Ian Fleming (folút: Ian Lancaster Fleming; Londen, 28 maaie 1908 – Canterbury, 12 augustus 1964) wie in Britsk skriuwer fan benammen skrillerromans en spionaazjefiksje, dy't bekend wurden is as de geastlike heit fan geheim agint James Bond. Hy wurke as sjoernalist, bankier en effektehanneler foar't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch as ofsier tsjinne by de Britske Marine Ynljochtingedifyzje, wêrby't er út 'e earste hân ûnderfining opdie mei spionaazje. Nei ôfrin fan 'e oarloch waard Fleming wer sjoernalist en redakteur. Syn earste roman publisearre er pas yn 1953, doe't er 45 jier wie. Njonken de James Bond-romansearje skreau er ek it bekende berneboek Chitty-Chitty-Bang-Bang en twa non-fiksjewurken. Yn 1964 beswiek er mei 56 jier oan in hertoandwaning.

Libben en karriêre Famylje en komôf Fleming waard yn 1908 berne op 27 Green Street yn 'e Londenske wyk Mayfair, as de soan fan politikus Valentine Fleming, in lid fan it Britske Legerhûs foar Henley fan 1910 oant 1917, en dy syn frou Evelyn "Eve" Rose. De Flemings wiene in rike famylje dy't oarspronklik út Skotlân kaam en dêre ta de Clan Fleming hearde. Ian Fleming wie in pakesizzer fan 'e Skotske finansier Robert Fleming, de oprjochter fan 'e sakebank Robert Fleming & Co. en in mei-oprjochter fan 'e Scottish American Investment Company. Syn heit Valentine, dy't oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch tsjinst naam yn it Britske Leger en opklom ta de rang fan majoar, kaam op 20 maaie 1917 oan it Westfront yn Frankryk te sneuveljen.

Fleming wie de twadde fan fjouwer soannen yn 'e húshâlding fan syn âldelju. Syn âldere broer Peter Fleming (1907-1971) wie in reisferhaleskriuwer dy't troud wie mei de aktrise Celia Johnson en dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch behelle wie yn kommando-operaasjes efter de fijannige linys yn Noarwegen en Grikelân. Fleming syn jongere bruorren wiene Richard (1911-1977) en Michael (1913-1940). Michael Fleming tsjinne oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch by de Britske ynfantery en beswiek oan syn ferwûnings nei't er ûnder de Slach om Frankryk troch de Dútsers kriichsfinzen nommen wie. Fierders hie Fleming ek noch in jongere healsuster, Amaryllis Fleming (1925-1999), dy't in oerwûn bern wie fan syn mem en de keunstner Augustus John, mei wa't syn mem yn 1923 in jierrenlange bûtenechtlike relaasje begûn.

Jonkheid en oplieding Yn 1914 gie Fleming nei de kostskoalle Durnford School op it eilân Purbeck yn it Ingelske greefskip Dorset. Dêr hied der bot te lijen ûnder ferskriklik iten, lichaamlike ûntbearings en narjen troch oare learlingen.

Fan 1921 oant begjin 1927 genoat Fleming fierder ûnderwiis oan it Eton Kolleezje, in bekende kostskoalle foar de Britske riken. Hy blonk dêr net út troch syn learen, mar nammenste mear troch syn prestaasjes op atletysk mêd. Teffens wied er redakteur fan 'e skoalkrante The Wyvern. Tsjin dy tiid hie Fleming in libbensstyl ûntwikkele dy't him allegeduerigen yn oanfarring brocht mei syn hûsmaster, in E.V. Slater. Dyselde hie krityk op Fleming syn gebrûk fan hierfet, syn besit fan in auto, syn omslaan mei froulju en syn hâlden en dragen yn it algemien. Hy beprate Fleming syn mem om Fleming in jier earder as wenst wie fan Eton te heljen om him ynstee nei it Keninklik Militêr Kolleezje, Sandhurst te stjoeren, de Britske militêre akademy. Dêre bleau er minder as in jier; ein 1927 moast er it ynstitút ferlitte sûnder in ofsierspost bemachtige te hawwen, om't er oanhelle rekke wie mei de geslachtssykte gonorroe.

Fuort dêrnei waard Fleming troch syn mem nei de Tennerhof stjoerd, in lytse kostskoalle yn it Eastenrykske Kitzbühel, dêr't er taret wurde moast op in baan by it Britsk Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Oan it haad fan dy skoalle stiene in eardere Britske spion, Ernan Forbes Dennis, en dy syn frou Phyllis Bottome, in romanskriuwster. Nei't Fleming oan 'e Tennerhof syn feardichheid yn frjemde talen oppoetst hie, studearre er koart oan 'e Loadewyk Maksimiliaan Universiteit München yn Dútslân en de Universiteit fan Sjenêve yn Switserlân. Yn Sjenêve begûn er in romantyske relaasje mei in Monique Panchaud de Bottens, mei wa't er him ferloofde krekt foar't er yn septimber 1931 nei Londen weromkearde om talittingseksamen te dwaan foar it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Dêrby behelle Fleming ridlike sifers, mar it slagge him net om in baan yn 'e wacht te slepen.

Sjoernalist, bankier, effektehanneler Troch yngripen fan syn mem, dy't foar him lobbyde by sir Roderick Jones, de algemien direkteur fan it parseburo Reuters, krige Fleming dêr yn oktober 1931 in baan as sjoernalist en redakteur. Yn dy hoedanichheid brocht er yn april 1933 tiid troch yn Moskou, de haadstêd fan 'e Sovjet-Uny, dêr't er ferslach die fan it stalinistyske showproses fan seis yngenieurs fan it Britske bedriuw Metropolitan-Vickers. Op 'e dolle rûs tsjinne er in oanfraach yn foar in fraachpetear mei Josef Stalin sels, en ta syn ferbjustering ûntfong er in troch Stalin persoanlik ûndertekene brief werom, wêryn't dyselde syn ûntskuldigings oanbea om't er him soks net oan tiid die. Nei syn weromkear út Moskou beëinige Fleming syn ferloving ûnder druk fan syn mem, dy't drige om 'e útkearing fan bûsjild út syn beheard fermogen ôf te snijen.

Yn oktober 1933 bûgde Fleming fannijs foar druk fan syn mem en oare famyljeleden, dy't woene dat der de bankêre sektor yn gie. Hy fûn wurk as bankier by de sakebank Cull & Co., en yn 1935 kaam er by Rowe & Pitman te wurkjen as effektehanneler. Yn gjinien fan beide funksjes wied er botte súksesfol. Begjin 1939 begûn er in bûtenechtlike affêre mei Ann Charteris O'Neill, de frou fan baron Shane O'Neill. Op dat stuit ûnderhold hja ek in bûtenechtlike relaasje mei Esmond Harmsworth, de eigner fan 'e krante The Daily Mail.

Twadde Wrâldoarloch Yn maaie 1939 waard Fleming rekrutearre troch skout-by-nacht John Henry Godfrey, de direkteur fan 'e Marine Ynljochtingedifyzje fan 'e Britske Keninklike Marine. Yn augustus 1939 gied er dêr foltiids oan it wurk as Godfrey syn persoanlike assistint, hoewol't Fleming syn biograaf Andrew Lycett opmurk dat er dêr "gjin dúdlike kwalifikaasjes" foar hie. As ûnderdiel fan syn oanstelling waard oan Fleming yn july 1939 de rang fan luitenant-op-see twadde klasse takend, wêrnei't er in pear moannen letter befoardere waard ta luitenant-op-see earste klasse.

Fleming, dy't in kundich bestjoerder wie en goed mei minsken omgean koe, wie yn syn nije posysje fan ûnskatbere wearde foar Godfrey. De skout-by-nacht stie bekend om syn ûnhandige hâlden en dragen en syn prikkelbere karakter, dêr't er yn regearingsfermiddens fijannen mei makke. Hy brûkt Fleming dêrom geregeldwei as tuskenpersoan mei it regear en mei oare seksjes fan 'e marine. Dêrnjonken liet Godfrey oan it begjin fan 'e oarloch by de marine ferskate memo's sirkulearje mei suggestjes foar anty-Dútske spionaazje-operaasjes, wêrfan't histoarisy oertsjûge binne dat se eins út 'e koker fan Fleming kamen. Sa wie ien fan 'e suggestjes út it saneamde Trout Memo fan 29 septimber 1939 om misliedende dokuminten te plantsjen op in lyk klaaid as in Britsk ofsier, en dat lyk earne efter te litten dêr't de Dútsers it fine soene. Dat is winliken wat yn 1943 by Operaasje Mincemeat dien waard om 'e Dútsers op 'e ferkearde skonk te setten foarôfgeande oan 'e Alliëarde ynvaazje fan Itaalje út Noard-Afrika wei.

Fleming wurke ek gear mei kolonel "Wild Bill" Donovan, de spesjale gesant fan 'e Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt yn it Feriene Keninkryk op it mêd fan mienskiplike spionaazje-aktiviteiten. Yn maaie 1941 reizge er mei Donovan ôf nei de Feriene Steaten, dêr't er holp by it oprjochtsjen fan it Office of the Coordinator of Information, dat al rillegau omfoarme waard ta it Office of Strategic Services (OSS), dêr't nei de oarloch de ynljochtingetsjinst CIA út fuortkomme soe. Fan 1941 oant 1942 stie Fleming fierders oan it haad fan Operaasje Goldeneye, in Britsk plan om in netwurk fan spionnen yn Spanje te behâlden foar it gefal dat nazy-Dútslân ek dat lân besette soe.

Yn 1942 rjochte Fleming in tige súksesfolle ienheid op dy't bestie út Britske kommando's en dy't No. 30 Commando of 30 Assault Unit neamd waard. Dy hie ta taak om by de opmars fan Britske troepen yn 'e neite fan 'e frontliny te bliuwen of soms dêr foarút te tsjen, mei it doel om dokuminten te bemachtigjen út kommandosintra fan 'e fijân. Fleming folge dêrby it foarbyld fan in Dútske ienheid dy't yn 1941 troch Otto Skorzeny oanfierd wie om by de Slach om Kreta in soartgelikense funksje te ferfoljen. Fleming gie net it "fjild" yn mei No. 30 Commando, mar selektearre doelwiten foar de ienheid en beoardere de operaasjes út Londen wei. Dat stelden de leden fan 'e ienheid begryplikerwize net bot op priis, en Fleming wie ûnder harren dan ek net populêr. Ein 1942 waard Godfrey as haad fan 'e Marine Ynljochtingedifyzje ferfongen troch kaptein-op-see Edmund Rushbrooke, wêrnei't Fleming syn ynfloed yn 'e organisaasje belune, hoewol't er wol it befel oer No. 30 Commando behold.

Yn maart 1944 hie Fleming it tafersjoch oer de distribúsje fan geheime ynljochtings nei ienheden 'e Britske Keninklike Marine yn tarieding foar Operaasje Overlord en D-Day. Op 6 juny fan dat jier waard er ferfongen as haad fan No. 30 Commando, mar hy bleau ek neitiid by dy ienheid belutsen. Wilens en nei de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje besocht er de ienheid yn it fjild, benammen nei in wraam op Cherbourg. Fleming siet der nammentlik oer yn dat de ienheid dêrfoar as in gewoane kommando-ienheid brûkt wie, wat in fergriemen fan 'e spesjale ynljochtingesamlingsfeardichheden fan 'e leden wie. Nei syn bemuoienis waard it tafersjoch oer de ynset fan 'e ienheid herfoarme om soks tenei foar te kommen. Letter folge Fleming No. 30 Commando doe't de ienheid Dútslân binnenkrong en dêr yn Schloß Tambach de Dútske marine-argiven fan 1870 ôf ûntdiek en feilichstelde.

It súkses fan No. 30 Commando krige neifolging troch de oprjochting fan in twadde kommando-ienheid mei in selde soarte fan misje, dy't T-Force kaam te hjitten (koart foar "Target Force"). Fleming wie lid fan 'e kommisje dy't dêr it tafersjoch op hie en doelen foar útkeas. T-Force wie benammen súksesfol by de ynname fan 'e Dútske havenstêd Kiel, dêr't de ienheid in ûndersyklaboratoarium feilichstelde dêr't motors foar de V-2-raket, de Messerschmitt Me 163-jachtfleanmasine en in nije generaasje ûnderseeërs ûntwurpen waarden.

Yn maaie 1945 waard Fleming demobilisearre, mar hy bleau noch oant 16 augustus 1952 lid fan 'e Britske marinereserve. Yn oktober 1947 krige er de Deenske Kening Kristiaan Frijheidsmedalje takend foar syn bydrage oan 'e ûntsnapping fan Deenske ofsieren nei it Feriene Keninkryk ûnder de Dútske besetting fan Denemark.

Nei de oarloch Yn 1942 hie Fleming in Britsk-Amerikaanske topmoeting op it mêd fan spionaazje bywenne yn 'e Britske koloanje Jamaika, yn it Karibysk Gebiet. Hoewol't it suver oan ien stik troch reind hie doe't hy dêr wie, hied er likegoed besletten dat dit it plak wie dêr't er nei de oarloch wenje woe. Syn freon Ivar Bryce holp him om in perseel grûn te finen yn Saint Mary Parish, dêr't Fleming yn 1945 in wente sette liet dy't er Goldeneye neamde. De namme kaam neffens himsels sawol fan Operaasje Goldeneye, dêr't er sels yn 'e oarloch lieding oan jûn hie, as fan 'e roman Reflections in a Golden Eye, fan Carson McCullers út 1941, wêryn't it gebrûk fan Britske marinebases yn it Karibysk Gebiet troch de Amerikaanske Marine beskreaun waard.