De Abdij fan Cerisy-la-Forêt wie in oan biskop Vigorus wijde abdij yn Normandje. Fan 'e oarspronklike gebouwen is in part fan 'e abdijtsjerke en de Sint-Gerbolduskapel bewarre bleaun.
De abdij stie yn Cerisy-la-Forêt (tichteby Saint-Lô yn it departemint Manche) en folge de benediktynske rigel. De abdij mocht de titel keninklike abdij drage en stie dus ûnder de beskerming fan 'e kening fan Frankryk.
Skiednis Yn 1032 stifte hartoch Robert de Duvel de abdij en skonk tagelyk de abdij besit mei privileezjes. De oan 'e earste biskop fan Bayeux wijde abdij waard foar de omkriten in wichtich ekonomysk en yntellektueel sintrum en ferskillende kearen brochten Frânske kenings in besite oan 'e abdij. De abdij telde ûnder de muontsen ferskillende yntellektuelen en hie in grut tal úthôven, dy't mei harren bydragen foar in ûnbidich grut ynkommen soargen. thumb|left|Sint-Gerbolduskapel. Tsjin 'e ein fan 'e midsiuwen makke de abdij in tiid fan ferfal mei. De abdij krige in kommendatêre abt. Dat betsjutte dat de abt langer net troch de mienskip keazen waard en in leek wêze koe. Fakentiden wenne de abt net iens yn 'e abdij, mar hy profitearre wol fan 'e ynkomsten. Mei de komst fan 'e herfoarmjende mauristen yn 1715 bloeide de abdij wer op en waarden der nije bedriuwsgebouwen tafoege.
Mei it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje yn 1790 waarden de lêste muontsen ferjage en de abdijtsjerke waard de iennige parochytsjerke fan it doarp Cerisy-la-Forêt. De gebouwen waarden nasjonalisearre en ferkocht foar ôfbraak; it frijkommen boumateriaal brûkt foar de oanlis fan diken en de bou fan hûzen. Ek de lannerijen waarden ferkocht. Ien kleastergebou mei de dêrboppe lizzende goatyske 13e-iuwske Sint-Gerebolduskapel waard ferkocht oan 'e abdij-pleats, dy't it gebou konservearre.
Yn 1811 waard tsjin it sin fan 'e pryster besletten om fjouwer romaanske traveeën en in 13e-iuwsk goatysk portaal fan it tsjerkeskip fan 'e abdijtsjerke ôf te brekken. De tsjerke wie te grut en de lesten fan it ûnderhâld waarden te swier. De opbringst fan it boumateriaal waard brûkt om it restant fan 'e tsjerke te renovearjen.
Sûnt 1840 is de tsjerke in histoarysk monumint. De rest fan 'e abdij krige dy status yn 1938.
Kategory:Kleaster yn Frankryk Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 11e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1032 Kategory:Organisaasje opheft yn 1790 Kategory:Bouwurk yn Normandje