The Martian is in Amerikaansk-Britske science fiction-aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Jessica Chastain. De titel betsjut "De Marsman". It ferhaal giet oer astronaut Mark Watney, dy't ûnder in romtefeartmisje nei de planeet Mars nei in ûngemak foar dea efterlitten wurdt en dan oardel jier allinnich op Mars sjen moat te oerlibjen. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. The Martian wûn twa Golden Globes (wêrûnder dy foar bêste film) en in Hugo Award, en waard nominearre foar sân Oscars en ferskate oare prizen.

Plot Yn 2035 binne de leden fan 'e Ares III-misje fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA op 'e planeet Mars Acidalia Planitia oan it ferkennen op sol 18 fan harren ekspedysje dy't 31 sols duorret ("sol" is in ôfkoarting fan Martiaanske solêre dei, mei't dagen op Mars krapoan 40 minuten langer binne as op 'e Ierde). As in swiere stofstoarm driget harren Mars Ascent Vehicle (MAV) om te smiten, in raket dy't se nedich hawwe om fan it oerflak fan Mars werom te kearen nei harren romteskip dat yn in baan om 'e planeet rûntsjedraait, wurde se twongen om harren misje foartidich ôf te brekken.

By de evakuaasje wurdt astronaut Mark Watney rekke troch in foarwerp dat troch de wyn meifierd wurdt, en de telemetry dy't trochstjoerd wurdt troch de biomonitor fan syn romtepak hâldt op. De oare leden fan 'e misje, dy't Watney net weromfine kinne mei't it sicht frijwol nul is, nimme oan dat er dea is. Mei't de stoarm almar fierder oanboazet, hawwe se ek gjin tiid om te sykjen as se net op Mars fêst komme wolle te sitten, want de MAV stiet op it punt en wurd omblaasd. De kommandant fan 'e misje, luitenant-kolonel Melissa Lewis, hakt de knoop troch en nimt it beslút om mei de rest fan har ûnderhearrigen fuortendaliks yn 'e MAV werom te kearen nei it romteskip, de Hermes, om oan 'e lange weromreis nei de Ierde te begjinnen.

Nei't de stofstoarm lizzen gien is, wurdt Mark Watney wekker fan in warskôging fan syn romtepak dat er noch mar krap soerstof hat. As er foar it ferstân kriget dat er op Mars efterlitten is, keart er werom nei it habitat dat de misjeleden op it oerflak fan Mars opset hiene. Dêr ferwideret er, troch it dwaan fan selssjirurgy, in fragmint fan wat it dan ek mar wie dat him yn 'e stoarm rekke hat, út syn ûnderbúk. Itselde fragmint hat ek syn biomonitor fernield. Neitiid set er útein mei it byhâlden fan in fideodeiboek. Om't er net oer in foarm fan kommunikaasje mei de Ierde beskikt, is syn iennichste hoop op rêding om te oerlibjen oant de folgjende Marsmisje arrivearret, Ares IV, dy't pland stiet foar oer fjouwer jier. It probleem is dat dy op 3.200 km ôfstân fan Acidalia Planitia lânje sil yn 'e Schiaparelli-krater. Hoe't er dêr komme moat, is ûndúdlik. Dat is lykwols fan letter soarch, mei't er earst mar ris sjen moat dat er sa lang yn libben bliuwe kin.

It earste probleem dat Watney oerwinne moat, is syn gebrek oan iten. Fanwegen de hastige evakuaasje is der aardich wat iten efterlitten yn it habitat, mar lang net genôch om fjouwer jier fan it libjen. Watney hat it foardiel dat er botanikus is, dat hy makket yn in luchttichte tinte dy't tsjin it habitat oan boud is, in stikje bougrûn oan, besteande út Martiaanske ierde dy't er bedonget mei syn eigen trochgong. Hy produsearret wetter troch wetterstof út 'e efterbleaune raketbrânstof te winnen en ymprovisearret in bereiningsynstallaasje yn 'e tinte. De jirpels dy't bedoeld wiene foar de fiering fan Thanksgiving Day poatet er yn 'e grûn. De iennichste efterbleaune funksjonele rover past er oan yn tarieding op it meitsjen fan langere reizen oer it oerflak fan Mars.

Werom op 'e Ierde hat de NASA yn 'e tuskentiid in begraffenisseremoanje foar de deawaande Watney holden. Pas as satellytplanner Mindy Park satellytfoto's fan it efterbleaune habitat, dy't op ferskillende dagen nommen binne, ferliket en beseft dat de rover ferriden is, kringt by de NASA it besef troch dat Watney noch libbet. Teddy Sanders, de direkteur fan 'e NASA, beslút de ûntdekking iepenbier te meitsjen. Mar hy beslút ek, tsjin it advys fan haadromteferkearslieder Mitch Henderson yn, dat de bemanning fan 'e Hermes net mei it nijs oer Watney ôflaat hoecht te wurden. De Hermes is nammentlik ûnderwilens ûnderweis werom nei de Ierde en de bemanning kin neat oan 'e sitewaasje dwaan. Sanders ornearret dat sinleas selsferwyt harren misje net te'n goede komme sil, wylst Henderson úthâldt dat se it rjocht hawwe om it te witten.

Mei de rover tsjocht Watney derop út foar in meardeiske tocht om 'e Mars Pathfinder te finen, in ferkenningskarke dat yn 'e 1990-er jierren nei Mars stjoerd waard en yn 1997 ophold mei it ferstjoeren fan gegevens. Werom by it habitat brûkt er de kamera en de motor fan Pathfinder om in rudimintêre foarm fan twasidige kommunikaasje mei de Ierde op te setten. Dat is mooglik om't de kamera fan Pathfinder, no't de sinnepanielen fan it karke fan stof ûntdien binne, wer fan 'e Ierde ôf bestjoerd wurde kin. Foar de kommunikaasje wurde earst ienfâldige buordsjes brûkt dêr't de draaibere kamera de lins op rjochtet, en letter wurdt der ASCII-koade yn heksadesimalen ferstjoerd. Noch wer letter ferstjoert de NASA in softwarepatch om 'e kompjûter yn 'e rover mei de stjoerder fan 'e Pathfinder te ferbinen, sadat Watney fia it yntypen fan gewoane tekst mei de Ierde kommunisearje kin. As er te hearren kriget dat de oare leden fan syn misje noch net ferteld is dat er noch libbet, kriget er in lytse driftbui dy't Sanders oanset om mei tsjinnichheid Henderson opdracht te jaan en praat de Hermes by oer de stân fan saken. Lewis en de oare bemanningsleden binne fansels skokt as se te hearren krije dat se Watney libben op Mars efterlitten hawwe.

Henderson en direkteur Bruce Ng fan it Jet Propulsion Laboratory (JPL; "Strieloandriuwingslaboratoarium") fan 'e NASA riede in ûnbemanne Iris-romtesonde ta om Watney genôch itensfoarrieden te besoargjen, sadat er it útsjonge kin oant de oankomst fan 'e Ares IV-misje. Mar op in dei slút de luchtslûs fan 'e habitat net goed om't der troch slitaazje in lyts gatsje yn kommen is. Fan gefolgen fynt der in ûntploffing plak as alle lucht yn it habitat op eksplosive wize ûntsnapt. De tinte wurdt oan stikken skuord en de hiele twadde jirpelrispinge friest dea yn 'e kjeld fan 'e ile Martiaanske bûtenlucht. Sanders oarderet dêrop om 'e gebrûklike feilichheidsynspeksjes foar de romtesonde oer te slaan, sadat de sonde earder lansearre wurde kin. Fjirtich sekonden nei de lansearring eksplodearret de sonde lykwols. As Watney dat nijs kriget, beseft er dat neat syn dea op Mars troch ferhongering mear keare kin.

Help komt út in ûnferwachtse hoeke. De China National Space Administration (CNSA), de wjergader fan 'e NASA yn 'e Folksrepublyk Sina, hat yn it djipste geheim in eigen raketsysteem ûntwurpen, de Taiyang Shen. Ut meilibjen mei it lot fan Watney bringe Guo Ming, de direkteur fan 'e CNSA, en syn direkte ûnderhearrige Zhu Tao it bestean fan 'e Taiyang Shen út en biede de NASA oan om 'e raket te brûken foar in nije Iris-misje. Underwilens hat de briljante mar eksintrike jonge astrodynamisist Rich Purnell fan it JPL in alternatyf plan betocht: as de Taiyang Shen ynset wurdt om 'e Hermes te werbefoarriedzjen, kin de Hermes de swiertekrêft fan 'e Ierde brûke om weromslingere te wurden nei Mars mei in folle hegere faasje as oars mooglik wêze soe. Soks soe twa jier fan 'e rêdingsmisje ôf helje kinne. By Mars kin dan itselde dien wurde troch de swiertekrêft fan dy planeet te brûken om it skip wer werom te sjitten nei de Ierde.

Sanders ferwiist it plan nei de foddekoer om't er it fierstente riskant fynt, mar Henderson jout it temûk troch oan 'e bemanning fan 'e Hermes, ek al hat er spesifyk de opdracht krigen dat net te dwaan. As de moard útkomt, ûnthjit er Sanders dat er syn ûntslach yntsjinje sil sadree't de misje ta in goede ein brocht is. Lewis leit de saak oan 'e oare bemanningsleden fan 'e Hermes foar, mei't se fynt dat se sa'n beslút net allinnich nimme kin. Sy en de oaren (Martinez, Johanssen, Beck en Vogel) kieze der unanym foar om harren libbens en karriêres op it spul te setten troch Purcell syn plan yn 'e praktyk te bringen. Mei't de NASA machteleas is om harren tsjin te hâlden, wurdt besletten harren ynstee safolle mooglik te helpen. De Taiyang Shen leveret mei súkses nije foarrieden ôf by de Hermes, dy't in heale baan om 'e Ierde makket en dêrby de swiertekrêft fan 'e Ierde brûkt om feart te meitsjen ear't er fuortsketten wurdt yn 'e rjochting fan Mars.

As de Hermes neieroan komt ta Mars, set de op rantsoenen libjende en dêrtroch sterk fermeagere Watney ôf op in reis fan njoggentich sols nei de Schiaparelli-krater, dêr't de MAV foar de Ares IV-misje al yn 't foar opsteld is. Fanwegen de faasje fan 'e Hermes moat er de raket lykwols lichter meitsje om by it romteskip komme te kinnen. Frijwol alles moat út 'e MAV stript wurde, oant de noaspunt ta, dy't ferfongen wurdt troch in stik kanvas fan it habitat; de luchtwjerstân op Mars is sa leech dat it dêr wol mei takin.

De MAV blykt lykwols noch altyd net de nedige faasje meitsje te kinnen. Dêrom lit Lewis de Hermes in koerskorreksje meitsje, wêrby't alle reservebrânstof opbrûkt wurdt. As dat net genôch helpt, jout se opdracht ta in eksplosive dekompresje fan 'e ynterne atmosfear fan it skip, dy't soarget foar in fierdere koerskorreksje. Op it lêst giet se der sels op út mei in mei it skip ferbûne Manned Maneuvering Unit (in jetpack foar yn 'e romte), mar se kin Watney noch altyd net alhiel berikke. Dêrop stekt hy de want fan syn romtepak leech en brûkt de ûntsnappende lucht as oandriuwing om himsels nei har ta te bewegen. Sa wurdt er nei 560 sols allinnich op Mars weriene mei de oare leden fan syn misje.

Yn in epilooch is te sjen hoe't fiif jier letter, as de Ares V-misje nei Mars lansearre wurdt, alle belutsenen fierder gien binne mei harren libbens. Watney hat nei syn weromkear op 'e Ierde by de NASA de funksje krigen fan oerlibbingsynstrukteur foar oankommende astronauten. Lewis en Vogel binne weriene mei harren gesinnen. Johanssen en Beck begjinne tegearre in gesin. En Martinez keart as lid fan Ares V jitris werom nei Mars.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Mark Watney Matt Damon luitenant-kolonel Melissa Lewis Jessica Chastain

byrollen personaazje akteur/aktrise Teddy Sanders Jeff Daniels Annie Montrose Kristen Wiig Vincent Kapoor Chiwetel Ejiofor Mitch Henderson Sean Bean majoar Rick Martinez Michael Peña Beth Johanssen Kate Mara dr. Chris Beck Sebastian Stan dr. Alex Vogel Aksel Hennie Mindy Park Mackenzie Davis Rich Purnell Donald Glover Bruce Ng Benedict Wong Guo Ming Eddy Ko Zhu Tao Chen Shu Tim Grimes Nick Mohammed

Produksje en distribúsje Produksje De preproduksje fan The Martian begûn fuort nei't de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox yn maart 2013 de filmrjochten kocht op 'e roman The Martian fan auteur Andy Weir út 2011. Drew Goddard skreau op basis fan dat boek in senario en soe oarspronklik ek de regisseur wurde, mar de produksje rûn fêst oant Matt Damon yn 'e titelrol cast waard en Goddard as regisseur ferfongen waard troch Ridley Scott. Dyselde hie syn reputaasje fêstige mei films as Alien, Blade Runner, Legend, Thelma and Louise, Gladiator en Black Hawk Down.