Nord is in Frânsk departemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). De namme fan it departemint is ûntliend oan 'e lokaasje yn it lân; it is it meast noardlike departemint fan Frankryk.
Skiednis
Nord is ien fan 'e 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje. It departemint waard út it Frânske diel fan Flaanderen, it Frânske diel fan Henegouwen en de Cambrésis (it gebiet fan 'e biskop fan Cambrai) gearstald.
De Yndustriële Revolúsje fan 'e 19e iuw fûn al ier plak. Yn 'e Earste Wrâldkriich waard der slim en lang fochten yn 'e streek. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebiet op 'e nij in wichtich ekonomysk sintrum. Tsjintwurdich hat de regio folgjend op it sluten fan minen en de tekstylfabriken te lijen ûnder sosjale, ekonomyske, kulturele en miljeu problematyk.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Nord by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn 'e regio Opper-Frankryk opgyng.
Geografy It departemint Nord dielt yn it noardeasten de súdlike grins fan Belgje. Yn it westen grinzget it departemint oan Pas-de-Calais, Aisne en in pear kilometer oan it departemint Somme. It Kanaal grinzget oan it noardwestlike diel fan Nord.
It is in lang en smel departemint en hat as haadstêd Lille, dy't tegearre mei Roubaix, Tourcoing en Villeneuve-d’Ascq mei mear as in miljoen ynwenners it yndustriële hert fan it departemint foarmet. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint en lizze geografysk yn it departemint Pas-de-Calais.
De wichtichste rivieren fan it departemint binne de Lys, de Sambre, de Scarpe, de Skelde en de Izer.
Stêden
De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne:
Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint Lille 236.710 Lille Tourcoing 99.011 Lille Roubaix 98.892 Lille Dunkerque 86.788 Dunkerque Villeneuve-d’Ascq 62.067 Lille Valenciennes 42.991 Valenciennes Wattrelos 40.836 Lille Douai 39.648 Douai Marcq-en-Barœul 39.356 Lille Cambrai 31.425 Cambrai
Bestjoerlike yndieling It departemint Nord is ûnder te ferdielen yn 6 arrondisseminten, 41 kantons en 648 gemeenten
Arrondissemint Ynwenners 2021 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Avesnes-sur-Helpe 225.391 1.413,19 160 4 151 Cambrai 158.753 905,05 176 3 116 Douai 244.710 478,19 513 4 64 Dunkerque 371.736 1.448,85 258 7 111 Lile 1.260.060 884,70 1.433 17 124 Valenciennes 350.643 637,69 552 6 82 Departemint Nord 2.611.293 5.767,67 455 41 648
Befolkingsûntwikkeling departemint Nord sûnt 1962 Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwenners 2.294.066 2.418.847 2.511.478 2.520.526 2.531.855 2.555.020 2.564.959 2.605.238 2.606.234 Boarnen: Cassini en INSEE
Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790