From Russia with Love is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1963 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Daniela Bianchi as de Bond girl Tatjana Romanova. De titel betsjut "Ut Ruslân, mei Leafde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1957 fan Ian Fleming.
It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond by in misje nei Istanbûl. Dêr moat er in wichtige kryptografyske kodearmasine yn ûntfangst nimme fan Tatjana Romanova, in meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, dy't oerrinne wol nei it Westen. Underwilens mient Tatjana dat se dielnimt oan in kontraspionaazje-operaasje om Bond deryn rinne te litten. Wat se net witte is dat se beiden bespile wurde troch de kriminele organisaasje SPECTRE, dy't sels de kodearmasine bemachtigje wol.
From Russia with Love wie it twadde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Dr. No. It wie de earste James Bond-film wêryn't it personaazje Q foarkomt, de kertiermaster fan MI6 dy't Bond fan nije technologyske snufkes foarsjocht om syn wurk makliker te meitsjen. From Russia with Love krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e rige, Goldfinger, kaam út yn 1964.
Plot De ynternasjonale kriminele organisaasje SPECTRE wol de Lektor, in wichtige kryptografyske kodearmasine fan 'e Sovjet-Uny, yn 'e hannen krije. Ien fan 'e aginten fan 'e organisaasje, de Tsjechoslowaakske skaker Kronsteen, betinkt in plan om twa miggen mei ien klap te slaan, troch tagelyk in Lektor te besetten en wraak te nimmen op 'e Britske MI6-agint James Bond, dy't earder op Jamaika dr. No, in foaroanman fan SPECTRE, útskeakele hat (sjoch: Dr. No).
Om it plan fan Kronsteen yn 'e praktyk te bringen, wurdt SPECTRE-aginte Rosa Klebb ynset, dy't oant koartby, foar har oerrinnen nei de kriminele organisaasje, by de Sovjet-kontraspionaazje wurke. Hja rekrutearret in meiwurkster fan it Sovjet-konsulaat yn it Turkske Istanbûl, in Tatjana Romanova, om Bond dêrhinne te lokjen troch MI6 in Lektor-kodearmasine oan te bieden. Tatjana ferkeart ûnder de yndruk dat Klebb noch altyd foar de Sovjet-Uny wurket, en se is har der sadwaande alhiel ûnbewust fan dat se troch SPECTRE brûkt wurdt. De Ierske slûpmoardner Donald Grant kriget de taak om Bond út 'e wei te romjen sadree't Tatjana him de Lektor oerlange hat.
Yn Londen kriget M, de sjef fan MI6, berjocht fan Ali Kerim Bey, it burohaad fan MI6 yn Istanbûl, dat Tatjana Romanova kontakt mei him opnommen hat en oanbean hat om MI6 yn ruil foar help by har oerrinnen nei it Westen in Lektor-kodearmasine ta te spyljen. Krekt sa't Kronsteen al foarsei, fermoedet M dat it om in fâle giet, mar kin er de ferlieding fan it bemachtigjen fan in Lektor net wjerstean en set er syn bêste man op 'e saak: James Bond. M warskôget him dat er him nei alle gedachten yn in mûklaach fan 'e Russen bejaan sil en dat er dêrom tige hoeden moat. Fan Q, de kertiermaster fan MI6, kriget Bond in diplomatekofferke mei, dêr't oan 'e bûtenkant in mês yn ferburgen sit en oan 'e binnenkant in ArmaLite AR-7-skerpskuttersgewear en fyftich gouden muntstikken. It is boppedat tarist mei in triengasgranaat, dy't ôfgiet as it ferkeard iepene wurdt.
Nei't er yn Istanbûl arrivearret, wurket Bond nau gear mei Ali Kerim Bey, yn tarieding op it kontakt mei Tatjana. Yn 'e stêd is de Kâlde Oarloch in fierhinne hoask barren wurden, werby't de Turken en de Bulgaren, dy't foar de Russen wurkje, besykje om inoar it libben net dreger te meitsjen as it hoecht te wêzen. Grant makket dêr in ein oan troch in Bulgaarske agint dy't Bond yn 'e gaten hâldt, te fermoardzjen. De Bulgaren miene logyskerwize dat Bond efter de moard sit, en fan gefolgen waarmet de Kâlde Oarloch op. Ali Kerim Bey ûntkomt mar nauwerneed oan 'e dea as de Bulgaren in bomoanslach op syn kantoar útfiere. De Britske aginten begripe mar net wêrom't de Bulgaren soks dogge, mar se litte har net op har kop sitte en nimme maatregels, wat oer en wer ta in eskalaasje fan geweld liedt.
As Ali Kerim Bey Bond foar syn eigen feiligens ûnderbringt by in befreone groep Sigeuners, wurde se troch de Bulgaren dêrhinne folge. Dy jûns fiere de Bulgaren, oanfierd troch in âlde fijân fan Ali Kerim Bey, in Krilenku, in oanfal op it Sigeunerkamp út. Bond bejout him yn it hjitst fan 'e striid, en mei syn help witte de Sigeuners de oanfal ôf te slaan. Yn it fjoergefjocht rêdt de ferskûle opstelde Grant it libben fan Bond troch in Bulgaar del te sjitten dy't him fan efteren oanfalle sil, om't de hiele operaasje fan SPECTRE mislearje soe as Bond al yn dit stadium omkaam. De folgjende jûns geane Bond en Ali Kerim Bey efter Krilenku oan, dy't se by wize fan ferjilding mei Bond syn skerpskuttersgewear fermoardzje ear't er de stêd ûntflechtsje kin.
As Bond dy nachts weromkomt yn syn hotelkeamer, treft er dêr Tatjana yn syn bêd oan. Hja hat fan Klebb opdracht krigen om him te ferlieden, dat se wegeret om it oer de Lektor-masine te hawwen oant Bond seksuele omgong mei har hân hat. Hja binne har der allebeide folslein ûnbewust fan dat harren leafdesspul troch in pear SPECTRE-aginten filme wurdt fan efter in spegel dy't fan 'e oare kant ôf trochsichtich is. Letter stimt Tatjana dermei yn om Bond in plattegrûn fan it Sovjet-konsulaat te jaan, sadat se it plan om 'e Lektor-masine te stellen fierder útwurkje kinne. Dat plan folgjend, giet Bond (in dei earder as ôfsprutsen, om't er Tatjana net fertrout) it konsulaat yn, sabeare om in fisum oan te freegjen. Ali Kerim Bey lit yn in leechsteand wetterreservoir út 'e Aldheid, dat him ûnder it konsulaat befynt, in bom ôfgean, wat foar de ôflieding soarget dêr't Bond ferlet fan hat. Wylst de Russen alhiel oerémis it konsulaat ûntromje, fynt Bond Tatjana, dy't him nei de Lektor-masine ta liedt, in apparaat ter grutte fan in typmasine. Dêrmei ûnkomme se fia de ruïnes ûnder it konsulaat, wêrnei't se mei Ali Kerim Bey op 'e Oriïnt Ekspres nei it Westen stappe.
Troch ûngelokkich tafal wurdt Tatjana op it treinstasjon fan Istanbûl sjoen troch Benz, in Russyske KGB-agint, dy't har werom ken. Hoewol't er net wit wat der geande is, hat er wol foar it ferstân dat it gjin suvere kofje is en folget er harren troch op deselde trein te stappen. Ali Kerim Bey hat him lykwols al rillegau yn 'e gaten, en hy en Bond oermasterje Benz, wêrnei't Ali Kerim Bey by him yn syn kûpee bliuwt om him ûnder skot te hâlden. Bond jout him yn in oare kûpee wer by Tatjana om in moeting mei ien fan Ali Kerim Bey syn mannen ôf te wachtsjen. Grant befynt him lykwols ek op 'e trein, en hy kringt de kûpee fan Benz binnen, dêr't er sawol Benz as Ali Kerim Bey fermoardet.
De stoflike omskotten fan 'e mannen wurde letter oantroffen troch in kondukteur dy't foar Ali Kerim Bey wurket, en dyselde ljochtet Bond yn. Grant hat it lykje litten as hawwe de beide mannen inoar deamakke, dat Bond hat der yn 't earstoan gjin aan fan dat der in trêde partij yn it spul is, hoewol't er wol erchtinkender wurdt foar Tatjana oer. Hy betellet de kondukteur om 'e moarden geheim te hâlden oant de trein arrivearret yn it Italjaanske Triëst, it earste halteplak oan 'e westkant fan it Izeren Gerdyn. Op it stasjon fan Belgrado, yn Joegoslaavje, stapt Bond koart út om it nijs fan 'e dea fan Ali Kerim Bey troch te jaan oan ien fan dy syn aginten dy't tagelyk ek ien fan syn soannen is. Hy freget him om it nijs ek troch te jaan oan MI6 yn Londen, sadat dy immen stjoere kin om Bond te helpen by it binnensmokkeljen fan 'e Lektor-masine yn Itaalje. Yn Zagreb stapt letter yndie in Nash op 'e trein, dy't kontakt makket mei Bond en seit dat hy de agint is dy't troch MI6 stjoerd is.
De man dy't Bond moetet, is lykwols eins Grant, dy't de echte Nash op it stasjon yn Zagreb opfongen en fermoarde hat. By it diner stoppet Grant in bedwelmjend middel yn Tatjana har wyn, dêr't sy fan yn in djippe sliep rekket. Neitiid oermasteret er Bond, om dan, yn in gloede fan selsfoldienens, yn detail út te lizzen hoe't hy en SPECTRE Bond in mouwe oannaaid hawwe. Einlings falle foar Bond dan alle puzelstikjes op har plak, al is er ferheard om te fernimmen dat Tatjana in ûnskuldich slachtoffer fan 'e SPECTRE-operaasje is.
It plan fan SPECTRE is om 'e moarden op Bond en Tatjana derút sjen te litten as in gefal fan moard-selsmoard, mei as motyf de film fan harren seksuele omgong yn 'e hotelkeamer yn Istanbûl en in brief fan Tatjana wêryn't se dermei driget om dy film iepenbier te meitsjen. Bond besiket Grant lykwols om te keapjen mei de fyftich gouden muntstikken dy't er by him hat. Hoewol't Grant alhiel net fan doel is om Bond gean te litten, wol er it goud wol hawwe, mar as er it diplomatekofferke op 'e gebrûklike (en ferkearde) wize iepenet, giet de triengasgranaat yn syn gesicht ôf. Dat jout Bond de kâns om him oan te fleanen. Der ûntstiet in fûleindige fjochtpartij, dy't lang om let einiget as Bond it mês út it sideplak yn it kofferke hellet, Grant delstekt en him dan wjirget mei syn eigen garotte.
As de trein yn Istrje wat stadiger giet op in heuvelskeante omheech, springt Bond der mei de Lektor-masine en in sliepdronken Tatjana út. Grant wie fan doel en doch itselde op dat plak nei't er Bond en Tatjana deade hie. Bond oermasteret de frachweinsjauffeur dy't Grant ôfhelje soe en kaapt dêrnei dy syn frachtauto om te ûntsnappen. As SPECTRE foar it ferstân kriget dat it plan mis rûn is, wurdt der in helikopter stjoerd dêr't hângranaten út smiten wurde nei de frachtwein, mar Bond brûkt syn skerpskuttersgewear om it tastel delstoarte te litten. Underwilens ropt de mysterieuze foarsitter fan SPECTRE (Nûmer 1, eins Ernst Stavro Blofeld, hoewol't dy namme yn From Russia with Love net neamd wurdt) Kronsteen en Klebb op it matsje. Dyselden jouwe inoar de skuld fan 'e mislearring. Nûmer 1 lit Kronsteen eksekutearje. Klebb kriget noch in kâns om it goed te meitsjen.
Bond en Tatjana berikke de kust, dêr't se yn 'e motorboat dy't klearleit foar Grant koers sette nei Feneesje. Trije oare motorboaten mei SPECTRE-personiel dûke op en besykje harren tsjin te kearen. As de fetten mei branje op it efterdek fan harren boat lek sketten wurde, goait Bond de dingen oerboard, wêrnei't de efterfolgjende boaten troch de brânstof farre. Bond brûkt in ljochtkûgelpistoal om 'e branje oan te stekken, wêrnei't de boaten fan SPECTRE yn ljochte lôge komme te stean.
Ienris yn Feneesje nimme Bond en Tatjana harren yntrek yn in hotel, dêr't Klebb har foardocht as keamerfamke. Hja besiket de Lektor-masine te stellen en oarderet Tatjana om 'e keamer te ferlitten, wylst se sels fan doel is om foar iens en foar altyd mei Bond ôf te weven. Tatjana komt har lykwols fan efteren oer it mad en slacht har it pistoal út 'e hannen. Klebb lit in mei deadlik gif ynsmarde stiletto út 'e tean fan har skoech nei foarren springe, dêr't se Bond troch skoppen mei besiket te reitsjen. Hy hâldt har lykwols mei in stoel op ôfstân oant Tatjana it pistoal opkriget en har deasjit. No't de misje folbrocht is, geane Bond en Tatjana op in romantysk fartochtsje yn in gondel troch de grêften fan Feneesje. Underweis hellet Bond de film út 'e hotelkeamer yn Istanbûl foar it ljocht (dy't er mank de besittings fan Grant oantroffen hat) en smyt it ding oerboard.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Sean Connery Tatjana Romanova Daniela Bianchi¹
byrollen