De Église Saint-Étienne-le-Vieux (Alde Sint-Stefanustsjerke) is in earder tsjerkegebou yn it sintrum fan 'e Normandyske stêd Caen, Frankryk. De tsjerke is foar in grut part yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige en bleau sûnt as in ruïne stean. De tsjerke moat net betiizge wurde mei de Saint-Etienne, de âlde abdijtsjerke fan 'e Abbaye aux Hommes, dy't net fier fan it plak stiet.

De tsjerke is sûnt 1903 in histoarysk monumint.

Skiednis Nei alle gedachten waard de tsjerke oarspronklik yn 'e 10e iuw stifte. De tsjerke waard foar it earst neamd om 1067 hinne yn 'e oan troch Willem de Oermasterer oerlange hânfêsten oan 'e twa abdijen fan Caen. Dêr wurdt de tsjerke sanctus Stephanus Vetus neamd. De tafoeging Vetus/Vieux is om 'e tsjerke te ûnderskieden fan 'e 11e-iuwske abdijtsjerke, dy't oan 'e selde Étienne (Stefanus) wijd waard. thumb|left|De tsjerke yn it earste fearn fan 'e 20e iuw Fanwegen de kwetsbere posysje tichteby de stedsfersterkings waard de tsjerke yn 'e Hûndertjierrige Kriich slim skeind, fral by it belis fan Caen yn 1417. De tsjerke waard yn 'e tiid fan 'e Ingelske besetting en dêrnei wer opboud en fan dy tiid datearret de achthoekige krusingstoer.

Nei't it yn 1780 ferbean waard om yn 'e stêd te begraven, ferhûze it tsjerkhôf fan 'e Saint-Étienne nei it nije Cimetière des Quatre-Nations. De tsjerke waard yn 1793 sletten, mar oars as oare tsjerken yn 1802 net werom jûn foar de earetsjinst. De tsjerke fan 'e âlde yn 'e Frânske Revolúsje sletten abdij waard as de ferfangende parochytsjerke oanwiisd. Der folge in tiid fan ferfal.

Yn 1840 waard de tsjerke as histoarysk monumint erkend, mar sloop drige foar de tsjerke. Op it alderlêste momint koe de tsjerke foar ôfbraak sparre wurde troch it krewearjen fan Arcisse de Caumont en Antoine Charma, leden fan it Société des antiquaires de Normandie. It Normandyske Aldheidkundich Selsskip wie fan doel de tsjerke te brûken om dêr harren kolleksje yn ûnder te bringen, mar it Musée des antiquaires de Normandie (Aldheidkundich Museum fan Normandje) waard lang om let yn it eardere, tichtebylizzende Collège du Mont ûnderbrocht, it âlde kolleezje fan 'e Sint-Michaelabdij yn Caen. De gemeente brûkte dêrnei de tsjerke om dêr arsjitekturale fragminten yn te bewarren, oant dy yn 1926 oerbrocht waarden nei it museum.

Yn 1944 waard de tsjerke rekke troch in granaat, dy't ôffjurre wie op in kolonne Dútske tanks dy't dêr opsteld stiene. It skip waard op 'e ûnderste dielen fan 'e bûtenmuorren nei folslein ferneatige. Fan in restauraasje is it neitiid net kommen.

Fanwegen de steat fan it gebou is it ferbean om yn it gebou te gean.

Kategory:Caen Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk yn Normandje