Arch Enemy is in Sweedske deathmetalband oprjochte yn 1995.

Skiednis Arch Enemy waard yn 1995 oprjochte troch Michael Amott, earder lid fan Carcass en Johan Liiva earder fan Carnage. Arch Enemy is foaral bekend om de froulike grunts (sangstyl) yn't plak fan de gebrûklike manlike grunts, mar yn de begjin jierren wie it Johan Liiva dy't de sang die. Hja namen trije albums op foardat Angela Gossow de sang yn 2000 oernaam; Wages of Sin wie it earste album mei Gossow. Yn 2014 waard bekend dat Gossow ophâlde moast fanwegen problemen; sy waard ferfongen troch Alissa White-Gluz dy't oerkaam fan de Kandadeeske band The Agonist. Yn novimber 2025 makke de band bekend dat sjongeres Alissa White-Gluz net langer lid fan de band wie. Arch Enemy hat op alle trije de grutte Fryske metalfestivals spiele, Wâldrock 2002, Dokk'em Open Air 2012 en yn 2017 stiene hja op it poadium fan Into the Grave, op it aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Black Earth 12 desimber 1996Wrong AgainBury Me an AngelStigmata5 maaie 1998Century MediaBurning Bridges21 maaie 1999The ImmortalWages of Sin25 april 2001Ravenous,Burning AngelAnthems of Rebellion23 july 2003We Will Rise,Dead Eyes See No FutureDoomsday Machine26 july 2005Nemesis,My Apocalypse,Taking Back My SoulRise of the Tyrant24 septimber 2007Revolution Begins"/"Blood on Your Hands,I Will Live AgainKhaos Legions30 maaie 2011Yesterday Is Dead and Gone,Bloodstained Cross,Under Black Flags We March,Cruelty Without BeautyWar Eternal4 juny 2014War Eternal,As the Pages Burn,You Will Know My Name,No More Regrets,Stolen Life,AvalancheWill to Power8 septimber 2017The World is Yours,The Eagle Flies Alone,The Race,Reason To BelieveDeceivers29 july 2022Deceiver, Deceiver,House of Mirrors,Handshake with Hell,My Shadow and I,Sunset Over The Empire,In the Eye of the Storm

Live-albums Album Utbrocht op Label Burning Japan Live 19995 desimber 2000ImportTyrants of the Rising Sun:Live in Japan26 novimber 2008As the Stages Burn!31 maart 2017Century Media

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe Root of All Evil28 septimber 2009Manifesto of Arch Enemy27 febrewaris 2009Covered in Blood18 jannewaris 2019

Kategory:Sweedske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1995