Robert Zandvliet (Terbant, 1970) is in Nederlânske keunstskilder fan hjoeddeiske keunst; hy eksposearret yn binnen- en bûtenlân.

Libben en wurk Fan 1987 oant 1992 folge Zandvliet in oplieding oan de Kristlike Akadeemje foar Byldzjende Keunsten yn Kampen (it lettere ArtEZ Art & Design Zwolle) en fan 1992 oant 1994 oan De Ateliers yn Amsterdam. Hy wûn yn 1994 de Prix de Rome: fan dat stuit ôf eksposearret er geregeldwei yn binnen- en bûtenlân.

Healwei de jierren 90 wie Zandvliet dwaande mei it ôfbyldzjen fan deistige dingen lykas hierspjelden, in telefyzje of in fototastel. Nei 1996 konsintrearre er him op it skilderjen fan lânskippen, ûnder oare autodiken fan boppe ôf sjoen. Dy lânskippen binne wol abstrakt en hawwe faak gjin hoarizon. Zandvliet brûkt temperaferve, nei't er âlde Italjaanske fresko's yn temperaferve skildere bestudearre hie. By it wurkjen mei temperaferve kin net oerskildere wurde meidat tempera sa trochsichtich is dat ûnderlizzende lagen te sjen bliuwe.

Wurk yn iepenbiere kolleksjes (in kar) Dordrechts Museum, Doardt Frysk Museum, Ljouwert Kunstmuseum Den Haag Museum Belvédère, It Oranjewâld Museum van Hedendaagse Kunst Antwerpen, Antwerpen Museum De Pont, TilburchObjekten yn Museum De Pont Ryksmuseum Amsterdam, AmsterdamObjekten yn it Ryksmuseum Stadsgalerij Heerlen, Heerlen Stedelijk Museum, Amsterdam

Prizen Winner fan de Prix de Rome Skilderjen (1994) Charlotte Köhler Priis (1998) Wolvecamppriis (2004)

Literatuer Stage of Being, 2018. Tekst: Hanneke de Man, Layout: Mart Warmerdam, Redaksje: Bernhard Knaus Fine Art, Frankfurt, Publisist: 99Uitgevers, Amsterdam, Ingelsk, Dútsk, 32 siden yn kleur, 31 x 23 sm, hardcover, leporello

Keppelingen om utens Keunstnersportret fan Robert Zandvliet, in fideo troch Museum De Pont Bernhard Knaus Fine Art, Frankfurt (D) Galerie Knoell, Basel (CH) Galerie Onrust, Amsterdam (NL) Galerie Peter Blum, New York (USA)

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Terbant Kategory:Persoan berne yn 1970