De skelfink, bûkfink, slachfink of fink (wittenskiplike namme: Fringilla coelebs, ) is in sjongfûgel fan it skaai fan 'e (echte) finken (Fringilla) út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae). De skelfink is mei 400.000-500.000 briedpearen yn 2018-2020 efter de klyster de meast foarkommende briedfûgel yn Nederlân. Yn Fryslân komt de skelfink oeral foar, mar it meast op 'e hegere grûn yn it súdeasten fan Fryslân. https://stats.sovon.nl/stats/soort/16360 Sovon

Beskriuwing It kleurrike fûgeltsje is likernôch 15 sm lang en hat brune poaten. Folwoeksen mantsjes ha in laaiblauwe krún en nekke, in swarte foarholle, in wynread ûnderbealchje en in wat ljochtere búk. De rêch is readbrún. De wjukken ha twa wite bannen. Hy hat ek in grieneftige stút en de sturt hat in wite râne.

Folwoeksen wyfkes ha brunere wjukken en in brunere sturt. De ûnderkant is ljocht griisbrún en de rêch is donkerder oliifgrien.

Yn 'e flecht ha skelfinken wite bannen op 'e wjuk te sjen. De flecht is weagjend.

Jonge fûgels binne lykas it folwoeksen wyfke.

Gedrach Bûten de briedtiid foarmje skelfinken lytse of gruttere groepen mei oare skelfinken. Se foarmje ek mei oare soarten groepen, lykas kwêkfinken, flaaksfinken en/of gielgoarsen, ljurken en pipers. Winterdeis binne skelfinken op 'e foertafels nochal ris baaskes foar oare soarten besikers oer.

De sang fan 'e skelfink om syn territoarium ôf te setten is koart en melodieus. It sankje duorret mar likernôch fiif sekonden en wurdt dan wol tsien kear werhelle. De skelfink sjongt fan febrewaris oan yn septimber, itjinge oerienkomt mei de briedtiid en it grutbringen fan 'e jongen. thumb|left|Nêst. It brieden fyn healwei april oant july plak. Se ha harren nêst op ferskillende hichtes oan boskrânen, iepen plakken of bermbegroeiïng. De briedtiid duorret 12 oant 15 dagen. It wyfke briedt en wurdt út en troch fuorre troch it mantsje. Mantsjes helpe de wyfkes by it fersoargjen fan 'e jongen. Nei 13 oant 14 dagen ferlitte de jongen harren nêst en wurde dat noch in skoftsje fuorre. Faak briedt de skelfink twaris yn it jier. In nêst bestiet trochstrings út 4 oant 5 aaien, somtiden 6 of 7. De aaikes fan 19 mm by 15 mm binne ljochtblaugrien oant readbrún mei donkerbrune plakjes en streekjes.

Fersprieding De skelfink komt yn hiel Europa, it westlike diel fan Aazje oant Tomsk en de Noardafrikaanske kustkrite foar. It leefgebiet fan 'e skelfink bestiet út houtwâlen, healiepen kultuerlânskip mei leaf, mingde- en nullebosken en parklânskippen. Yn stêden binne se te sjen yn parken, tunen en oare plakken mei genôch beammen. Sûnder âlde beammen binne der ek net in soad skelfinken.

Yn Nederlân is de skelfink ien fan 'e meast talrike fûgels. Se ha sûnt 2000 harren útwreide nei de legere agraryske gebieten fan Nederlân. Tusken 1990 en 2015 is de Nederlânske populaasje mei 50% tanommen. Njonken de útwreiding nei oare dielen profitearre de skelfink ek fan de ferâldering fan bosk en in oar boskbehear. Rûsd wurdt dat der sa'n 400.000 oant 500.000 briedpearkes binne (2018-2020). Winterdeis binne de oantallen noch heger troch Noard-Europeeske finken. De Nederlânske populaasje bestiet út stânfûgels en lyts diel siket súdliker streken op. De grutste konsintraasjes fan 'e skelfinken yn Nederlân lizze yn it easten en suden fan it lân op hegere boskrike grûn. Yn Fryslân is de grutste konsintraasje fan 'e fûgel yn it súdeasten fan 'e provinsje. Undersoarten Yn it ferspriedingsgebiet komme sân ûndersoarten foar, dy't fan inoar ferskille yn fearrekleed, de foarm fan 'e snaffel en de sang. thumb|250px|Syryske fink. F. c. alexandrovi: Noard-Iran F. c. coelebs: Kontinintaal Europa oant en mei West-Aazje F. c. gengleri: Britske eilannen F. c. sarda: Sardynje (Sardynske fink) F. c. solomkoi: de Krim en it súdwesten fan 'e Kaukasus F. c. syriaca: Syprus, ít súdeasten fan Turkije oant yn Irak en Jordaanje (de Syryske fink) F. c. transcaspia: Noardeast-Iran en Súdwest-Turkmenistan

Earder waarden fûgels mei in grutte likenis op 'e Kanaryske Eilannen, Azoaren, Madeira en út Afrika ek as ûndersoarten fan 'e skelfink behannele, mar nei publisearre molekulêr genetysk ûndersyk wurde dy sûnt as aparte soarten behannele.

Status De skelfink is in tige talrike fûgel en syn oantal nimt ta. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige.

Nammen yn oare talen Sealterfrysk: Fink, Bookfink; Noardfrysk: Bokfink; Nederlânsk: vink; Nederdútsk: Bookfink; Dútsk: Buchfink, Ingelsk: Chaffinch.

Keppeling om utens Sovon Ebird

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fink Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika