Jumièges is in Frânske gemeente yn it departemint Seine-Maritime yn 'e regio Normandje.

Geografy Jumièges leit oan 'e rjochter kant yn in luts fan 'e Seine tusken de stêd Le Havre en Rouen. Jumièges makket diel út fan it regionale natoerpark Boucles de la Seine Normande.

Untwikkeling befolking Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2018 Ynwennertal 1214 1305 1474 1634 1641 1714 1718 1715

It besjen wurdich De Abdij fan Jumièges waard troch Sint-Filibert stifte. De Frânske Revolúsje waard de ûndergong fan 'e abdij, mar healwei de 19e iuw binne de ruïnes konservearre. Hjoeddedei is it ien fan 'e moaiste ruïnekompleksen fan it lân. It abdijgebiet is iepen foar publyk. De Église Saint-Valentin yn Jumièges is in monumintale 11e-iuwske parochytsjerke (ferbouwings yn 'e 12e en 16e iuw), dy't wijd is oan Sint-Falentyn.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Seine-Maritime Kategory:Gemeente yn Seine-Maritime