Somme (Pikardysk: Sonme) is in Frânsk departemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). It is ien fan 'e 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ûntstie út in diel fan 'e provinsje Pikardje (Amiénois, Marquenterre, Ponthieu, Santerre en Vimeu). Fan 1960 oant 2015 hearde it by de regio Pikardje, dat sûnt 2016 yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de France) opgyng.
Geografy It departemint grinzget yn it noarden oan 'e departeminten Pas-de-Calais en Nord, yn it easten oan it departemint Aisne, yn it suden oan it departemint Oise en yn it westen oan it departemint Seine-Maritime en it Kanaal.
Troch it departemint rint de rivier de Somme.
Skiednis
De rivier de Somme hat jimmeroan in grutte rol spile yn 'e skiednis fan 'e streek. Yn 1066 wie Saint-Valery-sur-Somme it plak dêr't de float fan Willem de Oermasterer de oerstek makke nei Ingelân. De rivier spile ek in rol yn 1346 yn 'e striid tusken Eduard III fan Ingelân en Filips VI fan Frankryk en de fjildtocht dy't letter late ta de Slach by Azincourt yn 1415.
Yn 1636 yn 'e Tritichjierrige Oarloch fersloegen Spaanske troepen ûnder oanfiering fan Thomas Frans, prins fan Carignano, it Frânske leger oan 'e Somme.
Mar it meast bekend is de Slach oan de Somme yn 'e Earste Wrâldkriich. Dy slach duorre fan july oant novimber 1916 en Frankryk, it Feriene Keninkryk en Dútslân ferlearen mear as ien miljoen man, sûnder ek mar wat terrein te winnen. Ek de grutte fjildslagen dy't lang om let de Dútsers stopten yn it Maitiidsoffensyf fan 1918 waarden útfochten yn 'e delling fan 'e Somme yn plakken lykas Villers Bretonneux.
Stêden De grutste stêden neffens ynwennertal fan it departemint binne:
Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint Amiens 133.625 Amiens Abbeville 22.595 Abbeville Albert 9.781 Péronne Péronne 7.291 Péronne Corbie 6.177 Amiens Doullens 5.835 Amiens Montdidier 6.009 Montdidier Roye 5.662 Montdidier Longueau 5.767 Amiens
Bestjoerlike yndieling
It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 772 gemeenten:
Arrondissemint Ynwenners 2021 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Abbeville 122.466 1.563,89 78 6 164 Amiens 304.331 2.358,34 130 13 291 Montdidier 46.920 787,22 60 3 109 Peronne 92.535 1.497,30 62 4 208 Departemint Somme 566.252 6.206,75 92 23 772
Befolkingsûntwikkeling departemint Somme sûnt 1962 Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwenners 487.524 511.491 538.462 544.570 547.825 565.561 575.086 571.879 578.978 Boarnen: Cassini en INSEE
Ofbylden
Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790