Pas-de-Calais is in Frânsk departemint yn de regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). De namme fan it departemint ferwiist nei it Nau fan Calais.

Skiednis thumb|left|Kaart fan it departemint Pas-de-Calais yn de regio Opper-Frankryk. Pas-de-Calais is ien fan 'e 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje.

Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Pas-de-Calais by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn de regio Opper-Frankryk opgyng.

It gebiet fan Pas-de-Calais komt foar it grutste part oerien mei it histoaryske greefskip Arteezje.

Geografy It departemint grinzget yn it westen en noardwesten oan It Kanaal en de Strjitte fan Dover, yn it noardeasten oan it departemint Nord en yn it suden oan it departemint Somme. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint Nord yn it departemint.

Karakteristyk foar it gebiet wiene de minen en swiere yndustry. Troch it sluten fan minen en oare bedriuwen hat Pas-de Calais te krijen mei in relatyf hege wurkleazens en in soad sosjale problematyk.

Wichtige rivieren yn it departemint binne de Authie, Canche, Ternoise, Liane, Sensée, Scarpe, Deûle, Lys en Aa.

De kust bestiet fral út strân, mar hat ek in pear kliffen: de krytrots Cap Blanc-Nez fan 134 meter en de 45 meter hege Cap Gris-Nez fan sânstien. Oan 'e oare kant fan it wetter lizze de kliffen fan Dover. It heechste punt fan Pas-de-Calais is de Mont Anor mei in hichte fan 271 meter.

Stêden De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne:

Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint Calais 67.380 Calais Arras 42.600 Arras Boulogne-sur-Mer 40.910 Boulogne-sur-Mer Lens 32.618 Lens Liévin 30.149 Lens Hénin-Beaumont 26.035 Lens Béthune 24.992 Béthune Bruay-la-Buissière 21.827 Béthune Avion 17.672 Lens Carvin 17.852 Lens

Bestjoerlike yndieling It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 7 arrondisseminten, 39 kantons en 890 gemeenten

Arrondissemint Ynwenners 2021 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Arras 249.961 2.259,65 111 8 357 Béthune 292.114 712,22 413 8 104 Boulogne-sur-Mer 157.817 640,50 249 4 74 Calais 152.091 598,80 256 4 52 Lens 369.427 353,12 1.051 9 50 Montreuil 110.907 1.330,72 84 5 164 Saint-Omer 129.124 819,95 161 5 89 Departemint Pas-de-Calais 1.461.441 6.714,96 219 39 890

Befolkingsûntwikkeling departemint Pas-de-Calais sûnt 1962 Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwenners 1.366.248 1.397.099 1.402.295 1.412.413 1.433.203 1.441.568 1.459.531 1.472.648 1.477.743 Boarnen: Cassini en INSEE

Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790