thumb|Van Gog by syn arrestaasje op Skiphol (1948) Lambertus Thomas van Gog (Amsterdam, 8 oktober 1916 - 1986) wie in Nederlânske oarlochsmisdiediger. Yn 'e mande mei Daniel Bernard fermoarde er op 18 oktober 1943 de Nederlânske skriuwer A.M. de Jong. Dat wie ien fan de Silbertannemoarden.
Nei de oarloch flechte er nei Spanje, mar waard dêr yn 1948 oanholden en oerdroegen oan Nederlân.Verdacht van moord op A.M. de Jong. SS'er in Spanje aangehouden, Trouw, 16 febr. 1948Vermoedelijke moordenaar van A.M. de Jong uitgeleverd. Politie spoorde hem in Spanje op, Het Parool, 14 april 1948.
Bernard waard op 31 desimber 1949 troch it Amsterdamsk Bysûnder Gerjochtshof feroardield ta in straf fan 20 jier foar dy moard. De eask wie libbenslangDe moord op A.M de Jong: twintig jaar voor Bernard en Van Gog, De Telegraaf, 2 januari 1950. Dy straf waard yn kassaasje hanthavene yn oktober 1950Moordenaars van A.M. de Jong houden hun straf, Provinciale Zeeuwse Courant, 19 oktober 1950. Yn 1985 waard er betiid frijlitten út de finzenis om reden fan sûnens en yn 1986 kaam er te ferstjerren.
Kategory:Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan feroardiele foar moard Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1986