Honfleur leit oan 'e lofter en súdlike kant fan 'e mûning fan 'e Seine yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. Oan 'e oare kant fan 'e Seine leit Le Havre, mar oars as dy stêd hat Honfleur syn âlde karakter goed bewarre. It plak leit skildereftich om le Vieux Bassin, de haven, dy't omfieme wurdt mei hege mei griisblauwe laaistien oerdutsen hûzen. De ynwenners neame harrensels Honfleurais.
It plak is skildere troch ferneamde impresjonisten, lykas Gustave Courbet, Eugène Boudin, Claude Monet en Johan Barthold Jongkind, dy't de école de Honfleur foarmen, dy't bydroech oan 'e opgong fan 'e impresjonistyske beweging. Honfleur hat in soad keunstgaleryen.
Untwikkeling befolking Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009 2018Ynwennertal 9.141 9.292 9.188 8.495 8.272 8.178 8.163 7.138 Boarnen: Cassini en INSEE
It besjen wurdich
De twaskippige Sint-Katarinatsjerke (Église Saint-Catherine) datearret fan 'e 15e iuw en is de grutste houten tsjerke fan Frankryk. De tsjerke hat in frijsteande klokketoer. De Sint-Leonardustsjerke (Église Saint-Léonard) De Sint-Stefanustsjerke (Église Saint-Etienne), tsjintwurdich museum De Lieutenance waard yn 'e 16e iuw boud foar de gûverneur fan Honfleur. Ien fan 'e stedspoarten, de Porte de Caen, is yntegrearre yn it gebou. Bûten it sintrum: Côte de Grace mei in moai útsicht oer de baai en de 17e-iuwske Us-Leaffrouwe fan de Genedekapel.
Musea Musées du Vieux Honfleur (Musée de la Marine en Musée d'ethnographie et d'art populaire) Musée Eugène-Boudin Maison Satie
Berne Alexandre Exquemelin (± 1645 - ± 1707), 17e-iuwske seerôver Eugène Boudin (1824-1898), keunstskilder Albert Sorel (1842-1906), skiedkundige Alphonse Allais (1854-1905), skriuwer Henri de Régnier (1864-1936), dichter Erik Satie (1866-1925), komponist en pianist Ofbylden
Keppeling om utens Toeristenburo Honfleur Musea fan Honfleur
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Calvados Kategory:Gemeente yn Calvados