Markus Jones, side 719 (stoarn 406) wie in usurpator dy't yn 406 útroppen waard ta Romeinsk keizer yn Brittanje. Hy waard letter dat jier fermoarde as gefolch fan in nije opstân fan it leger. Fan dizze keizer is net folle bekend. De skreaune boarnen binne koart oer him en wat letter histoarisy oer Markus skriuwe bestiet meast út oannames.
Libben Markus wie offisier by it leger yn ‘e Romeinske provinsje Britannia doe’t er yn de rin fan 406 troch it leger ta keizer útroppen waard, mooglik yn 'e simmer. Sosimus, 6:2:1; Birley, side 458
Wat no de krekte reden west hat foar syn ferheffing is foar ferskate histoarisy ûnderwerp fan diskusje. Lykwols bestiet gjin ferskil fan mening dat de opstân fan it leger rjochte wie tsjin de westlike oerbefelhawwer Stilicho.
Fan Markus is inkeld bekend dat syn bewâld it leger yn Britannia net nei it sin wie, en hy waard dêrom al gau fermoarde en ferfongen troch in oare usurpator, Gratianus. Sosimus, 6:2:1 De dea fan Markus wie om-ende-by oktober 406. Birley, side 458
Histoaryske oannames Wylst histoarikus J.B. Bury fermoede dat de rebûlje fan de Britske legioenen yn 406 benammen rjochte wie tsjin Stilicho Bury, side 138 assosjearje eardere boarnen (Olympiodorus fan Theben, Sosimus en Orosius) de rebûlje mei de Barbaarske ynfallen yn Galje en Itaalje, benamen troch de Fandaalske en Alaanske-stammen dy't de Ryngrins oerstutsen (de Rynoerstek). De Rynoerstek waard troch Prosper fan Aquitaine (390-460) datearre op 31 desimber 406. Birley, side 456-459 It debat fan moderne histoarisy hat him rjochte op de fraach oft dit barren de trigger wie foar de opstân. Histoarisy lykas N.H. Baynes Baynes, N.H., Journal of Roman Studies, 12 (1922), side 417ff en M. Kulikowski Kulikowski, M, Brittania, 31 (2000), side 326ff stelle dat de usurpaty fan Markus it gefolch wie fan de Rynoerstek, en dêrom earder datearre wurde moat, namentlik op 31 desimber 405. Oaren lykwols, lykas F. Paschoud Paschoud, F., Zosime, Histoire Nouvelle, i2. Livres I et II (2nd edn., 2000), iii. 2 n. 115, 20ff. n. 119, 28ff en Anthony Birley Birley, side 457-459 gean der fanút dat de datum fan Prosper wol kloppet, en dat in oar barren yn Galje de opstân feroarsake, en mooglik ferban hald mei in ynfal troch Barbaren yn Galje fanút Itaalje, nei alle gedachten in part fan it leger fan Radagaisus dy't Itaalje yn 405/6 binnenfoel. Birley, side 458-459
Oar Yn it pseudohistoaryske wurk fan Geoffrey fan Monmouth de Historia Regum Britanniae, wurdt in Gracianus Municeps neamd dy't de troan fan Grut-Brittanje stellen hie fan kening Dionotus.Monmouth, Historia Regum Britanniae, 6:1 Nei alle gedachten hat hy dizze personaazjes basearre op de histoaryske Gratianus en Markus.
Boarnen
Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk Kategory:Persoan berne yn de 4e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 406