The Blue Lagoon is in Amerikaanske romantyske dramafilm út 1980 ûnder rezjy fan Randal Kleiser, mei yn 'e haadrollen Brooke Shields en Christopher Atkins. De titel betsjut "De Blauwe Lagune". De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Henry De Vere Stacpoole, en wie teffens in remake fan in eardere ferfilming, The Blue Lagoon út 1949. It ferhaal giet oer twa jonge bern dy't nei in skipbrek allinne fêst komme te sitten op in tropysk ûnbewenne eilân yn 'e Stille Súdsee en dêr tegearre opgroeie. De filmkritisy lieten de film yn harren resinsjes alhiel ôfrinne, mar nettsjinsteande dat groeide The Blue Lagoon yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.

Plot Yn 'e lêste jierren fan 'e njoggentjinde iuw is in Arthur Lestrange, in Amerikaan út in begoedige maatskiplik fermidden, op it sylskip de Northumberland ûnderweis fan Boston om Kaap Hoarn hinne nei San Francisco, om him dêr te fêstigjen. Hy is in widner en hy hat syn achtjierrige soan Richard by him, en ek syn like âlde omkesizzer Emmeline, dat in weesbern is. Nei't se troch in stoarm by Kaap Hoarn fan koers reitsje en fier de Stille Oseaan op dreaun wurde, brekt der op in dei brân út op 'e Northumberland. Bemanning en passazjiers moatte halje-trawalje it skip ferlitte, en de beide bern bedarje yn in roeiboat mei de âlde loaie skipskok Paddy Button. Yn tichte mist reitsje se it kontakt mei de oare boatsjes kwyt. Nei dagenlang op see omdreaun te hawwen, bringt de seestreaming harren by in wielderich begroeid tropysk eilân lâns, dêr't Paddy de boat nei ta roeit.

It blykt in ûnbewenne eilân te wêzen, mei tropysk reinwâld yn it binnenlân en in wyt sânstrân oan 'e kust. Se fine der swiet wetter út in welle om te drinken en fruchten, fisk en skaaldieren op te iten. It docht bliken dat der al earder skipbreklingen op it eilân fêstsitten hawwe, want Richard fynt in skelet, wylst Emmeline in fetsje rum oantreft (dat Paddy daliks yn beslach nimt). Paddy besiket foar de bern te soargjen, hoewol't er dêr eins hielendal net geskikt foar is. Hy leart se te fiskjen en wat se ite kinne en wat net, hoe't se mei knopen dingen fêstsette kinne, hoe't se fan palmblêden in hutte bouwe kinne en sa mear. Hy warskôget harren op skerpe wize tsjin it iten fan 'e felreade beien fan in plant dy't op it eilân groeit. As se dêrfan ite, sa seit, sille se yn 'e sliep falle en nea wer wekker wurde. De bern neame de fruchtsjes neitiid de 'yn-'e-sliep-fallersbeikes'.

As er him ris oan 'e oare kant fan it eilân bejout, treft Paddy dêr de restanten oan fan in minske-offer op in flakke stien dy't blykber as alter brûkt wurdt, foar in grutte opsteande rots dy't dizenich de foarm fan in minsklik gesicht hat. Hy beseft dat se dochs net allinne op it eilân binne, en ferbiedt de bern om ea noch nei de oare kant fan it eilân te gean. As se witte wol wêrom net, byt er harren ta dat it de wet is, dat je no ienris dwaan moatte wat de wet seit. Paddy spuit der net yn, as er him op in jûn, nei't se in pear moannen op it eilân binne, wer ris bedrinkt oan 'e rum dy't Emmeline fûn hat, giet er midden yn 'e nacht mei syn dronken kop in ein te swimmen. De oare deis treffe de bern him ferdronken oan op it strân fan in lyts eilantsje dat in pear hûndert meter foar de kust fan it gruttere eilân leit.

De beide bern bliuwe allinne efter, en op oanstean fan Emmeline ferlitte se it plak dêr't se mei Paddy wenne hawwe, om't it har drôf makket. Richard roeit de roeiboat by de kust fan it eilân lâns oant se in plak fine dat harren gaadlik liket, en dêr sette se har nei wenjen troch op eigen manneboet, mei de feardichheden dy't Paddy harren bybrocht hat, in nije hutte te bouwen.

As de jierren foarby geane en Richard en Emmeline teenagers wurde, reitsje se fereale opinoar. De gefoelens binne lykwols tige betiizjend foar harren, om't se nimmen hawwe dy't har wat útlizze kin. As se foar it earst de regels kriget, hat Emmeline alhiel gjin aan wêrom't se bliedt. Se rekket bot oerstjoer en ropt oan Richard om help, mar as er him nei har ta hastiget, fielt se skamte en wol se him net fertelle wat der is. Se wegeret om har troch Richard ynspektearje te litten op 'e siik nei wat er tinkt dat grif in wûne wêze moat. Hoewol't Emmeline fereale is op Richard, triuwt se him fuort as er foar it earst fysyk neieroankommen siket. Dêrop giet er nei in plak dêr't er allinne wêze kin en ûntdekt er wat masturbaasje is.

Om 'e safolle tiid hearre Richard en Emmeline it trommegeroffel fan 'e ynboarlingen as dy fan in oar eilân oerkomme om by it grutte rotsgesicht in minske-offer te bringen. Se wurde nijsgjirrich nei wa't dat lûd makket, mar Richard hâldt him trou oan 'e wet dy't Paddy harren oplein hat. Emmeline, lykwols, brekt temûk de wet troch op ferkenning nei de oare kant fan it eilân te gean, dêr't se it bloedige alter en it rotsgesicht sjocht. Mei't se it bloed assosjearret mei de krusiging fan Jezus, mient se dat it grutte gesicht God is. Neitiid bringt se eigen offers fan blommeslingers op it alter, en teffens besiket se Richard safier te krijen dat dy meigiet nei it grutte gesicht om te bidden. Richard, lykwols, is skokt dat Emmeline de wet brutsen hat en wol dêr neat fan witte.

As der foar it earst yn jierren in skip by it eilân lâns komt, stekt Emmeline it sinjaalfjoer net oan dat Richard foar sa'n gefal klearlein hat. Fan gefolgen fart it skip foarby sûnder de skipbreklingen op te merken. Richard, dy't him fan in oar part fan it eilân nei de hutte ta hastige hat, fart lulk út tsjin Emmeline, mar sy fertelt him, ta syn folsleine ferbjustering, dat it eilân no harren thús is dat se hjir bliuwe moatte. Richard besiket mei in eigenboud flot it eilân te ferlitten, mar it wurdt stikkenslein yn 'e brâning. As Richard wiet en mei in kwetst ego op it eilân weromkomt, laket Emmeline him út. Se krije rûzje dy't oanboazet ta in punt dat se inoar mei kokosnuten begjinne te bekûgeljen. Richard sines misse, mar Emmeline harres rekket Richard op 'e holle. Neitiid is er sa opsternaat dat er Emmeline út harren mienskiplike hutte smyt, dy't hy foar it meastepart boud hat.

Emmeline lûkt har werom yn in lytse útsparring yn in rots by it strân, dêr't se in ôfdaksje fan flochten palmtûken by bout. De rûzje mei Richard hâldt oan, mar as se by fersin op in giftige stienfisk stean giet en Richard har letter siik en swak oantreft, ferjit er op slach alles wat der tusken harren foarfallen is. Emmeline smeekt him om har by 'God' te bringen, dat Richard draacht har nei de oare kant fan it eilân, dêr't er har op it alter leit en bidt om har genêzing. As Emmeline wer opbetteret, bychtet Richard op hoe't er yn eangst sitten hat om har te ferliezen. Se groeie mear nei-inoar ta as ea tefoaren, en ûntdekke geslachtsmienskip. Op basis fan foto's fan in brulloft út in hutkoffer dy't Paddy nei it sinken fan 'e Northumberland út 'e see fiske hat, hâlde se in ymprovisearre trouwerij.

Neitiid hawwe Richard en Emmeline geregeldwei seks, oant Emmeline op in stuit grou wurdt en der net mear fan genietsje kin. As der op in dei wer trommegeroffel klinkt, is Richard bang dat Emmeline dêr lykas earder op ôfgien is. Hy hastiget him nei it rotsgesicht ta, mar treft Emmeline dêr net oan. Wol is er der út it strewelleguod wei tsjûge fan hoe't in stikmannich ynboarlingen ien fan harren brûke om in minske-offer te bringen. Richard is dêr raar fan, en lit Emmeline letter ûnthjitte dat se nea wer op it trommegeroffel ôfgean sil. Underwilens wurdt Emmeline almar grouwer. Richard hat dêr bot argewaasje fan en besiket har om 'e nocht safier te krijen dat se minder yt. Mei't Richard en Emmeline neat fan swierwêzen en fuortplanting ôfwitte, komt de berte fan in poppe foar harren as in folsleine ferrassing. Se neame it jonkje Paddy.

Ferskate jierren letter, as de lytse Paddy in pjut is, fart der wer in skip by it eilân lâns. Oan board is Richard syn heit Arthur Lestrange, dy't syn libben wijd hat oan 'e syktocht nei de ferdwûne bern. It tafal wol dat de lytse Paddy krekt foartiid yn 'e drek oan it boartsjen wie, en dat Richard en Emmeline har by him jûn hawwe. Lestrange en de bemanning sjogge troch de fierrekiker in jonge húshâlding wêrfan't de leden harsels hielendal mei drek ynsmaard hawwe, en komme ta de konklúzje dat it ynboarlingen wêze moatte, om't gjin beskaafde minske soks dwaan soe. Richard en Emmeline sjogge it skip wol, mar Richard is no sa gelokkich mei syn Emmeline en harren soan, dat er einlings en te'n lêsten syn besykjen opjout om it eilân te ferlitten. Se keare it skip de rêch ta en trijeresom ferdwine se yn it oerwâld.

Inkele dagen letter besykje se op oanstean fan Emmeline nochris it plak dêr't se nei de skipbrek it earst oan lân kamen, en dêr't se ferskate moannen mei Paddy wenne hawwe. Wylst Richard en Emmeline eefkes net goed om him tinke, brekt de lytse Paddy in twiich mei 'yn-'e-sliep-fallersbeikes' fan 'e plant ôf en bringt dy nei de roeiboat ta, dêrby it hâlden en dragen fan syn heit neibearend, dy't er itselde dwaan sjoen hat mei in tros bananen. As de boat mei Emmeline en de lytse Paddy deryn op drift rekket, triuwt Paddy ien fan 'e roeirimen út 'e boat. Emmeline kin der net by, dat se ropt Richard, dy't nei de boat ta swimt en ûnderweis de roeirym opfandelje wol. Der komt lykwols in haai op him ôf, en Richard moat swimme foar syn libben. Emmeline smyt de oare roeirym nei de haai ta om it bist ôf te skrikken. Dat wurket wol, en Richard kin ûnskansearre de roeiboat berikke, mar dan hawwe se hielendal gjin roeirimen mear, en de om it boatsje hinne rûntsjedraaiende haai keart tsjin dat se de yn 'e fierte driuwende rimen wer besette kinne.

De boat wurdt troch de streaming fan it wetter meiskuord nei iepen see, en Richard, Emmeline en Paddy driuwe dêr dagenlang om. As Richard en Emmeline op in dei wekker wurde, sjogge se ta harren skrik dat Paddy it twiichje mei 'yn-'e-sliep-fallersbeikes' foar it ljocht helle en guon fan 'e beikes opiten hat. Om't se no beseffe wat Paddy Button bedoelde mei 'yn 'e sliep falle om nea wer wekker te wurden', ferlieze se alle hope op in goede ôfrin. Se ferdiele de oerbleaune beien yn twaen en ite dy op, wêrnei't se har mei syn trijen yn 'e boat deljouwe om te ferstjerren. Inkele oeren letter wurdt de roeiboat ûntdutsen troch it skip fan Arthur Lestrange. As bemanningsleden oan board fan 'e roeiboat geane, freget Arthur harren: "Binne se dea?" De kaptein antwurdet him: "Nee, mynhear. Se sliepe."

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Emmeline Lestrange (as teenager) Brooke ShieldsKathy Troutt (body double yn neakensênes) Richard Lestrange (as teenager) Christopher Atkins

byrollen personaazje akteur/aktrise                                  Paddy Button Leo McKern Emmeline Lestrange (as bern) Elva Josephson Richard Lestrange (as bern) Glenn Kohan Arthur Lestrange William Daniels kaptein fan 'e Northumberland Alan Hopgood kaptein fan it sykjende skip Gus Mercurio lytse Paddy Lestrange Bradley Price Paddy Lestrange (as poppe) Chad Timmermans

Produksje en distribúsje Produksje The Blue Lagoon wie basearre op 'e roman The Blue Lagoon, fan Henry De Vere Stacpoole út 1908. It wie teffens in remake fan 'e ferfilming The Blue Lagoon út 1949, mei Jean Simmons en Donald Houston yn 'e haadrollen. De film wie in persoanlik projekt fan regisseur Randal Kleiser, dy't al in protte jierren in grut bewûnderder fan 'e oarspronklike roman wie. Behalven as regisseur wied er ek as produsint by de film belutsen, foar de studio Columbia Pictures. Hy naam Douglas Day Stewart yn 'e earm om it senario te skriuwen. Nei't er yn 'e kunde kommen wie mei Richard Franklin, in Australyske regisseur dy't wurk socht yn Hollywood, kaam Kleiser op it idee om mei in Australyske filmcrew te wurkjen, wêrby't Franklin as tuskenpersoan fungearre.