De goudfink (wittenskiplike namme Pyrrhula pyrrhula) is in sjongfûgel út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae).

Ferskining Mantsjes binne maklik te werkennen oan 'e felle kleuren. It boarst en de búk binne rôze-read oant helderread. Hy hat in pikswarte mûtse dy't oant ûnder de eagen rint. De rêch is blau-griis, de stút is wyt en de sturt is swart. Syn wjukken binne swart mei in brede ljochtgrize bân, dy't goed te sjen is as de fûgel fljocht.

Wyfkes falle minder op en it boarst en de búk binne yn stee fan read bêzjebrún oant griisbrún mei in rôze gloed. Hja hat ek in swarte mûtse mar de rêch is mear brúngriis as dy fan it mantsje. Lykas it mantsje hat hja ek in wytgrize bân oer de wjuk en de opfallende wite stút. thumb|left|Juvenyl. Juvenilen lykje it measte op it wyfke, mar se ha noch gjin swarte mûtse en de kop is hielendal brúngriis. It hiele fearrekleed is doffer en minder skerp ôftekene as by folwoeksen fûgels. De ljochte bân op 'e wjukken is oanwêzich, mar bêzje. Nei de earste ferfearring krije se de swarte mûtse en krije mantsjes it reade boarst.

De goudvink feroaret net sa bot fan kleur tusken de seizoenen as guon oare fûgelsoarten. Yn 'e maitiid lykje de kleuren faak wat intensiver en frisser. It read fan it mantsje liket dan noch feller om in partner oan te lûken.Winterdeis binne de kleuren wat minder fel troch de tsjokkere dûnslaach dy't se waarm hâldt.

Fersprieding De goudfink komt yn hiel Jeropa en yn West-, Midden-en East-Aazje foar. Der binne 9 of 10 ûndersoarten:

Pyrrhula pyrrhula pileata: Britske Eilannen Pyrrhula pyrrhula pyrrhula: ('Noardske goudfink'), Noard-, East-, Súdeast-Jeropa, Sibearje Pyrrhula pyrrhula europaea: West-Jeropa, ek yn Nederlân Pyrrhula pyrrhula iberiae: Súdwest-Frankryk, Noard-Spanje, Noard-Portegal Pyrrhula pyrrhula rossikowi: Kaukasus, Noardeast-Turkije Pyrrhula pyrrhula caspica: Azerbeidzjan, Noarwest-Iran Pyrrhula pyrrhula cineracea: ('grize goudfink'), ek wol as soarte beskôge, Sibearje, Noardeast-Sina Pyrrhula pyrrhula cassini: East-Sibearje Pyrrhula pyrrhula griseiventris: Japan, Koerilen Pyrrhula pyrrhula rosacea: Sachalin

Yn Nederlân brieden sa'n 10.000 pearen (2018-2020) (fan de ûndersoarte europaea), de measte op de Feluwe, yn Drinte en de Sudeasthoek fan Fryslân. Ek komme der sa'n 20.000 wintergasten, meast fan 'e ûndersoarte pyrrhula. De populaasjes yn Nederlân skommelje regionaal, mar oer it generaal bliuwt de populaasje stabyl of nimme de oantallen ta.SOVON, oproppen 15 febrewaris 2026.

Goudfinken hâlde fan boskrânen mei strewellen, parken en grutte âlde tunen. In tichte ûndergroei mei strûken is wichtich foar it bouwen fan nêsten en as skûlplak. Se hawwe in foarkar foar mingd bosk mei sawol leafbeammen as nullebeammen (fral jonge spjirrebeammen). Om se yn tunen te krijen binne strûken mei beien of sied lykas de jeneverbei, hulsebeammen en krystbeammen geskikt.

Briedgedrach thumb|left|Nêst mei aaike. De briedtiid rint fan ein april oant yn july. In pearke hat meastentiids twa, en somtiden trije lechsels yn 't jier. It wyfke bout it nêst, dat faak op sa'n 1 oant 2 meter hichte yn in tichte strûk of nullebeam ferside sit. It is makke fan fine tûkjes en moas. It wyfke leit 4 oant 5 ljochtblauwe oant bleekblauwe aaien mei lytse donkerbrune stipkes oan 'e tsjokke kant en briedt de aaien ek út. Dat duorret likernôch 12 oant 14 dagen. Wylst it wyfke briedt, bringt it mantsje har iten. Sadree't de jongen út it aai binne, fuorje beide âlden de jongen mei ynsekten en sied. De jongen bliuwe sa'n 12 oant 18 dagen op it nêst foardat se útfleane. Dêrnei wurde se noch 2 oant 3 wiken troch de âlden fersoarge foardat se hielendal selsstannich binne.

Status De goudfink wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De totale populaasje wurdt op sa'n 35 oant 70 miljoen folwoeksen fûgels rûsd, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne. Yn Nederlân stiet de fûgel net op de Nederlânske Reade List fan briedfûgels. De oantallen yn Nederlân wurde as stabyl oant licht tanimmend beöardiele. As lânseigen fûgel is de goudfink yn Nederlân folslein beskerme ûnder de Omjouwingswet. It fangen fan wylde goudfinken is strang ferbean.

De wichtichste bedrigingen foar de fûgel binne de ferneatiging fan houtsingels, hagen en tichte strûken, it omfoarmjen fan mingd bosk nei produksjebosk, it weiheljen fan tichte ûndergroei, predaasje troch katten en lange perioades fan drûchte wêrtrocht't de siedfoarming net goed op gong komt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudfink Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan