Oise is in Frânsk departemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). De namme fan it departemint is ûntliend oan 'e rivier de Oise.

Skiednis thumb|left|Kaart fan it departemint Oise yn de regio Hauts-de-France. Oise is ien fan 'e 83 departeminten, dy't yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje oprjochte waarden . It wie eartiids in kroandomein fan 'e Frânske kening en makke doe diel út fan 'e provinsje Île-de-France.

Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Oise by de regio Pikardje, dy't yn 2016 yn de regio Opper-Frankryk opgyng.

Geografy It departemint Oise grinzget yn it noarden oan it departemint Somme, yn it easten oan it departemint Aisne, yn it suden oan 'e departeminten Seine-et-Marne en Val-d’Oise en oan it westen oan 'e departeminten Eure en Seine-Maritime.

Stêden De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal (2021) binne: thumb|260px|Sint-Piterkatedraal fan Beauvais. Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint Beauvais 56.677 Beauvais Compiègne 40.394 Compiègne Creil 36.106 Senlis Nogent-sur-Oise 21.382 Senlis 15.255 Crépy-en-Valois 14.217 Méru 14.320 Beauvais Montataire 13.701 Senlis Noyon 12.987 Compiègne Pont-Sainte-Maxence 12.291 Senlis

Bestjoerlike yndieling It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 21 kantons en 679 gemeenten

Arrondissemint Ynwenners 2021 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Beauvais 230.887 2.109,12 110 7 245 Clermont 130.735 1.149,34 115 7 146 Compiègne 182.130 1.283,22 143 5 156 Senlis 285.086 1.352,57 212 9 132 Departemint Oise 828.838 5.894,25 141 21 679

Befolkingsûntwikkeling departemint Oise sûnt 1962 Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2019Ynwenners 481.289 540.988 606.320 661.782 725.603 766.441 799.725 821.552 829.419 Boarnen: Cassini en INSEE

Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790