Star Trek: Nemesis is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 ûnder rezjy fan Stuart Baird, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Jonathan Frakes en Brent Spiner. It wie de tsiende film út 'e Star Trek-filmsearje, en de fjirde (en lêste) dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Aartsfijân". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise, û.l.f. kaptein Jean-Luc Picard, as se nei it Romulaanske Stjerreryk stjoerd wurde, dêr't de nije praetor, Shinzon, fertsjintwurdigers fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten útnûge hat. It docht bliken dat Shinzon in kloan fan Picard is, dy't troch in steatsgreep oan 'e macht kommen is. Star Trek: Nemesis krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen. Omreden fan dy teloarstelling waard de Star Trek-filmsearje yn 2009 ferfette mei de reboot-film Star Trek.

Plot Op Romulus, de thúsplaneet fan it Romulaanske Stjerreryk, debatearje de leden fan 'e Romulaanske Senaat oer de fraach oft se in oanbod fan frede en bûnsgenoatskip oannimme sille fan opstannelingelieder Shinzon. Dyselde is de lieder fan 'e Remanen, in bûtenierdsk ras fan slaven, ôfkomstich fan Remus, de buorplaneet fan Romulus. Hja wurde yn it Romulaanske Ryk ynset as mynwurkers en yn tiden fan oarloch ek as kanonnefoer. In diel fan 'e Romulaanske striidkrêften, ûnder lieding fan kaptein Suran, stipet it oanbod fan Shinzon, om't in bûnsgenoatskip mei dyselde harren by steat stelle sil om 'e langjierrige kâlde oarloch mei de Feriene Federaasje fan Planeten te beëinigjen mei in klinkende Romulaanske oerwinning. Praetor Hiren en it meastepart fan 'e senators wol lykwols neat witte fan in ta-inoarkommen mei de Remanen, dy't sy ferachtsje. Nei't it útstel ôfwiisd is en Hiren Suran te plak set en fuortstjoerd hat, ferlit de froulike senator Tal'aura de senaatskeamer en lit in mysterieus doaske efter. As dat neitiid út himsels iepengiet, blykt it in wapen te wêzen. Troch de strieling dêrfan komme Hiren en de oare senators binnen in heale minút om as harren lichems ienfâldichwei útinoar falle.

Underwilens fiert de bemanning fan 'e USS Enterprise-E, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, op 'e Ierde de brulloft fan earste ofsier William T. Riker en adviseur Deanna Troi. Mei't Troi heal Bêtazoïdysk is, sil de brulloft neitiid nochris oerdien wurde op har thúsplaneet Bêtazed, dêr't it gebrûklik is dat it breidspear en alle gasten by sokke seremoanjes neaken wêze sille. Sadwaande set de USS Enterprise nei de Ierdske brulloft koers nei Bêtazed. Underweis dêrhinne fangt it skip lykwols in positroanysk enerzjyspoar op, dat ôfkomstich is fan in planeet yn it Kolaraanske planetestelsel, deunby de Neutrale Sône tusken de Federaasje en it Romulaanske Stjerreryk. Kaptein Jean-Luc Picard beslút de saak te ûndersykjen, mei't positroanyske enerzjysinjalen oant no ta inkeld bekend binne fan syn ûnderhearrige, de androïde kaptein-luitenant Data. Oankommen by de planeet Kolarus III bejouwe Picard, Data en luitenant 1e klasse Worf, in Klingon, har nei it oerflak. Dêr treffe se de brokstikken fan androïde oan, dy't as twa drippen wetter op Data liket.

Nei't se oan in oanfal troch de bewenners fan 'e planeet ûntkomd en nei harren romteskip weromkeard binne, sette Data en syn freon Geordi La Forge, de masinist fan 'e Enterprise, de androïde wer yninoar. It is dúdlik dat it giet om in skepping fan Noonien Soong, deselde geniale mar healwize wittenskipper dy't ek Data makke hat. La Forge, dy't fêststelt dat dizze androïde net sa avansearre is as Data, ornearret dat it om in ier prototype gean moat. De androïde stelt himsels foar as B-4 (Before, "Foarôf"), in namme dy't dy teory liket te befêstigjen. B-4 liket de ferstanlike fermogens fan in pjut te hawwen en kin net fertelle wat er op Kolarus III die of hoe't er dêr bedarre is. Yn in besykjen om him in upgrade te jaan wurdt alles dat Data wit, kopiëarre nei de positroanyske matriks fan B-4. Dat hat lykwols gjin merkber effekt. Underwilens ûntfangt Picard fia de subromtebân nije oarders fan fise-admiraal Kathryn Janeway yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco. De Federaasje hat nammentlik in útnûging ûntfongen fan 'e nije praetor fan it Romulaanske Stjerreryk om in romteskip stjoeren foar in diplomatike misje, en de Enterprise is troch syn posysje by Kolarus it tichtstby. Janeway leit út dat Shinzon troch in steatsgreep de macht yn it Romulaanske Ryk grepen hat en dat er syn ras, de Remanen, harren frijheid jaan wol en tagelyk frede slute mei de Federaasje.

Nei't de USS Enterprise by Romulus arrivearre is, ûntdekke Picard-en-dy dat Shinzon eins in minske is, en boppedat in genetyske kloan fan Picard sels. Hy waard sa'n tweintich jier lyn makke foar in nea yn 'e praktyk brocht Romulaansk plan om Picard ûngemurken te ferfangen en sa in heechpleatste spion binnen de Federaasje te krijen. Doe't dat plan ôftanke waard om't der in nij regear oan 'e macht kaam, waard Shinzon, doe noch in bern, nei de dilitiumminen op Remus stjoerd om himsels dêr as slaaf dea te wurkjen. Troch syn natuerlik liederskip en de beskerming en trou fan syn mei telepatysk talint bejeftige Remaanske ûnderkening wist er him nei mear as tsien jier lykwols op te werpen as foaroanman fan 'e Remanen. Dy kamen ûnder syn lieding yn opstân en bouden in swierbewapene romteskip, de Scimitar, dat beskikt oer in mysterieus wapen. La Forge ûntdekt dat de Scimitar lege nivo's fan talaronstrieling útstjit, dat frijwol fuortendaliks deadlik is foar alle foarmen fan libben. It docht bliken dat talaronstrieling it wapen is dat Shinzon brûkt hat om 'e Romulaanske Senaat ôf te slachtsjen.

Wylst Shinzon Picard útnûget om op Romulus mei him te dinearjen en sa better mei him yn 'e kunde te kommen, wurdt de skipskompjûter fan 'e USS Enterprise hackt, wêrby't û.m. de hjoeddeistige posysje fan elts romteskip fan 'e Stjerrefloat bútmakke wurdt. As Data en La Forge nei dat foarfal ûndersyk dogge, komme se ta de konkúzje dat B-4 de hack útfierd hat. Se ûntdekke dat de androïde troch Shinzon-en-dy programmearre is om 'e ynformaasje te stellen. Dat moat betsjutte dat Shinzon dejinge is dy't B-4 op Kolarus III efterlitten hat om Picard nei de Neutrale Sône te lokjen, sadat de Enterprise it skip wêze soe dat troch de Stjerrefloat nei Romulus ta stjoerd wurde soe nei't Shinzon syn útnûging dien hie. Shinzon lit syn wiere aard blike as er mei help fan 'e telepatyske fermogens fan syn ûnderkening in seksuele oantaasting fan Deanna Troi simulearret. Skipsdokter Beverly Crusher ûntdekt dat Shinzon oerfluch ferâlderet om't by it kloanen fan him gebrûk makke is fan RNA ynstee fan DNA. Hy sil mei koarten komme te ferstjerren, en it iennichste dat him rêde kin is in transfúzje mei it DNA fan Picard.

Shinzon ûntfiert Picard en B-4 fan 'e USS Enterprise troch harren oer te strieljen nei de Scimitar. As er dêr risselwearret foar de DNA-transfúzje, docht lykwols bliken dat Data en La Forge Data sels omwiksele hawwe foar B-4. De ynformaasje dy't Shinzon út it ûnthâld fan 'B-4' oerladen hat, is sadwaande misliedende ûnsin dêr't er neat wizer fan wurde sil. Data befrijt Picard en tegearre ûntsnappe se fan 'e Scimitar. Sadree't se wer oan board fan 'e Enterprise binne, jout Riker befel om fan rutens te spyljen en set it skip mei maksimale faasje ôf werom nei de Federaasje. Picard en Data hawwe no genôch fan Shinzon syn bedoelings heart en fan syn skip sjoen om foar it ferstân te krijen dat er fan doel is om 'e Federaasje binnen te fallen en alle libben op 'e Ierde út te rûgjen troch it gebrûk fan syn talaronstrielingswapen. Underwilens is de Romulaanske kaptein-luitenant Donatra ta deselde konklúzje kommen. Hoewol't sy troch Shinzon stjoerd is om in eachje op kaptein Suran te hâlden, dy't er net fertrout, is sy dejinge dy't Suran bepraat om it tsjin Shinzon yn 'e kant te setten, mei't se net mandélich wêze wol oan genoside.

Om werom te kommen yn it domein fan 'e Federaasje moat de USS Enterprise yn 'e Neutrale Sône troch de Bassenkleau, in regio fan 'e romte dêr't de strieling dy't ferskate stjerren útstjitte, kommunikaasje oer de subromtebân mei de rest fan it hielal ûnmooglik makket. Dêr wurdt it skip oanfallen troch de Scimitar, dy't gebrûk makket fan Romulaanske kamûflaazjetechnology om ûnsichtber te bliuwen foar de bemanning fan 'e Enterprise. Kaptein-luitenant Donatra komt de Enterprise mei twa Romulaanske romteskippen te help, en trijeresom witte se in beskate skea oan 'e Scimitar ta te bringen. Dêrfoaroer wit de Scimitar lykwols ien Romulaansk skip te ferneatigjen, wylst it skip fan Donatra alle wapens en oandriuwing kwytrekket en de Enterprise swiere averij oprint. Yn uterste need brûkt Deanna Troi har telepatyske fermogens om 'e Remaanske ûnderkening werom te finen; mei't dy him oan board fan 'e Scimitar befynt, kin se dêrtroch ek de posysje fan it ûnsichtbere romteskip bepale. Op dy wize wit de Enterprise it fijannige skip ek swiere skea ta te bringen, mar it slagget net om 'e Scimitar ta stilstân te bringen.

Shinzon lit de Enterprise interje troch syn ûnderkening oan it haad fan in detasjemint Remanen, mei as doel om Picard te ûntfieren, dy't er ommers libben nedich is foar de DNA-transfúzje. De Remanen komme lykwols om, en de ûnderkening wurdt troch Riker persoanlik te pletter smiten. Om't er beseft dat de Scimitar tsjin eltse priis tsjinkeard wurde moat, oarderet Picard de Enterprise om it fijannige skip te ramen. Beide skippen rinne troch de botsing swiere skea op en alle konvinsjonele wapens fan 'e Scimitar wurde útskeakele. Shinzon jout dêrop befel om it talaronstrielingswapen tsjin 'e Enterprise yn te setten. It duorret sân minuten om dêrfoar te risselwearjen. Yn dy tiid lit Picard himsels nei de Scimitar ta striele, dêr't er de brêge fan it skip ynkringt en mei Shinzon fjochtet oant er dyselde úteinlik speetst op in metalen skoarre.

Underwilens binne oan board fan 'e Enterprise de transporters útfallen nei't Picard ôfset is. Om't oerstrieljen dus ûnmooglik is, springt Data (dy't as androïde gjin ferlet hat fan lucht) troch de iepen romte fan it iene nei it oare skip. Hy arrivearret op 'e brêge fan 'e Scimitar fuort nei't Picard Shinzon deade hat. It talaronstrielingswapen stiet op it punt om op 'e Enterprise te fjurjen. Data hellet in minuskule draachbere ienpersoanstransporter foar it ljocht, dy't La Forge him earder jûn hie doe't se him omwikselen foar B-4, spjeldet dy Picard op it boarst en aktivearret him ear't Picard wat dwaan of sizze kin. Nei't Picard op dy wize fuortstriele is nei de Enterprise, lûkt Data syn laserwapen en fjurret dat ôf op 'e talaronstrielingsgenerator, mei as gefolch dat de Scimitar ûntploft en yn stikjes en brokjes útinoar spat. Wylst de bemanning fan 'e Enterprise rouwet om it ferlies fan Data, nimt kaptein-luitenant Donatra kontakt mei it skip op om utering te jaan oan har tankberens en help oan te bieden by de fersoarging fan 'e ferwûnen.

Werom by de Ierde leit de USS Enterprise-E yn in romtedok om it skip te reparearjen. Picard nimt dêr ôfskied fan 'e einlings en te'n lêsten ta kaptein befoardere Riker, dy't mei in eigen skip, de USS Titan, ôfsette sil nei Romulaanske Neutrale Sône om dêr fredesûnderhannelings mei it Romulaanske Stjerreryk te begjinnen. Picard besiket neitiid B-4 oan it ferstân te krijen wat der bard is mei Data en wat Data foar him betsjut hat, mar de androïde begrypt it net. As de kaptein it opjout, begjint B-4 lykwols sêftkes it liet Blue Skies fan Irving Berlin te sjongen, itselde ferske dat Data op 'e brulloft foar Riker en Troi songen hat. It giet mei hoarten en stjitten, en Picard moat him helpe de juste wurden te finen, mar de kaptein wurdt dêrtroch bewissige dat B-4 it fermogen hat om meitiid krekt like heechûntwikkele te wurden as syn omkommen freon.

Rolferdieling

haadrollen