Opper Frankryk (Frânsk en offisjeel: Hauts-de-France, Pikardysk: Heuts-d'Franche) is de noardlikste regio fan Frankryk. De regio ûntstie op 1 jannewaris 2016 troch gearfoeging fan 'e twa regio's Nord-Pas-de-Calais en Pikardje. Op 6 en 13 desimber 2015 fûnen de eerste ferkiezings foar de 170 leden fan 'e earste Conseil Régional ("Regionale Ried") plak.

De regio hat in oerflak fan 31.813 km².

Namme De regio droech fan jannewaris oant septimber 2016 de tydlike namme Nord-Pas-de-Calais-Picardie. Dy namme folge de alfabetyske folchoarder fan 'e fusearre regio's. Oant 30 juny hie de Regionale Ried de tiid om foar in definitive namme te kiezen. Yn maart 2016 keas de ried foar de namme Hauts-de France mei as ûndertitel Nord-Pas-de-Calais-Picardie. Dy namme waard sûnder ûndertitel op 28 septimber 2016 troch it Conseil d’État fêstlein en gyng de oare deis yn wurking.

By in enkête op ynternet waard ynstee fan Hauts-de-France ek Flandres-Artois-Picardie en Nord-Picardie as mooglike nammen útsteld.

Departeminten fan de regio Regio's oant 2015 Wapen Departemintsnû.: Departeminten Ferdieling sitten Nord-Pas-de-Calais 59 Nord 76 62 Pas-de-Calais 44 Picardie 02 Aisne 17 60 Oise 25 80 Somme 18 Tal sitten yn 'e Conseil Régional: 170

thumb|left|300px|Arrondisseminten yn 'e regio Hauts-de-France.

Kategory:Regio fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2016