John Morgan (Pentonville, yn it noarden fan Londen, 1822 - Hastings, 1885) wie in Ingelske suksesfolle sjenreskilder.
Wurkpaad Morgan studearre oan de School of Design yn Londen en ek yn Parys by Thomas Couture (1815–1879). Doe't er yn 1861 yn Aylesbury wenne, waard er bekend mei syn skilderijen The Jury en The Country Auction.
Hy wie lid fan de Society of British Artists (SBA). Syn wurk waard beynfloede troch de skilders Thomas Webster en William Powell Frith. Syn soan Frederick Morgan wie ek in populêre skilder dy't foaral bekend waard mei syn skilderij His Turn Next, dat ferneamd waard troch de reklamekampanje foar Pears Soap.
Hy stoar yn Hastings, East Sussex.
Galery
Keppelings om utens Wurk fan Morgan op artnet Which hand has it? (skilderij, 1865) [http://www.christies.com/LotFinder/lot_details.aspx?intObjectID=5161214 The Lion and the Lamb] (skilderij, 1861)
Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan stoarn yn 1885