Delhi Crime is in troch Richie Mehta regisearre en skreaune Yndiaaske telefyzjesearje basearre op in wierbarde groepsferkrêfting yn 2012 yn Delhi. De haadrollen wurde spile troch Shefali Shah, Rasika Dugal, Adil Hussain en Rejesh Talang. De earste twa ôfleverings fan it seizoen gyngen op it Sundance Film Festival fan 2019 yn premiêre. Netflix brocht de searje op 22 maart ynternasjonaal út. De searje krige in hege wurdearring by it publyk en wûn yn 2020 in Emmy Award foar bêste dramasearje. Dehli Crima waard mei in twadde seizoen mei deselde spilers langer makke.

Plot Delhi Crime is basearre op in groepsferkrêfting yn Delhi yn 2012, dy't plakfûn yn in bus yn de omkriten fan Munirka yn it suden fan de stêd. De searje folget wat der barde nei de ferkrêfting wêrby it slachtoffer troch meardere manlju ferkrêfte waard. Nei de ferkrêfting waard hja alderheislikst mishannelle en mei har freon neaken op strjitte smiten. Plakferfangend plysjekommissaris Vartika Chaturvedi liedt it ûndersyk om út te sykjen wa't ferantwurdlik wie foar de misdied. Hja stiet ûnder grutte druk fan de polityk en de befolking om de dieders sa gau mooglik te finen.

Rolferdieling personaazje akteur/aktrise Vartika Chaturvedi Shefali Shah Neeti Singh Rasika Dugal Adil Hussain Kumar Vijay Rajesh Tailang Bhupendra Singh Vishal Chaturvedi Denzil Smith Chandni Yashaswini Dayama Gururaj Dixit Avijit Dutt Sudhir Kumar Gopal Datt Akash Sanjay Bishnoi Jai Singh Mridul Sharma Vimla Bharadwaj Jaya Bhattacharya Ira Swati Bhatia Jairaj Anurag Arora Vinod Tiwari Vinod Sharawat Arunesh Ayush Sehgal Smriti Rhea Bedi Deepika Abhilasha Singh Gaurav Rana Rakesh Verma Govind Singh Amar Singh Arif Vipin Katyal Keppeling om utens Delhi Crime yn de IMDb Delhi Crime op Moviemeter

Kategory:Yndiaaske dramasearje Kategory:Yndiaaske misdiesearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Hindytalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje oer ferkrêfting Kategory:Telefyzjesearje basearre op wiere foarfallen