Grens,Leaven In De Brouweri-je,Kold Bloed
Live-albums Album Utbrocht op Label Live en knetterhardjuny 2016Goomah
Kategory:Nederlânske rockband Kategory:Band oprjochte yn 2010 Kategory:Sallân