Argentan is in lytse stêd en gemeente yn it Frânske departemint Orne yn 'e regio Normandje. De bewenners wurde Argentanais neamd. It plak is haadplak fan it arrondissemint Argentan.

Argentan leit oan 'e noardlike kant fan 'e Orne. De tichtst bylizzende stêd is Alençon, dat súdlik fan Argentan leit. Argentan is de tagongspoarte fan it Regionale Natoerpark Normandie-Maine. De nulmeridiaan rint troch Argentan en in stien oan 'e westlike yngong fan 'e stêd jout it plak oan.

Untwikkeling befolking Jier 1800 1851 1901 1954 1999 2018Ynwennertal 5.618 5.673 6.291 8.339 16.596 13.730

Skiednis thumb|left|De stêd yn 1944. Argentan waard yn in delte fan 'e Orne stifte. Yn 'e antike tiid hiet it plak Vagoritum. As Gallo-Romeinske stêd krige Argentan yn 'e midsiuwsen jimmeroan mear betsjutting. Mei de komst fan 'e Wytsings waard Argentan ûnderdiel fan Normandje. De hiele midsiuwen troch hie de stêd slim te lijen fan 'e striid tusken Ingelân en Frankryk. De stêd waard ferskillende kearen oermastere en ferneatige. Minister Jean Baptiste Colbert makke yn 'e tiid fan 'e Sinnekening fan Argentan in sintrum foar it meitsjen fan kant en dêrmei waard de stêd in konkurrint fan Alençon.

By de Slach om Ingelân spile Argentan tusken july 1940 en maart 1941 in rol, om't de Stukas fan 'e Dútsers dêrby gebrûk makken fan it noardlik lizzende fleanfjild by Sévigny. Op 5 juny 1944 waard de stêd bombardearre. Allinne it stedsdiel Saint-Martin bleau frij fan 'e bombardeminten. Sûnt 15 augustus stiene de Amerikanen foar Argentan en pas op 20 augustus folge de befrijing. By de striid waard Argentan foar 80% ferneatige.

It besjen wurdich Donjon fan Argentan, resten fan 'e stedsmuorre en de midiuswke Tour Marguerite It slot út 'e 14e iuw; tsjintwurdich Paleis fan Justysje mei de Sint-Nikolaaskapel (Rue des Anciens Combattants) Église Saint Martin (Rue Saint-Martin, 15e-16e iuw) Église Saint Germain (Rue Saint-Germain, 15e–18e iuw) Chapelle Saint Roch (Chemin de Saint-Roch))

Musea Maison des dentelles (Kantmuseum), Rue de la Noe Musée Fernand Léger (museum fan de keunstner Fernand Léger), rue de l'Hôtel de Ville

Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Orne Kategory:Plak yn Orne