Longues-sur-Mer is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. It makket diel út fan it arrondissemint Bayeux.
Geografy De gemeente leit yn 'e Bessin oan it Kanaal, wêrfan't de kliffen fiif oant sechtich meter heech binne. It gruttere Bayeux leit likernôch 6,5 kilometer fierder.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2016 2023Ynwennertal 466 469 447 463 561 586 674 610 585 Boarnen: Cassini en INSEE
D-Day thumb|250px|left|Atlantikwall by Longues-sur-mer. Noardlik fan it doarp, likernôch 450 meter fan 'e kust, waard yn 'e hjerst fan 1943 troch de Kriegsmarine in batterij fan fjouwer kanonnen boud. Fjouwer bunkers elts útrist mei in 150mm Tbts.K C/36 (Tbts.K = Torpedobootskanone) mei in berik fan 20 kilometer bedrigen de skippen en de lâningsstrannen Gold Beach en Omaha Beach. It wie dêrom foar de alliearden prioriteit om dy batterij út te skeakeljen. Njonken swiere bombardeminten in wike earder fanút de loft dy't net in soad fertuten dienen, folgen yn 'e nacht fan 5 nei 6 juny nije bombarbeminten fan 'e RAF. Mar noch jimmeroan wurken de kanonnen dy't Amerikaanske kriichsboaiems ûnder fjoer namen. Lang om let slaggen de Ingelske krusers HMS Ajax en HMS Argonaut en fan 'e Frânske kruser Georges Leygues der yn om 'e fjouwer kanonnen út te skeakeljen. Fan 'e 180 man hiene 120 Dútske soldaten it oerlibbe, dy't harren oerjoegen oan 'e Britske soldaten fan it 2e Devonshire regimint. Fan 'e fjouwer kazematten binne der trije bewarre bleaun.
Longues-sur-Mer lei by de lâning fan 'e alliearden op 'e grins fan 'e Amerikaanske en Anglo-Kanadeeske sektor en hat fan 'e gefjochten tige slim te lijen hân.
It besjen wurdich Dútske batterijen fan 'e Atlantikwall. Abdij fan Us-Leaffrouwe, stifte yn 1168 troch Hugues Wac, hear fan Rubercy. Parochytsjerke Sint-Laurentius (Église paroissiale Saint-Laurent). Oarspronklik boud yn 'e 12e iuw, mar yn it ramt fan 'e gearfoeging fan 'e parochy's Longues, Marigny en Fontenailles is de tsjerke yn 'e 17e iuw foar it grutste part op 'e nij boud. Sint-Laurentiustsjerke fan Marigny. Boud yn 'e 12e-13e iuw, mar ferneatige by de bombardeminten yn 1944. Allinne de poarte fan it tsjerkhôf is bewarre bleaun. Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre) fan Fontenailles. Boud yn 1202, ferneatige by de bombardeminten yn 1944. De tsjerke besiet eartiids de âldste liedklok fan Frankryk. De klok is no yn it Musée d'Art et d'Histoire Baron-Gérard yn Bayeux te sjen. Château fan Marigny, 17e iuw.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Calvados Kategory:Gemeente yn Calvados