De graupiperfûgels binne in in famylje (Prunellidae) fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (’Passeriformes). Se binne lytse, meast grize en brune fûgeltsjes fan 14-18 cm, dy ’t op de grûn of in leech strewel nei fiedsel sykje.

De graupiperfûgelss komme yn Jeropa (2 soarten) en Aazje (11 soarten) foar. De measten fan de soarten oars as de yn de Lege Lannen bekende graupiper libje yn it heechberchtme.

Famylje- en skaaiopbou De famylje fan de graupiperfûgels hat mar ien skaai:

Famylje: graupiperfûgels (Prunellidae) Skaai: graupipers (Prunella), 13 soarten: Alpengraupiper (Prunella collaris) Altaigraupiper (Prunella himalayana) readboarstgraupiper (Prunella rubeculoides) streke graupiper (Prunella strophiata) berchgraupiper (Prunella montanella) brune graupiper (Prunella fulvescens) stiengraupiper (Prunella ocularis) Arabyske graupiper (Prunella fagani) swartkielgraupiper (Prunella atrogularis) Mongoalske graupiper (Prunella koslowi) graupiper (Prunella modularis) Japanske graupiper (Prunella rubida) brúnrêchgraupiper (Prunella immaculata)

Referinsjes IOC, World Bird List Version 11.1, jan. 2021 Avionary, 50 Language Palaearctic Bird Names, Version 4.1, juny 2020

Kategory:Moskeftige Kategory:Fûgelfamylje