Thunderball is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1965 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Claudine Auger as de Bond girl Domino Derval. De titel betsjut letterlik "Tongerbal", en ferwiist (neffens de titelsong) nei Bond sels, dy't as in bal is dy't mei in lûd as fan 'e tonger oanrôljen komt en alles yn syn paad om kegelet. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1961 fan Ian Fleming.

It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er ynset wurdt om twa atoombommen fan 'e NATO werom te finen, dy't stellen binne troch de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. By tafal is Bond lykwols de dieders al foarôfgeande oan 'e dieverij op it spoar kommen, dat hy wit harren mei gauwens op te spoaren. Dan moat er inkeld noch ûntdekke wêr't se de bommen brocht hawwe en bewize dat sy efter de stellerij sitte. Bond stiet dêrby ûnder tiidsdruk om't SPECTRE driget de bommen yn in net by namme neamde Britske of Amerikaanske stêd ôfgean te litten as der net £100 miljoen oan losjild betelle wurdt.

Thunderball wie it fjirde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Goldfinger. Thunderball krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar foar bêste special effects. In folgjend diel yn 'e searje, You Only Live Twice, kaam út yn 1967. Thunderball wie it ûnderwerp fan in rjochtsaak, mei't skriuwer Ian Fleming troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham oanklage waard foar plagiaat. De saak waard úteinlik oplost troch in skikking, wêrby't it auteursrjocht troch beide partijen dield waard. Sa koe it dat yn 1983 in remake fan Thunderball ferskynde ûnder de titel Never Say Never Again, dy't net ta de offisjele kanon fan 'e James Bond-rige fan Eon Productions heart.

Plot Emilio Largo, in rike misdiediger dy't in hege posysje beklaait binnen de kriminele en terroristyske organisaasje SPECTRE, betinkt in plan om twa atoombommen fan 'e NATO te stellen troch in Avro Vulcan-bommesmiter fan 'e Britske loftmacht, de RAF, te kapen. As ûnderdiel fan dat plan wurdt piloat Angelo Palazzi rekrutearre troch greve Von Lippe en Fiona Volpe, dy't aginten fan SPECTRE binne. Palazzi moat de eigentlike fleantúchkaping útfiere ûnder in rûtinemjittige trainingsflecht, wêrby't er it plak ynnimt fan François Derval, in ofsier fan 'e Frânske Loftmacht dy't as waarnimmer meifljocht. Palazzi ûndergiet dêrfoar plastyske sjirurzjy oan syn gesicht, sadat er as twa drippen wetter op Derval liket.

Underwilens eliminearret James Bond, de geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, yn Frankryk mei help fan 'e Frânske geheim aginte La Barbie kolonel Bouvar, in agint fan SPECTRE dy't al twa kollega's fan Bond út 'e ljochten holpen hat. Neitiid wurdt Bond mei ferlof stjoerd nei it kueroard Shrublands, yn Ingelân. Ut beropsdefisjinsje wurdt er erchtinkend foar in oare gast oer, dy't eins greve Von Lippe is. Bond giet op ûndersyk út en trappearret in man mei de holle hielendal yn 'e wynsels yn Von Lippe syn keamer, mar wurdt sels ek trappearre. Letter besiket in ûnsjoene persoan (Von Lippe) Bond te fermoardzjen, mar troch yngripen fan Patricia Fearing, in fysioterapeute mei wa't Bond neitiid in seksuele relaasje kriget, oerlibbet er de oanslach.

De man mei de wynsels oer it gesicht (om identifikaasje tsjin te gean) blykt Palazzi te wêzen, dy't Derval fermoardet en syn plak ynnimt nei't dyselde yn in hotelkeamer mei Volpe op bêd west hat. Neitiid easket Palazzi mear jild as earder ôfsprutsen wie foar syn oandiel yn it plan, en Volpe jout ta en bewissiget him derfan dat er betelle wurde sil (sûnder ek mar de minste bedoeling te hawwen om dat te dwaan). Palazzi nimt yn it stee fan Derval diel oan 'e trainingsflecht fan 'e bommesmiter, fermoardet de bemanning en fljocht it fleantúch nei de Bahama's, dêr't er it lânet yn 'e ûndjippe wetters foar de kust fan ien fan 'e eilannen. Largo en syn mannen, dy't it fleantúch dêr op Largo syn jacht de Disco Volante al opwachtsje, geane yn wetsuits mei soerstofflessen it wetter yn, bergje de beide atoombommen en kamûflearje de bommesmiter. Largo fermoardet Palazzi om't dyselde him net oan 'e oarspronklike ôfspraken oer syn beleanning holden hat.

Underwilens bewuollet Volpe it gesicht fan 'e deade Derval yn wynsels en bringt tegearre mei greve Von Lippe it stoflik omskot fan 'e piloat nei Shrublands, dêr't se it lykje litte wolle as hat de pasjint mei wynsels oer it gesicht (Palazzi) in hertoanfal krigen dat er it bestoar. Bond hâldt harren lykwols yn 'e rekken en fersteurt it nachtlik binnenbringen fan it lyk fan Derval yn it kueroard troch it brânalaarm ôfgean te litten. Ek ferwideret er de wynsels om te sjen wa't dêrûnder beskûl giet. De oare deis, as it Britske regear foar it ferstân kriget dat der twa atoombommen stellen binne, wurdt Bond mei hege urginsje weromroppen nei Londen. Underweis besiket Von Lippe him te fermoardzjen, mar de greve wurdt sels út 'e wei romme troch Volpe, dy't dêrta opdracht krigen hat fan Blofeld, de mysterieuze lieder fan SPECTRE. Dy fynt nammentlik dat Von Lippe faald hat yn syn opdracht om it plan fan Largo sûnder swierrichheden út te fieren.

Nei't er yn Londen oankommen is, kriget Bond te hearren oer de dieverij fan 'e atoombommen, en ek dat der in boadskip fan SPECTRE ûntfongen is mei it drigemint dat de bommen ta ûntploffing brocht wurde sille yn in grutte stêd yn 'e Feriene Steaten of it Feriene Keninkryk, òf it moat wêze dat it Britske regear binnen in wike in losjild fan £100 miljoen oan diamanten betellet. Yn it dossier dat Bond en oaren te sjen krije oer de dieverij fan 'e bommen sitte ek foto's fan alle ynsittenden fan it ferdwûne fleantúch. Bond ken Derval wer fan it lyk dat er yn Shrublands sjoen hat en ynformearret M, de sjef fan MI6, dêroer. Mei't Domino, de suster fan Derval, har yn Nassau, op 'e Bahama's, befynt, freget er om dêrhinne útstjoerd te wurden.

Yn Nassau kriget Bond assistinsje fan in team dat bestiet út twa oare MI6-aginten, de kreaze Paula Caplan en de negroïde Bahamaan Pinder. Q, de kertiermaster fan MI6, moet ta syn argewaasje hielendal út Ingelân oerkomme om Bond ta te rissen mei ferskate nije technologyske snufkes, wêrûnder in fototastel dat ûnder wetter ynfrareadfoto's nimme kin, in opspoaringsapparaatsje dat in radiosinjaal útstjoerd as it trochslokt wurdt, en in miniatuersoerstofflesse ter grutte fan in boek dêr't men fjouwer minuten mei sykhelje kin. Ek Felix Leiter, in freon fan Bond dy't foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket, arrivearret op 'e eilannen om te helpen. Bond moetet Domino "tafallich" by it djipseedûken. As se inoar letter wer sjogge yn in pleatslik kasino, reitsje se oan 'e praat en ûntdekt Bond dat Domino eins de mêtresse fan Largo is, en dat se gjin flau idee hat fan it lot fan har broer. Mei Largo begjint Bond in kat-en-mûsspul, mei't de beide mannen persiis witte wa't de oare is, wylst se harsels nei bûten ta fan 'e domme hâlde.

As Bond dy nachts fan ûnder wetter it jacht fan Largo, de Disco Volante, ûndersiket, merkt er in ûnderwetterlûk op dat him yntrigearret. Hy wurdt lykwols opmurken en kin mar nauwerneed ûntkomme. Wer op it drûge hat er in moeting mei Fiona Volpe. De oare deis besiket Bond de filla fan Largo bûten Nassau, dêr't Largo him ûnder mear de poel sjen lit dêr't er haaien yn hâldt. Dy jûns, as Bond op-en-út is mei Domino, komme Volpe en guon trewanten fan Largo yn Bond syn hotelkeamer Paula Caplan oer it mad en ûntfiere har. Leiter warskôget Bond, dy't in riskante rêdingsaksje ûndernimt en de filla fan Largo binnenkringt. Hy ûntdekt lykwols dat Paula selsmoard dien hat foar't de trewanten fan Largo har oan it praten krije koene. Largo-en-dy krije Bond yn 'e gaten, en in efterfolging oer it hiem fan 'e filla einiget mei in ûnderwetterfjochtpartij fan Bond mei ien fan 'e trewanten fan Largo yn it swimbad. Largo lit dêrop in lid oer it swimbad skowe en iepenet de tunnel nei de haaiepoel. Bond stekt de man dêr't er mei fjochtet dea en sprekt dan de miniatuersoerstofflesse oan, sadat er sykhelje kin. Wylst de haaien de deade man ferskuorre, swimt Bond troch de tunnel nei de haaiepoel en ûntsnapt.

Werom yn syn hotel ûntdekt er Volpe neaken yn syn bad. De moeting rint út op seks, mar neitiid arrivearje der in stikmannich fan Largo syn trewanten dy't Bond finzen nimme. As se him meinimme wolle nei de filla fan Largo, rekket harren auto fêst yn in optocht yn it ramt fan 'e fiering fan Junkanoo (de Bahamaanske foarm fan Mardi Gras). Yn 'e gaos wit Bond te ûntkommen. Volpe en har trewanten efterfolgje him, en yn in nachtklub dêr't er beskûl siket, is Bond twongen om mei Volpe te dûnsjen wylst har mannen fan 'e râne fan 'e dûnsflier tasjogge en ôfwachtsje om him wer te pakken te krijen. As ien fan harren besiket him del te sjitten, draait Bond Volpe krekt op it lêste momint yn dy rjochting, mei as gefolch dat sy deadlik rekke wurdt ynstee fan hysels. Neitiid wit Bond yn alle trelit fan ruten te spyljen.

Yn in helikopter fine Bond en Leiter de oare deis einlings de kaapte bommesmiter ûnder wetter werom. Bond swimt derhinne en stelt fêst dat de bommen poater binne. Wol fynt er it lyk fan Palazzi, dat er fan 'e persoanlike besittings fan Derval ûntdocht. Neitiid bringt er dy by Domino en fertelt er har dat har broer dea is en dat Largo dêr ferantwurdlik foar is. Domino seit him har help ta en nimt in lytse geigerteller fan him oan dy't Bond fan Q krigen hat. Dêrmei kin se oan 'e hân fan 'e mjitte fan radio-aktiviteit sjen oft de bommen oan board fan 'e Disco Volante binne. Sa ja, dan sil se har nei it dek bejaan, dêr't se út in helikopter wei sjoen wurde kin. As se lykwol mei de geigerteller troch it jacht rint, wurdt se trappearre troch Largo, dy't har finzen sette lit yn har hut. Hy is fan doel om har te marteljen om út te finen hoefolle oft se fan syn plannen ôfwit.

Underwilens ynfiltrearret Bond de bemanning fan 'e Disco Volante troch ien fan Largo syn mannen út 'e wei te romjen as dy wetsuits oandogge en dûkbrillen opsette. Sadwaande is hy derby as de Disco Volante letter stilhâldt by in lyts koraaleilantsje, net folle mear as in rots, dêr't de bommen ûnder wetter yn in grot ferburgen binne. Largo ûntdekt lykwols syn oanwêzigens en lit him opslute yn 'e grot, dy't fan hydraulyske metalen doarren foarsjoen is. Bond hat gjin oare kar as om 'e grot fierder yn te gean en in oare útwei te sykjen. Uteinlik fynt er soarte fan skoarstien, dêr't er heech boppe him de loft sjocht. Hy kin lykwols net út 'e grot komme. Leiter wit him yn in rêdingshelikopter fan 'e Amerikaanske Kustwacht te finen troch it radiosinjaal fan it trochslokte opspoaringsapparaatsje te folgjen, en hyst him út 'e grot omheech. Bond is ûnderwilens oan 'e weet kommen dat Largo fan doel is om ien fan 'e atoombommen ôfgean te litten by Miami, oft it losjild fan £100 miljoen oan diamanten no betelle wurdt of net. Leiter nimt kontakt op mei de Amerikaanske autoriteiten om dy ynformaasje troch te spyljen.