M is de koadenamme fan it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 yn 'e James Bond-romans fan Ian Fleming en de dêrop basearre James Bond-filmsearje. De oantsjutting is net persoanspesifyk, mar giet fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Fleming yntrodusearre it personaazje yn 1953, yn syn earste Bond-roman Casino Royale. In oar bekend personaazje út 'e Bond-romans en -films is Miss Moneypenny, de sekretaresse fan M. __TOC__ Ynspiraasje Fleming basearre de M út syn boeken foar it meastepart op skout-by-nacht John Henry Godfrey, de sjef fan 'e Britske Marine Ynljochtingedifyzje, ûnder wa't Fleming yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne. Oare mooglike boarnen fan ynspiraasje foar it personaazje wiene sir Claude Dansey, it plakferfangend haad fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6; Maxwell Knight, it haad fan 'e Britske binnenlânske ynljochtingetsjinst MI5 (dy't syn memo's ûndertekene mei "M"); en William Melville, in Ier dy't opklom ta sjef fan it Secret Service Bureau, de foarrinner fan sawol MI6 as MI5.

Spilers De rol fan M is yn 'e James Bond-films fertolke troch ferskate akteurs. Bernard Lee, dy't de rol spile yn 'e earste alve films, waard der op in stuit suver mei identifisearre. Yn 'e filmsearje fan Eon Productions ûntbrekt it personaazje M inkeld yn For Your Eyes Only (1981). Dy film waard opnommen koart nei't Lee ferstoarn wie. Dame Judi Dench wie yn 1995 de earste froulike M.

jierren film akteur echte namme fan M films fan Eon Productions 1962 – 1979 Dr. No Bernard Lee Miles Messervy From Russia with Love Goldfinger Thunderball You Only Live Twice On Her Majesty's Secret Service Diamonds Are Forever Live and Let Die The Man with the Golden Gun The Spy Who Loved Me Moonraker 1981 For Your Eyes Only n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1983 – 1989 Octopussy Robert Brown Hargreaves A View to a Kill The Living Daylights Licence to Kill 1995 – 2015 GoldenEye dame Judi Dench Olivia Mansfield Tomorrow Never Dies The World Is Not Enough Die Another Day Casino Royale Quantum of Solace Skyfall Spectre (yn in postúm boadskip) 2015 – .... Spectre Ralph Fiennes Gareth Mallory No Time to Die films fan oare studio's 1954 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1967 Casino Royale John HustonDavid Niven ûnbekendJames Bond 1983 Never Say Never Again Edward Fox ûnbekend

Kategory:Fiktyf spionnemaster Kategory:Fiktyf admiraal Kategory:Fiktyf Ingelsk persoan Kategory:Personaazje út de James Bond-searje Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1953