Kenneth Turan (útspr. [təˈɹæn], likernôch: "tuh-ren; New York, 27 oktober 1946) is in foaroansteand Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, publisist en radiopresintator.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Turan waard yn 1946 berne yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, dêr't er opgroeide yn in religieus joadsk fermidden. Nei't er it fuortset ûnderwiis ôfrûne hie, studearre er oan it Swarthmore Kolleezje, dêr't er in bachelorgraad behelle. Neitiid learde er fierder oan 'e Columbia Universiteit, dêr't er ôfstudearre mei in mastertitel yn sjoernalistyk.

Karriêre Turan sette syn karriêre útein as algemien sjoernalist foar de krante The Washington Post yn Washington, D.C. Letter wurke er as filmkritikus foar The Progressive, in tydskrift dat publisearre waard yn Madison (Wisconsin). Yn 1991 waard er haadfilmkritikus by de Los Angeles Times yn Los Angeles. Yn dy funksje krige Turan syn grutste bekendheid. Hy wie yn 1997 behelle yn in yn 'e Amerikaanske media útfochten fete mei regisseur James Cameron nei't er in negative resinsje skreaun hie fan dy syn film Titanic. Op 25 maart 2020 kundige Turan oan dat er mei pinsjoen soe.

Njonken syn wurk foar de skriuwende parse presintearre Turan ek jierrenlang in filmrubryk foar it radioprogramma Morning Edition fan NPR. Op 'e pleatslike radiostjoerder KUSC yn Los Angeles rjochte er it programma Arts Alive op. Turan siet ek yn 'e rie fan tafersjoch fan it Jiddysk Boekesintrum (YBC). Hy publisearre fierders ferskate non-fiksjeboeken oer de filmyndustry en de filmskiednis. Ek wied er as dosint ferbûn oan it profesjoneel skriuwersprogram fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC).

Publikaasjes 1972 – The Future is Now: George Allen, Pro Football's Most Controversial Coach (mei William Gildea) 1974 – Sinema: American Pornographic Films and the People Who Make Them 1974 – I'd Rather Be Wright: Memoirs of an Itinerant Tackle 1987 – Call Me ismale: The Autobiography of ismale 2002 – Sundance to Sarajevo: Film Festivals and the World They Made 2004 – Never Coming to a Theater Near You 2006 – Now in Theaters Everywhere 2009 – Free for All: Joe Papp, the Public, and the Greatest Theater Story Ever Told (mei Joseph Papp) 2014 – Not to Be Missed: Fifty-Four Favorites From a Lifetime of Film

Keppelings om utens Kenneth Turan op Twitter Folsleine filmografy fan Kenneth Turan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk filmkritikus Kategory:Amerikaansk filmhistoarikus Kategory:Amerikaansk radiopresintator Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1946