De PC fan 2021 waard op woansdei 4 augustus ferkeatst. It wie neffens de nûmering fan 'e PC-organisaasje de 168e edysje fan it evenemint (hoewol't de 167e edysje, yn 2020, eins net spile wie omreden fan 'e koroanafiruspandemy). It evenemint fûn plak by sinneskynwaar ôfwiksele mei wat lichte bewolktens. Der hearsken oangename temperatueren. Oan 'e talitting fan publyk wiene beheinings steld y.f.m. de noch altyd hearskjende koroanapandemy. De winners fan 'e PC 2021 wiene Gert-Anne van der Bos fan Mantgum, Taeke Triemstra fan Sint-Jabik en Erwin Zijlstra fan Easterlittens. Erwin Zijlstra waard ta kening keazen.

Koroanabeheinings Yn it ramt fan 'e noch altyd hearskjende koroanafiruspandemy gouwen der by de PC fan 2021 in protte maatregels dy't fersprieding fan it firus foarkomme moasten. Sa wie de tagong beheind ta in publyk fan krapoan 5.000 minsken, wylst oare jierren altyd tusken de 8.500 en 9.000 belangstellenden op it Sjûkelân talitten waarden. Alle oanwêzigen waarden fierders strang kontrolearre en moasten oan 'e hân fan in QR-koade oantoane dat se òf folslein faksinearre wiene, òf dat se maksimaal 24 oeren foar it begjin fan 'e PC op koroana test wiene, mei negatyf resultaat.

Eins hie it sa wêze moatten dat lju dy't net oer sa'n (boppedat funksjonearjende) QR-koade beskikten, net talitten waarden. Mar de organisaasje striek de hân oer it hert foar in stikmannich âldere keatsfans mei in útprinte QR-koade (om't se net oer mobile tillefoan beskikten) dy't troch de scanapparatuer net oppikt waard. Ek inkele Belgen mei in yn Nederlân eins net jildige Belgyske QR-koade waarden dochs talitten. Foar lju dy't wol fuortstjoerd waarden, wie yn Grand Café De Doelen, oan 'e Bredepleats, in trijekoppige helpdesk ynrjochte om te besykjen it spul dochs noch op 'e rails te krijen., "Het is hier net een vliegveld", yn: de Ljouwerter Krante, 5 augustus 2021, s. 3.

Earste list nû. partoer útslach nû. partoer1. Tsjerk Elsinga Kevin Jordi Hiemstra Johannes van der Veen 5 – 2 6 – 42. Sip Jaap BosRiemer Hoekstra Lieuwe van der Werff3. Marten BergsmaDylan DrentHendrik Kootstra 5 – 2 6 – 44. Jouke Bosje André van Dellen Willem Heeringa5. Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar 5 – 4 6 – 06. Sjoerd de Jong Pieter Jan Plat Bauke Triemstra 7. Allard Hoekstra Laas Pieter van Straten Peter van Zuiden 5 – 2 6 – 48. Haye Jan Nicolay Evert Pieter Tolsma Jelte Visser 9. Jorn Lars van BeemThomas Dijkstra Steven Koster 3 – 5 2 – 610. Gerben de Boer Paul DijkstraRené de Haan 11. Jelle Attema Pieter Jan Leijenaar Gabe van Popta 1 – 5 4 – 612. Auke BoomsmaHyltje BosmaPatrick Scheepstra13. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraErwin Zijlstra 5 – 1 6 – 014. Jelte-Pieter Dijkstra Youri de GrootHendrik Jan van der Velde 15. Remmelt BoumaBauke DijkstraThomas van Zuiden 3 – 5 4 – 616. Enno KingmaKees van der SchootMenno van Zwieten

Twadde list nû. partoer útslach nû. partoer1. Tsjerk Elsinga Kevin Jordi Hiemstra Johannes van der Veen 1 – 5 6 – 63. Marten BergsmaDylan DrentHendrik Kootstra5. Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar 5 – 2 6 – 27. Allard Hoekstra Laas Pieter van Straten Peter van Zuiden 10. Gerben de Boer Paul DijkstraRené de Haan 5 – 4 6 – 412. Auke BoomsmaHyltje BosmaPatrick Scheepstra13. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraErwin Zijlstra 5 – 2 6 – 616. Enno KingmaKees van der SchootMenno van Zwieten

Heale finale nû. partoer útslach nû. partoer3. Marten BergsmaDylan DrentHendrik Kootstra 5 – 1 6 – 45. Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar10. Gerben de Boer Paul DijkstraRené de Haan 3 – 5 6 – 613. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraErwin Zijlstra

Finale nû. partoer útslach nû. partoer3. Marten BergsmaDylan DrentHendrik Kootstra 2 – 5 6 – 613. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraErwin Zijlstra (kening)

2021 Kategory:Barren yn 2021