The Hobbit: The Battle of the Five Armies is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoere- en -oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it lêste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: De Slach fan 'e Fiif Legers". It is it ferfolch op The Hobbit: The Desolation of Smaug, út 2013, en it trêde en lêste diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't sels wer in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings.
It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't troch de tsjoender Gandalf behelle is yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. Yn The Hobbit: The Battle of the Five Armies slagget dat, mar de syklike gjirrigens dêr't Thorin troch oantaast wurdt en de kapers op 'e kust dy't de ûnbidige skathuorde fan Smaug oanlûkt, soargje foar nije swierrichheden. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard nominearre foar in Oscar en in BAFTA en wûn twa Saturn Awards.
Plot The Hobbit: The Battle of the Five Armies begjint daliks op it punt dêr't The Hobbit: The Desolation of Smaug ophold. Bilbo Baggins is in hobbit dy't mei de tsjoender Gandalf en trettjin dwergen (Thorin, Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur) op in kweeste gien is nei de Ienlike Berch, in earder dwergekeninkryk dat no al mear as 170 jier beset wurdt troch de boasaardige draak Smaug. Mei Thorin Ikeskyld, de erfgenamt fan it keninkryk, en acht oare dwergen hat Bilbo no de reisbestimming berikt, mar se hawwe de draak Smaug wekker makke út syn slommer. As er harren net te pakken krije kin, beslút er harren in leske te learen troch Esgaroth-oan-de-Langmar, yn 'e folksmûle bekend as 'Marstêd', dêr't se op harren lange reis help krigen hawwe, plat te brânen. Yn ûntsteltenis sjocht Bilbo ta hoe't de breinroere draak fuortfljocht yn 'e rjochting fan dat plak.
Marstêd, dêr't men de flammen by de Ienlike Berch sjen kin, is ûnderwilens alhiel yn ûnstjoer. De korrupte master fan Marstêd en syn trewanten lade al harren goud yn in boat en besykje te ûntkommen, wylst de elvinne Tauriel en de fjouwer efterbleaune dwergen Fíli, Kíli, Óin en Bofur de bern fan 'e finzensette Bard de Bôgesjitter yn feilichheid besykje te bringen. As de draak úteinset mei syn oanfal op 'e stêd, wit Bard yn 'e resultearjende gaos út it tichthûs te brekken. Mei in stellen pylk-en-bôge besiket er de draak del te sjitten, mar de skobben fan it wêzen binne ûnkwetsber foar sokke wapens. Bard syn soan Bain, dy't de lêste swarte pylk, in fan 'e dwergen makke wapen dêr't in draak mei deade wurde kin, by him hat, wit syn heit te berikken. It slagget Bard dêrnei om Smaug deadlik te reitsjen, en de reuseftige draak stoart del boppe-op 'e boat fan 'e master fan Marstêd, dy't mei de oare opfarrenden en al syn goud ferplettere wurdt.
De oerlibbenen fan it no folslein ferwoastge Marstêd sammelje har de oare moarns op 'e igge fan 'e Langmar. Dêr jouwe Bard syn beide dochters Sigrid en Tilda har wer by him en Bain. Kíli de dwerch ferklearret op 'e nij syn leafde foar de tsjeppe elvinne Tauriel, mar de oare dwergen roppe him mei en sy wurdt op har beurt roppen troch de elfske prins Legolas, dy't sels fereale op har is. Wylst de fjouwer dwergen ôfsette nei de Ienlike Berch, arrivearret in boadskipper fan Legolas syn heit, kening Thranduil fan 'e boskelven, dy't syn soan nei hûs ropt. Tauriel, lykwols, dy't sûnder tastimming út 'e sealen fan Thranduil ôfset wie, wurdt foar ferballe ferklearre. Legolas jout de boadskipper opdracht om syn heit tynge te dwaan dat hysels yn dat gefal likemin weromkomme sil. Yn it gefjocht fan 'e foargeande jûns is Bolg, de soan fan 'e oarkske haadman Azog de Besmoarger, oan Legolas ûntkommen. Mar Legolas wit dat er fan Gundabad komt, yn 'e noardlike Diisbergen, dat dêr set er mei Tauriel hinne om syn fijân te sykjen.
Bard wurdt troch de oerlibbenen fan Marstêd tsjin wil en tank keazen as harren nije lieder. Dat is net inkeld om't er de draak deade hat, mar ek om't er in ôfstammeling is fan Girion, de lêste kening fan Dol, de minsklike stêd lyk foar de poarten fan 'e Ienlike Berch dy't 170 jier lyn troch Smaug ferwoastge is. As syn earste die beslút er de oerlibbenen ûnder te bringen yn it iennichste beskûl yn 'e fiere omkriten: de ruïnes fan Dol, dêr't it no, nei de dea fan Smaug, ommers wer feilich is. Yn 'e Ienlike Berch wurde Kíli, Fíli, Óin en Bofur hertlik ferwolkomme troch Bilbo en de oare dwergen. It docht lykwols bliken dat Thorin, no't er de skathuorde fan Smaug yn syn besit hat, yn 'e greep kommen is fan in syklike gjirrigens, oanboaze mei waantinkbylden en paranoia, dy't de dwergen de 'drakesykte' neame. Syn pake Thrór, de lêste Kening ûnder de Berch (sa't de titel fan 'e dwergehearsker fan 'e Ienlike Berch is), litte oan deselde sykte, en soe sa de draak Smaug nei de Ienlike Berch ta lokke hawwe, mei't draken soks oanfiele kinne.
Thorin rekket no obsedearre troch it finen, mank de ûnbidige skathuorde, fan 'e Erkenstien, in grutte ealstien fan ûnfoarstelbere skientme dy't de dwergen 'it hert fan 'e berch' neame. It docht bliken dat Bilbo de Erkenstien ûnder syn petear mei Smaug fûn en opkrigen hat, mar dat geheim holden hat. De draak fertelde him nammentlik dat er it yn him omgean litten hie om Thorin de Erkenstien te jaan, allinne mar om ta te sjen hoe't it besit fan dat juwiel him ferneatigje soe. No pakt Bilbo dermei om oft it better is om syn freon Thorin de Erkenstien te jaan of him dy te ûnthâlden. Nei in petear mei Balin, dy't seit te freezjen dat it allinne mar minder mei Thorin wurde soe as dy de Erkenstien yn 'e hannen krige, beslút Bilbo syn finen fan 'e stien geheim te hâlden. Nettsjinsteande dat boazet de drakesykte fan Thorin almar fierder oan. As er heart dat de oerlibbenen fan Marstêd nei de ruïnes fan Dol ta sette, rekket er derfan oertsjûge dat se syn goud stelle wolle en oarderet er syn dwergen om 'e troch Smaug ferrinnewearre poarte fan 'e Ienlike Berch te barrikadearjen mei grutte brokstikken pún.
Underwilens is de tsjoender Gandalf noch altyd in finzene fan 'e weropstiene kweageast Sauron yn dy syn fêsting Dol Guldur, yn it súdlike Brimsterwâld. As er troch de oanhâldende ynfloed fan it kwea hast beswykt, wurdt er lykwols rêden troch Galadriel, de keninginne fan 'e hege elven fan Lothlórien. Hja lit him yn feilichheid bringe troch de tsjoender Radagast de Brune, wêrnei't Elrond fan Rivendell en de tsjoender Saruman de Wite Sauron syn njoggen Ringsjammen, de Nazgûl, ferslane. Galadriel sels bynt de striid oan mei de foarmleaze Sauron, dy't se út Dol Guldur ferballet nei it easten. Hja is bot ferswakke troch de krêften dy't dat fan har ferge hat. Elrond wol mei man en macht efter Sauron oan ear't er in nije machtsbasis yn it lân Mordor fêstigje kin, mar Saruman seit dat harren fijân nea wer syn âlde macht weromkrije sil mei't er dêrfoar ferlet hat fan 'e Iene Ring, dy't ferlern gien is (net wittende dat Bilbo yn 'e grotten yn 'e Diisbergen in ring fûn hat dy't him it fermogen jout om ûnsichtber te wurden).
As er wat bekommen is, hastiget Gandalf him nei de Ienlike Berch ta om syn freonen dêre te warskôgjen foar it leger oarken ûnder Azog de Besmoarger dat troch Sauron útstjoerd is. Azog moetet yn 'e tuskentiid syn soan Bolg, dy't ûntkommen is oan syn gefjocht mei Legolas yn Marstêd (sjoch: The Hobbit: The Desolation of Smaug). Hy stjoert him nei Gundabad ta om in twadde leger oarken nei de Ienlike Berch te lieden. As Legolas en Tauriel letter by poarten fan Gundabad oankomme, binne se dêr tsjûge fan it optsjen fan it leger fan Bolg, dat net inkeld út oarken bestiet, mar ek út meunsterlike reuseftige flearmûzen.
Yn 'e nacht arrivearret kening Thranduil mei in leger boskelven te Dol, mei de bedoeling om yn 'e Ienlike Berch beslach te lizzen op 'e elfske erfstikken yn 'e skathuorde fan Smaug. Bard bepraat him om him earst mei Thorin te wurd te litten, en set nei de berch ta om it oandiel yn it skathuorde op te easkjen dat Thorin de master fan Marstêd ûnthjitten hie yn ruil foar dy syn stipe. Sa ynklauwerich en paranoïde is Thorin lykwols wurden dat er fan gjin dielen fan 'e skat witte wol en Bard mei hurde wurden fuortstjoerd. Thranduil beslút de Ienlike Berch de oare deis by moarnsdage oan te fallen en nûget Bard út en nim diel oan dy oanfal. Bard bewapenet dêrom syn minsken mei de wapens en wapenrissen út 'e âlde arsenalen fan Dol. As Gandalf yn Dol arrivearret wurdt syn warskôging foar in oarkske oanfal troch Thranduil net serieus nommen. Underwilens glûpt Bilbo de Ienlike Berch út en draacht de Erkenstien oer oan Bard en Thranduil, yn 'e hoop dat oarloch foarkomd wurde kin as de minsken en elven foar Thorin oer in bettere ûnderhannelingsposysje hawwe.
De oare moarns stelle de elven en minsken har yn slachoarder op foar de Ienlike Berch, dêr't Bard en Thranduil nei foarren ride om mei Thorin te praten. Dyselde wol noch altyd neat witte fan in kompromis, en as Bard de Erkenstien foar it ljocht hellet, hjit er him in liger en beskuldiget er him fan bedragerij. Bilbo, dy't ûnderwilens wer de Ienlike Berch ynglûpt is, fertelt Thorin lykwols wat er dien hat. Dêrop wol Thorin him deadwaan, mar de oare dwergen en Gandalf hâlde him tsjin en Bofur helpt Bilbo om op 'e nij fan rutens te spyljen en him by de tsjoender te jaan. As Bard en Thranduil Thorin derop fergje wat it wurde sil, oarloch of frede, komt de raven dy't er útstjoerd hie, werom. Wittende wat dat betsjut, kiest Thorin foar oarloch. De weromkear fan 'e raven kundiget nammentlik de oankomst oan fan it leger dwergen fan Thorin syn neef Dáin Izerfoet, de kening fan 'e Izerheuvels. Dat stelt him yn slachoarder op foar it alliëarde elfske en minsklike leger oer.
Eefkes liket it derop dat de elven en dwergen in fjildslach útfjochtsje sille, mar dat wurdt foarkomd troch de hommelse oankomst fan it leger oarken, fuortsterke mei trollen, ûnder lieding fan Azog. Dáin smyt syn dwergen yn 'e striid tsjin 'e oarken, en nei in oprop fan Gandalf oarderet Thranduil syn elven om 'e dwergen te helpen. Underwilens liedt Bard syn leger fan minsken werom nei de ruïnes fan Dol, dêr't de froulju en bern warleas efterbleaun binne, as Azog dy troch in diel fan syn leger fan 'e oare kant oanfalle lit. De gefjochten yn 'e strjitten fan 'e âlde stêd ûntpopje har lykwols yn in wanhopige striid dy't de oarken en trollen yn harren foardiel driigje te besljochtsjen. Op it iepen fjild wurde de elven weromdreaun nei Dol, wylst de dwergen tebekwike moatte nei de poarten fan 'e Ienlike Berch.