De iisfinkfûgels of snie- en iisfinken (Calcariidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Se binne by útstek fûgels fan it hege Noarden. Se briede yn arktyske gebieten (Skandinaavje. Noard-Sibearje, Alaska, Kanada, Grienlân) en oerwinterje yn tuskenbeiden streken: Midden-Jeropa, Midden-Aazje, Midden-Noard-Amearika. De iisfinkfûgels binne besibbe oan de finkfûgels en de goarsfûgels. Oant likernôch 2010 waarden se yndield by de goarsfûgels, maar no wurde se as in aparte famylje sjoen.
Famyljeopbou De 2 sniefinken en 4 iisfinken binne oer trije skaaien ferdield:
Famylje: Calcariidae (iisfinkfûgels) Skaai: Rhynchophanes: Soarte: prêrje-iisfink (Rhynchophanes mccownii) Skaai: Calcarius (iisfinken): Soarte: iisfink (Calcarius lapponicus) Soarte: toendra-iisfink (Calcarius pictus) Soarte: swartboarstiisfink (Calcarius ornatus) Skaai: Plectrophenax (sniefinken): Soarte: sniefink (Plectrophenax lapponicus) Soarte: Beringsniefink (Plectrophenax hyperboreus)
Keppelings om utens http://www.worldbirdnames IOC World Bird List - Version 15.1, mar. 2025] Avionary 5.0 - 60 Language Palaearctic Bird Names
Kategory:Moskeftige
Kategory:Fûgelfamylje