Franciscus Cornelis Gerardus Maria (Frans) Timmermans (Maastricht, 6 maaie 1961) is in Nederlânske politikus, diplomaat en fan 1 desimber 2019 oant 22 augustus 2023 Eurokommissaris en teffens de earste fisefoarsitter fan de kommissy-Von der Leyen.

Hy wie amtner yn diplomatyke tsjinst fan Nederlân fan 1987 oant 1998, dêrnei waard er polityk aktyf.

Timmermans wie fan 5 novimber 2012 oant 17 oktober 2014 minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Rutte II. Earder wie er fan 2007 oant 2010 steatssekretaris fan Jeropeeske Saken (BuSa) yn it kabinet-Balkenende IV. Fan 1998 oant 2007 en fan 2010 oant 2012 wie Timmermans út namme fan de Partij fan de Arbeid lid fan de Tweede Kamer. Yn 2023 en 2025 wie er listlûker foar GrienLinks-PvdA. Nei de ferkiezingen fan 2025 lúts er him werom as partijlieder fan Grienlinks-PVDA.

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk minister fan Bûtenlânske Saken Kategory:PvdA-politikus Kategory:Polyglot Kategory:Nederlânsk eurokommissaris Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Persoan berne yn 1961