Goldfinger is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1964 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Honor Blackman as de Bond girl Pussy Galore. De titel ferwiist nei de megalomane smjunt Auric Goldfinger (spile troch Gert Fröbe), tsjin wa't Bond it diskear opnimme moat. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1959 fan Ian Fleming. It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er it smokkeljen fan goud troch miljonêr en sakeman Auric Goldfinger ûndersiket. Sa komt er úteinlik op it spoar fan in dryst plan om 'e Amerikaanske nasjonale goudfoarrie yn Fort Knox te besmetten mei radio-aktive strieling, wat it goud dat Goldfinger besit op slach tsien kear safolle wurdich meitsje sil.
Goldfinger wie it trêde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op From Russia with Love. It wie de earste James Bond-film wêryn't Bond tarist wurdt mei in Aston Martin DB5, in model auto dat sûnt altyd mei him assosjearre wurdt. Goldfinger krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wie de earste út 'e James Bond-rige dy't in Oscar wûn, yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje. In folgjend diel yn 'e searje, Thunderball, kaam út yn 1965.
Plot Nei't er yn Latynsk-Amearika in drugslaboratoarium opblaasd hat, reizget James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, nei Miami Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Dêr bekomt er wat troch op kosten fan 'e Britske belestingbeteller fakânsje te fieren yn it meast lúksueuze resort-hotel fan dat mondêne baaiplak. Felix Leiter, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, bringt oan Bond de opdracht oer fan M, it haad fan MI6, om ûnderwilens in Auric Goldfinger yn 'e gaten te hâlden, dy't yn itselde hotel ferbliuwt. Goldfinger is in troch goud obsedearre miljonêr en ûndernimmer dy't derfan fertocht wurdt dat er by saken belutsen is dy't it deiljocht net ferdrage kinne.
Bond ûntdekt dat Goldfinger falskspilet by in spultsje gin rummy mei hege ynset mei Simmons, in oare miljonêr, fuort njonken it swimbad efter it hotelgebou. Syn wurknimster Jill Masterson hat nammentlik út Goldfinger syn hotelkeamer wei mei in fierrekiker útsicht op 'e kaarten fan Simmons en fia in radio-ûntfangerke yn Goldfinger syn ear bringt hja him dêrfan oanhâldend op 'e hichte. Bond kringt de hotelkeamer binnen, ûnderbrekt Jill en sjantearret Goldfinger dan mei it drigemint dat er it falskspyljen útbringe sil oan 'e autoriteiten as er by dit potsje net $15.000 ferliest. De sakeman fierder oan syn lot oerlittend, rjochtet Bond syn oandacht op Jill, dy't him wol oantreklik fynt. Se geane mei-inoar op bêd, mar dy jûns, as Bond eefkes nei in loopke nei de kuolkast makket, wurdt er ûnferhoeds bewusteleas slein troch Oddjob, de Noardkoreaanske butler fan Goldfinger. As er letter wer bykomt, ûntdekt er Jill neaken en dea op syn bêd: hja is fan top ta tean beskildere mei goudferve en is beswykt oan hûdferstikking.
Werom yn Londen is it M wol dúdlik dat Bond op wraak tsjin Golfinger sint, mar hy easket profesjonaliteit fan syn geheim agint, en Bond wit him derfan te oertsjûgjen dat er syn persoanlike emoasjes en opfettings fan him ôf sette kin. Sadwaande mei er mei deselde saak fierder. Kolonel Smithers, in funksjonaris fan 'e Bank fan Ingelân, fertelt Bond en M dat Goldfinger bakken mei jild fertsjinnet troch goud dat er yn it Feriene Keninkryk kocht hat, te ferkeapjen yn oare lannen mei in hegere goudpriis. Soks soe ûnmooglik wêze moatte, om't it ferskil yn priis teneate dien heart te wurden troch in útfierheffing. Goldfinger wit dy lykwols te omsilen troch it goud te smokkeljen, mar de Britske autoriteiten kinne der mar net efter komme hoe't er dat docht. Bond syn opdracht is dus simpelwei om dat út te sykjen, sadat Goldfinger oanpakt wurde kin. Foar dizze misje wurdt Bond troch Q, de kertiermaster fan MI6, tarist mei in Aston Martin DB5 mei ferskate technologyske snufkes dy't fan pas komme kinne as er in efterfolger ôfskodzje wol, en teffens mei twa stjoerderkes dy't er brûke kin om syn doelwyt te folgjen fan sa'n grutte ôfstân dat er sels net waarnommen wurde kin.
MI6 beävensearret dat Bond yn in countryklub yn Kent oan Goldfinger foarsteld wurdt, wêrnei't de mannen op 'e byhearrende golfbaan geane te golfen. Goldfinger besiket wer falsk te spyljen, mar Bond lit him deryn rinne troch syn golfbal te ferwikseljen. As Goldfinger de lêste hole wint, beart Bond dat er dan pas sjocht dat de bal dêr't syn tsjinstanner mei spilet eins net de juste is. Dat betsjut dat er neffens de spulregels diskwalifisearre wurdt en dat Bond de winner is. Goldfinger, dy't min tsjin syn ferlies kin, is poer. Hy lit Bond witte dat er wol foar it ferstân hat dat er deselde is dy't him yn Miami Beach dwers sitten hat en warskôget him om him tenei net wer mei syn saken te bemuoien. Om dy wurden krêft by te setten, jout Oddjob in demonstraasje fan syn formidabele krêft en de deadlikens fan 'e hoed dy't er draacht: dy hat in fjoerskerpe, stielene râne, dêr't er, as er der as in frisbee mei smyt, sels in stânbyld mei ûnthalzje kin.
Ear't Goldfinger en Oddjob ôfsette yn Goldfinger syn antike Rolls-Royce Phantom III, stoppet Bond ien fan 'e beide stjoerderkes yn 'e kofferbak. Hy folget Goldfinger nei de lofthaven, dêr't er mei auto en al it fleantúch nimt nei Switserlân. Bond nimt mei syn Aston Martin it folgjende fleantúch. Nei oankomst yn Sjenêve fynt er Goldfinger maklik werom troch it stjoerderke. Bond moetet yn Switserlân Tilly Masterson, de suster fan Jill, dy't it har yn 'e holle helle hat om Goldfinger te fermoardzjen út wraak foar de moard op har suster. Om't se net bepaald in skerpskutter is, sjit se ynstee op in hier nei Bond dea, dy't sadwaande yn 't earstoan ûnder de yndruk ferkeart dat se in hiermoardneresse is dy't troch Goldfinger op him ôf stjoerd is.
By nacht slûpt Bond in fabryk fan Goldfinger binnen, dêr't it optilt fan it Noardkoreaanske personiel. Hy harket in petear ôf fan Goldfinger mei de Sineeske natuerkundige Ling, dêr't er út gewaar wurdt dat de sakeman it smokkele goud yn 'e foarmen fan 'e karossery fan syn Rolls-Royce jitte en dan oerskilderje en oan 'e auto fêstmeitsje lit. De beide mannen hawwe it ek oer "Operaasje Grand Slam", hoewol't it Bond net dúdlik wurdt wat dêrmei bedoeld wurdt. As er feilich it fabrykskompleks ferlit, moetet Bond op 'e nij Tilly, dy't in alaarm ôfgean lit. Wylst se tegearre útnaaie, fertelt Tilly Bond wat se by de ein hat en wurdt it Bond dúdlik dat er har alhiel ferkeard ynskatten hat. Nei in wylde efterfolging komme se fêst te sitten, en as Tilly besiket om geandefoets út te piken, deadet Oddjob har mei syn hoed. Bond besiket noch te ûntkommen, mar wurdt úteinlik oermastere en by Goldfinger brocht.
Dyselde lit Bond mei sprate earms en skonken op in tafel fêstsette. As in yndustriële laser de tafel midstwa baarnt en tusken Bond syn skonken op syn skamstreek ôf giet, folget in wrâldferneamde wurdewikseling, wêrby't Bond freget: "Moat dit my oan it praten krije?", dêr't Goldfinger op antwurdet: "Nee, menear Bond, dit moat jo oan it stjerren krije." Dêrop bluft Bond troch te sizzen dat MI6 alles fan Operaasje Grand Slam ôfwit. Goldfinger leaut him net, mar beslút it wisse foar it ûnwisse te nimmen en Bond foarearst noch yn libben te hâlden om't er him noch nedich hawwe kin.
Pussy Galore, de froulike piloat fan Goldfinger syn privee-fleantúch, fljocht de finzen Bond nei Louisville, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, dêr't Goldfinger in hynstefokkerij besit. Dêr wurdt er yn in tsjerkereftige sel ûnder de grûn fêsholden, mar Bond wit syn wat ûnnoazele sipier te fluch ôf te wêzen en brekt út. Wylst er op 'e siik nei in útgong troch it gebou doarmet, is er tsjûge fan in moeting fan Goldfinger mei de lieders fan 'e Italjaanske maffia yn 'e Feriene Steaten. Dy hawwe Goldfinger de foarrieden levere dêr't er ferlet fan hat foar Operaasje Grand Slam. Hy is nammentlik fan doel om in bankberôving út te fieren op Fort Knox, dêr't de Amerikaanske nasjonale goudfoarrie opslein leit. Mei't dat pal njonken in legerbasis sitewearre is en sadwaande bewekke wurdt troch 46.000 man, beslane de maffiosi it plan fan Goldfinger mei de gek. Goldfinger leit lykwols út dat er fan doel is om troch Pussy Galore en de froulike piloaten dy't sy traind hat, de goudopslach, de basis en it omlizzende gebiet út 'e loft wei besproeie te litten mei it senuwgas Delta-9, dat by ynazeming teminsten in etmiel sliep feroarsaket, mar dat nei in kertier yn 'e bûtenlucht sa fertinne is dat it ûnskeadlik wurden is. Alle militêren op 'e basis sille dus bewusteleas reitsje, mar as se in kertierke wachtsje, kinne de bankberôvers de bûtenlucht gewoan wer ynazemje.
De measte maffiosi hawwe der wol earen nei om harren ynlis fan $1 miljoen te fertsienfâldigjen, en slute har by Goldfinger oan. Ien fan harren lykwols, in Solo, sjocht der neat yn en wol gewoan syn $1 miljoen útbetelle krije. Nei't Goldfinger mei Solo de moeting ferlitten hat, wurdt de keamer lykwols luchtticht ôfsletten, wêrnei't der senuwgas yn pompt wurdt oant de maffiosi fergast binne. Underwilens wurdt Bond op 'e nij finzen nommen troch Pussy Galore, dy't him by Goldfinger bringt. Hy besiket lykwols de CIA te warskôgjen troch it bryfke mei de oantekenings dy't er makke hat fan Goldfinger syn presintaasje oer Operaasje Grand Slam mei it twadde stjoerderke temûk by Solo yn 'e bûse te stopjen. Bond wurdt wer finzen set, diskear mei mear as ien sipier, wylst Solo troch Oddjob sabeare nei de lofthaven riden wurdt. Yn wurklikheid rommet Oddjob de maffialieder út 'e wei en lit dan de auto, mei syn lyk der noch yn, folslein ferwoastgje troch him by in autosloperij yn in autopletter te stopjen.
Leiter en syn partner fan 'e CIA, dy't it stjoerderke folgje, ferlieze op dat punt ynienen it sinjaal. Se begripe net rjocht wat der oan 'e hân is, mar geane derfan út dat Bond alles ûnder kontrôle hat, oars soed er ommers wol leven jaan. Se beslute om werom te kearen nei de hynstefokkerij. As harren oanwêzigens dêr opmurken en oan Goldfinger melden wurdt, lit dy Bond út syn sel helje om op 'e weranda wat mei him te drinken, sadat it fan in ôfstân liket as is alles ynoarder.
Wylst se op 'e weranda sitte, seit Bond dat it senuwgas Delta-9, oars as Goldfinger earder oan 'e maffiosi fertelde, by ynazeming gjin sliep feroarsaket, mar de dea. Goldfinger reägearret ûnferskillich. Hy ornearret dat der likernôch 60.000 minsken omkomme sille by Operaasje Grand Slam. Sa'n selde oantal komt elts jier yn it ferkear om. Bond fertelt oan Goldfinger dat er ûnderwilens ris wat sitten hat te rekkenjen, en dat er ta de konklúzje kommen is dat it ûnmooglik is om it goud fan Fort Knox te stellen. Hy ornearret dat Goldfinger dêr nei it útskeakeljen fan 'e basis likernôch twa oeren foar hawwe soe foar't troepen fan oare bases arrivearje, wylst sechstich man mear as twa dagen oan it ynladen wêze soene as se alle goud stelle woene. Goldfinger befêstiget dat it syn doel net is om it goud te stellen. It docht bliken dat er ynstee fan doel is om 'e hiele goudfoarrie te besmetten mei radio-aktive strieling troch yn Fort Knox in atoombom ôfgean te litten. It opsleine goud soe dêrtroch foar de foarsjenbere takomst weardeleas wurde, wat Goldfinger syn bûnsgenoaten yn Sina en Noard-Koreä yn 'e kaart spylje soe fanwegen de ekonomyske gaos dy't dat yn 'e Westerske wrâld feroarsaakje soe. Goldfinger sels soe der better fan wurde trochdat alle oare goud yn 'e wrâld, wêrûnder syn eigen, op slach wol tsien kear safolle wurdich wurde soe.