Pius IX (berne as Giovanni Maria Mastai-Ferretti (Senigallia, 13 maaie 1792 – Rome, 7 febrewaris 1878) wie de 255e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. It pontifikaat fan Pius IX duorre fan 1846 oant 1878. Mei in pontifikaat fan 31 jier, 11 moannen en 23 dagen wie Pius IX (Pio Nono) nei Petrus (35 jier) de langst regearjende paus fan Rome (2021).
It pontifikaat fan Pius foel yn in drege tiid mei revolúsjonêre krêften en grutte feroarings. Yn syn tiid kaam der in ein oan de wrâldske macht fan de paus, de Roomsk-Katolike Tsjerke ferlear de kontrôle oer de hiele tsjerkesteat en moast it hiele gebiet ynklusyf de stêd Rome oan it nije keninkryk Itaalje ôfstean. Sûnt 1870 beskôge Pius himsels as in finzene yn it Fatikaan; hy wegere gear te wurkjen mei de Italjaanske steat.
Yn 1854 rôp Pius IX it dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije út. As primaat fan de Tsjerke rôp Pius it Earste Fatikaansk Konsylje by inoar (1869–1870), dat de ûnfeilberens fan de paus as dogma goedkarde. Yn de tiid fan syn pontifikaat waarden der 206 nije bisdommen stifte.
Pius IX waard yn it jier 2000 sillich ferklearre troch paus Jehannes Paulus II.
Jongerein en ropping Pius IX waard berne as Giovanni Maria Mastai-Ferretti, it njoggende bern út it houlik fan greve Girolamo Mastai-Ferretti en Caterina Solazzei di Fano. De famylje Mastai-Ferretti wie oarspronklik fan Lombardije en hie him letter yn Senigallia yn it hartochdom Urbino nei wenjen set. Giovanni's heit wie dêr boargemaster fan de stêd.
Nei de legere skoalle folge Giovanni in oplieding oan it Collegio Scolpii yn Volterra, in skoalle ûnder lieding fan de piaristen. Op skoalle liet Giovanni sjen dat er benammen goed yn wiskunde wie.Life of Pius IX, John R.G. Hassard, 1878, The Catholic Publication Society Co., side 10
Yn 1808 sette Giovanni útein mei in stúdzje filosofy en teology yn Rome, dêr't er útfanhuze by syn omke Paolino Mastai-Ferretti. Dy omke wurke oan it pauslike hôf en wie as koarhear ferbûn oan de Sint-Pitersbasilyk. Yn dy snoarje stie de posysje fan de Tsjerke ûnder swiere druk. Paus Pius VII wie lykas syn foargonger, paus Pius VI, troch Napoleon finzen nommen en nei Frankryk deportearre, dêr't hja him yn it kastiel Fontainebleau fêst holden. Ek Giovanni's omke Paolino waard út Rome ferballe en in oare omke, Andrea Mastai-Ferretti – op dat stuit de biskop fan PesaroAndrea Mastai-Ferretti, www.catholic-hierarchy.org – waard finzen holden yn Mantua, om't dy wegere it nije Frânske regear te erkennen.Life of Pius IX, side 13 Foar de feiligens naam Mastai-Ferretti dêrom it beslút nei syn berteplak Senigallia te gean.
Yn 1814 kaam Giovanni wer nei Rome, dêr't er in fersyk yntsjinne om by de Ealwacht te gean, in troch Pius VII stifte legerienheid om it pausdom te beskermjen. Fanwegen syn epileptyske oanfallen waard er lykwols ôfwiisd.
Dêrnei folge Giovanni syn stúdzje oan de pauslike Accademia Ecclesiastica, de diplomate-oplieding fan de Hillige Sit. As ûnderdiel fan syn stúdzje holp er mei de weropbou fan de Tsjerke yn Rome, mar ek yn Senigallia. Dêrom waard Giovanni op 18 desimber 1818 talitten as subdiaken.Life of Pius IX, side 14 Der wurdt sein dat yn dy tiid de letter hillich ferklearre Vincentius Pallotti foarsei dat Giovanni Mastai-Ferretti letter paus wurde soe en dat er troch it oanroppen fan Marije fan Loreto better wurde soe fan syn sykte.Koarte biografy fan Pius IX, www.vatican.vaGiovanni Mastai-Ferretti soe yn dy tiid ek op beafeart nei Loreto gien wêze.
Op 10 april 1819 waard Giovanni Mastai-Ferretti ta preester wijd. Fanwegen syn epileptyske oanfallen wie dêr in spesjale dispensaasje foar nedich. Om dy te krijen skreau er streekrjocht nei Pius VII, dy't it fersyk ynwillige en him tawinske dat er gjin lêst mear hawwe soe fan de sykte. Wol stelde de paus it betingst dat Giovanni allinne de misse opdrage mocht as er dêrby holpen waard troch in oare preester.Life of Pope Pius IX, side 15Klaus Schatz, 'Pius IX', yn: Das Papsttum II [=Gestalten der Kirchengeschichte 12] (Stuttgart: Kohlhammer, 1984), side 184-202.
Nei de preesterwijing waard Giovanni oansteld as spiritueel direkteur fan it weeshûs Tata Giovanni ("papa Giovanni") yn Rome. Dat wie stifte troch Giovanni Borgi, dy't, fan earme komôf, syn libben wijde oan de help fan earmen en strjittebern.Life of Pius IX, side 16
Giovanni Mastai-Ferretti wie yn de jierren 1814-1818 al aktyf yn it weeshûs en hie û.o. de bern godstsjinst ûnderwiisd. De Chiesa di Sant'Anna dei Falegnami, de oan de hillige Anna wijde tsjerke by it weeshûs, wie de tsjerke dêr't Giovanni syn earste misse nei syn wijing as preester opdroech.
Missy nei Sily Yn 1823 frege aartsdiaken Joseph Ignatius Cienfuegos fan de katedraal fan Santiago de Chile it Fatikaan om in missy nei it Súd-Amerikaanske lân te stjoeren om dêr de tsjerklike hiërargy wer yn oarder te meitsjen. It lân wie yn in ûnôfhinklikensstriid mei Spanje ferwikkele, dat eltse foarm fan selsbestjoer ôfwiisde. De biskoppen yn Sily wiene of ferstoarn of werom gien nei Spanje en in soad sitten bleaune no ûnbeset. Tusken de nije republyk Sily en de Hillige Sit bestiene doe noch gjin diplomatike en tsjerklike bannen.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 34Alhoewol't Sily him op 12 febrewaris 1818 offisjeel ûnôfhinklik ferklearre folge de Spaanske erkenning pas yn 1846. (Catholic Encyclopedia)
Al sûnt it begjin fan de missy wiene der swierrichheden. Sa waarden it skip ûnderweis nei Sily yn de haven fan Palma op it Spaanske eilân Mallorca oan it ket lein en de tsjerklike fertsjintwurdigers troch de Spaanske autoriteiten ûnderfrege oer it doel fan de reis.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 32 Nei in hoart finzenskip koe de reis fierder en op 31 desimber 1823 kaam it skip oan yn Buenos Aires om oer lân fierder te reizgjen nei Sily.
Alhoewol't de befolking de Romeinske delegaasje freonlik ynhelle, hie it regear net in soad op mei de bemuoiïng fan de Hillige Sit. Yn 1824 naam it regear ferskillende maatregels tsjin de Tsjerke: tsjerklike besittings waarden yn beslach nommen, geastliken kamen yn tsjinst fan de steat en kleasters waarden opheft. Chile, Catholic Encyclopedia, 1913 Op 5 juny 1825 kaam de delegaasje sûnder resultaat werom yn Itaalje.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 40
Yn Rome stelde Leo XII Giovanni oan as kanunnik fan de Santa Maria in Via Lata en direkteur fan it Ospedale San Michele.Ospedale San Michele Dy ynstelling wie yn 1693 stifte troch monseigneur Odescalchi, in neef fan paus Innocentius XII as opfang foar wezen, âlde manlju en froulju dy't yn de prostitúsje wurke hiene. It ynstitút wie troch wanbestjoer troch it jild hinne rekke, itjinge troch Giovanni yn in lyts skoftke tiid wer rjocht set waard.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 41
Aartsbiskop en kardinaal Giovanni waard op 21 maaie 1827 beneamd ta aartsbiskop fan Spoleto en op 1 juny ek ta assistint fan de Pauslike Troan. De wijing ta aartsbiskop fûn plak op 3 juny 1827 yn de San Pietro in Vincoli troch kardinaal Francesco Xaverio Castiglioni, de lettere paus Pius VIII yn in tiid fan de grutte sosjale en politike ûnrêst. Al yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en de dêrop folgjende besetting fan de Italjaanske gebieten troch de Frânske troepen boaze it langstme nei de ienwurding fan in Italjaanske steat sûnder tsjerklike bemuoienissen oan. Ferskillende geheime revolúsjonêre groepen, wêrfan't de Carbonari de bekendste wurde soe, fersetten harren fral tsjin de ynfloed fan de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije, dy't oan de iene kant gebieten yn Noard-Itaalje ta harres rekkene en oan de oare kant in trouwe bûnsmaat wie fan de Tsjerklike Steat. De Tsjerklike Steat hie gjin goed oplaat leger en wie ôfhinklik fan stipe fan bûtenlânske grutmachten.
Spoleto wie ien fan de sintra fan revolúsjonêre aktiviteiten en Giovanni woe graach de ferbûnens mei de Hillige Sit werstelle. Syn ûnderfinings yn Rome brochten him der ta om him op it wolwêzen fan syn parochianen te rjochtsjen en sa stifte Giovanni in weeshûs, dêr't wezen oplaat waarden foar ferskillende ambachten.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 44
Yn febrewaris 1831, flak nei de ferkiezing fan paus Gregoarius XVI, rûnen de spannings yn Itaalje heech op. Troch it tige anty-tsjerklike karakter fan de opskuor moast Giovanni Mastai-Ferretti flechtsje út Spoleto.Life of Pius IX, side 27 Doe't dúdlik waard dat Gregoarius XVI de stipe ynroppen hie fan Eastenrykske troepen gyng Giovanni werom nei syn aartsbisdom. Om't de Eastenrikers fan doel wiene alle rebellen op te pakken dy't har tsjin de paus keard hiene, sochten dy harren taflecht yn Spoleto. Troch de bemiddeling fan Giovanni lieten de rebellen harren ûntwapenje en wist er de Eastenrykske legeroanfierder der fan te oertsjûgjen om gjin wraak tsjin de opstannelingen út te fieren.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 46 Ut dy tiid datearret in anekdoate oer Giovanni Mastai-Ferretti hoe't er tocht oer in ferfolging fan de rebellen. Doe't in hege plysjefunksjonaris in list mei oanfierders fan de opstân gearstald hie om oan de paus te jaan, waard dy list earst oan Giovanni foarlein, dy't de funksjonaris antwurd joech: "Jo begripe jo berop of it mines net. As in wolf fan doel is de skiep op te fretten, dan warskôget hy net de hoeder." Giovanni pakte de list en smiet him dêrnei yn it hurdfjoer.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 47
Op 17 desimber 1832 waard Giovanni troch paus Gregoarius XVI oerpleatst nei it bisdom Imola, dêr't er op persoanlike titel aartsbiskop waard. Ek dêr moast it bisdom reorganisearre wurde. Giovanni liet sikehûzen en in weeshûs bouwe, hy restaurearre tsjerken en stifte in tariedend seminaarje foar manlju fan in minder goede komôf om ta preester oplaat te wurden.The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 49
Yn de gearkomste fan de paus mei de kardinalen op 23 desimber 1839 waard Giovanni in pectore (=in it hert) as kardinaal-preester kreëarre. Syn namme waard op 14 desimber 1840 publisearre en him waard de titeltsjerke Santi Marcellino e Pietro tawiisd.
Konklaaf fan 1846 Op 1 juny 1846 ferstoar paus Gregoarius XVI. Syn begraffenis en bysetting fûnen plak op 6 juny yn de Sint-Pitersbasilyk. Dêrnei waarden de tariedings troffen foar it konklaaf, de gearkomste fan kardinalen om út harren fermidden in nije paus te kiezen. De tiid foar it hâlden fan in konklaaf wie tige ûngeunstich: yn alle Italjaanske gebieten hearske grutte ûnrêst en oan de Eastenrykske keizer waard militêre help frege om driigjend geweld tefoaren te kommen.The Life of Pius IX, side 51
Lykas by eardere 19e-iuwske konklaven besochten de wrâldske foarsten it stimgedrach fan de kardinalen te beynfloedzjen, om sa ta in yn harren eagen meast geskikte kandidaat foar it heechste tsjerklike amt te regeljen.Cardinals of the Holy Roman Church: It gyng om de konklaven fan 1799-1800, 1823 en 1830-1831. It veto by dy konklaven waard útsprutsen tsjin in kardinaal, dy't lang om let net keazen waard. By it konklaaf fan 1846 wie it in veto tsjin Giuseppe Mastai-Ferretti. De Frânsen en Italjanen woene it leafst in liberale paus, dy't ek ree wie om it wrâldske bestjoer fan de Tsjerklike Steat te herfoarmjen, lykas Tommaso Pasquale Gizzi, Ludovico Micara en Giovanni Mastai-Ferretti, wêrby de lêste de foarkar fan de Frânsen hie.The Life of Pius IX, side 51 oant 52