Tora! Tora! Tora! (Japansk: トラ・トラ・トラ) is in Amerikaansk-Japanske histoaryske oarlochsfilm út 1970 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, Toshio Masuda en Kinji Fukasaku, mei in cast dy't û.m. Martin Balsam, Jason Robards, Sō Yamamura, Eijirō Tōno, Wesley Addy, E.G. Marshall, Joseph Cotten en James Whitmore omfette. De film bringt de foarfallen dy't laten ta de Oanfal op Pearl Harbor, sawol as it eigentlike bombardemint op dy Amerikaanske marinebasis yn byld. Dat wie in kearpunt yn 'e Twadde Wrâldoarloch en de direkte oanlieidng foar de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e striid. De titel is it trijefâld brûkte dûbelwurdliddige koadewurd fan 'e Japanners om wer te jaan dat de ferrassingsoanfal slagge wie. Dat tora yn it Japansk ek "tiger" betsjut, berêst op tafal. Tora! Tora! Tora! krige fan 'e filmkritisy benammen negative resinsjes en flopte yn Noard-Amearika yn 'e bioskopen, hoewol't der meitiid in beskate werwurdearring kaam. Yn Japan wie de film krekt in grut kommersjeel súkses. Tora! Tora! Tora! wûn yn 1971 ien Oscar.
Plot Yn augustus 1939 stelle de Feriene Steaten in hannelsembargo yn tsjin Japan, dat dat lêste lân grûnstoffen ûntseit dêr't it ferlet fan hat omreden fan 'e Japanske agresje tsjin Sina. De ynfloedrike Japanske legerlieding drukt der yn septimber 1940 in bûnsgenoatskip mei nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje trochhinne. Tagelyk begjint de tarieding foar oarloch tsjin it Feriene Keninkryk en Nederlân yn 'e koloanjes fan dy beide lannen yn Súdeast-Aazje, mei't dat it iennichste plak is dêr't Japan de him troch de Feriene Steaten ûntseine grûnstoffen besette kin.
De nij oanstelde befelhawwer fan 'e Kombinearre Float, admiraal Isoroku Yamamoto, begjint mei tsjinnichheid oan 'e planning fan in pre-emtive oanfal op 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, oerpleatst wurdt nei it Marinestasjon Pearl Harbor, op Hawaï. Syn oerhearrigen binne fan tinken dat de útskeakeling fan dy float mei in ferpletterjende ferrassingsoanfal de iennichste mooglikheid foar Japan is om 'e hegemony yn 'e Stille Oseaan te krijen. Kaptein-luitenant-op-see Minoru Genda wurdt útkeazen om it oanfalsplan op te stellen, wylst dy syn maat kaptein-luitenant-op-see Mitsuo Fuchida it bombardemint útfiere moat.
Underwilens is it yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinsten slagge om 'e Japanske diplomatike kryptografyske koade te brekken, mei as gefolch dat de Amerikanen Japanske berjochten opfange en ûntsiferje kinne, dy't wize op tanimmende aktiviteit fan 'e Keizerlike Japanske Marine. Oan it haad fan it ûntsiferingsprogramma steane kolonel Rufus S. Bratton fan it Amerikaanske Leger en luitenant-op-see 1e klasse Alwyn D. Kramer fan 'e Amerikaanske Marine.
Yn Hawaï dogge admiraal Husband E. Kimmel, de kommandant fan 'e Pasifyske Float, en luitenant-generaal Walter C. Short, de kommandant fan it Amerikaanske Leger yn Hawaï, harren bêst om 'e ferdigening te ferbetterjen. Underdiel dêrfan is it freegjen om oerpleatsing fan Boeing B-17 Flying Fortress-bommesmiters nei de eilannen, dy't lange patrûljeflechten boppe see útfiere kinne. Short, dy't ek giet oer de by it Leger yndielde Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht), jout fierders opdracht om alle militêre fleantugen deunby inoar te parkearjen, ynstee fan wiid útinoar op te stellen, sa't no wizânsje is. As se deun opinoar set wurde, binne se kwetsber foar in bombardemint, mar Short ornearret dat mei in befolkingsgroep fan 130.000 etnyske Japanners op Hawaï it gefaar fan sabotaazje in stik grutter is, en as de fleantugen tichter opinoar steane, kinne se dêr makliker tsjin beskerme wurde.
Ferskate moannen geane foarby wylst de diplomatike spannings tusken de Feriene Steaten en Japan almar oanboazje. Kichisaburō Nomura, de Japanske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, set de ûnderhannelings fuort, mar liket dêrby fral tiid te rekken. Yn novimber 1941 set de Japanske Earste Loftfloat, besteande út seis fleandekskippen mei eskorteskippen ûnder lieding fan fise-admiraal Chūichi Nagumo, ôf de Stille Oseaan op en nimt posysje yn op likernôch 250 km benoarden it Hawaïaanske haadeilân Oähû. Bratton en Kramer miene dat Japan op it punt stiet om oan te fallen, mar geane út fan snein 30 novimber. Se soargje dat dy deis alles yn steat fan paraatheid is, mar der komt gjin oanfal. As in wike letter it saneamde 'Fjirtjindielich Boadskip', dat troch it regear fan Japan oan 'e Japanske ambassade yn Washington, D.C. ferstjoerd wurdt, op 'e nij in mooglike oanfal suggerearret, wurdt oan 'e foarjûn fan 'e oanfal in nije warskôging fan Bratton en Kramer net mear serieus nommen.
Op 'e moarn fan snein 7 desimber, de deis fan 'e oanfal, komt it lêste part fan it Fjirtjindielich Boadskip troch, wêryn't de Japanske ambassadeur opdroegen wurdt om syn koademasines en alle gefoelige papierren te ferneatigjen. Bratton besiket op 'e nij syn oerhearrigen te warskôgjen, mar moat dêrfoar ferskate obstakels oerwinne, lykas it feit dat op sneintemoarn nimmen berikber is en de twifelriedigens fan admiraal Harold R. Stark, de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine, dy't gjin ûnderhearrigen warskôgje wol foar't er presidint Franklin D. Roosevelt fan 'e sitewaasje op 'e hichte brocht hat.
De warskôging fan generaal George C. Marshall, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, oan luitenant-generaal Short yn Hawaï, kin net oer in radioferbining ferstjoerd wurde omreden fan minne atmosfearyske omstannichheden, en in tillegram dat derfoar yn it plak ferstjoerd wurdt, komt ûnderoan de steapel te lizzen as fersomme wurdt om oan te jaan dat de saak urgint is. Yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber bringt de Amerikaanske torpedoboatjager USS Ward by de yngong fan 'e lagune Pearl Harbor in Japanske miny-ûnderseeër ta sinken, mar it rapport oer it ynsidint wurdt net trochjûn oan admiraal Kimmel, om't der op ferifikaasje wachte wurdt.
By moarnsdage op snein 7 desimber stiget de earse fan trije weagen bommesmiters, torpedobommesmiters en jachtfleanmasines op fan 'e seis Japanske fleandekskippen by Hawaï. Harren neieroankommen ta de Hawaï-eilannen wurdt opmurken troch in radarpost oan 'e noardkust fan Oähû, mar de warskôging wurdt yn 'e wyn slein troch in oerhearrich ofsier, dy't oannimt dat de mannen fan 'e radarpost de flecht Amerikaanske B-17-bommesmiters opmurken hawwe dy't fan it Amerikaanske fêstelân ferwachte wurdt. Fan gefolgen hawwe de Japanners it ferrassingselemint folslein oan harren kant as se Hawaï berikke. Kaptein-luitenant-op-see Fuchida ferstjoert de koade dy't dat oanjout en tagelyk it begjin fan 'e Oanfal op Pearl Harbor foarmet: "Tora! Tora! Tora!"
Sûnder wjerstân fan betsjutting tsjin te kommen bombardearje de Japanners de slachskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't oan Battleship Row op Ford Island yn 'e lagune fan Pearl Harbor ôfmarre lizze. Dêrby wurde fjouwer slachskippen ta sinken brocht en reitsje fjouwer oaren skansearre. Twa oare skippen wurde ta sinken brocht en ek trije krusers en trije torpedoboatjagers rinne skea op. Op 'e fleanfjilden fan it Amerikaanske Leger pakke de anty-sabotaazjemaatregels fan generaal Short desastreus út, mei't de no op in klútsje opstelde fleantugen by kloften ferneatige wurde troch de Japanners. Yn totaal geane der 188 fleantugen folslein ferlern en reitsje 159 oaren skansearre. Yn totaal komme der 2.403 Amerikanen by it bombardemint om it libben. Oeren nei't de oanfal foarby is, ûntfangt generaal Short it tillegram fan generaal Marshall, mei de warskôging dat der mooglik in oanfal op hannen is.
Yn Washington, D.C. is de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Cordell Hull skokt as er fan 'e Oanfal op Pearl Harbor heart. Hy wachtet op befêstiging fan it nijs foar't er ambassadeur Nomura ûntfangt. Dyselde hat bot wurk hân fan 'e ûntsifering fan it Fjirtjindielich Boadskip, dat op 'e Japanske ambassade mei de hân dien wurde moast. Hy hie opdracht krigen om persiis om 13.00 oere middeis pleatslike tiid (in healoere foàr de oanfal) it Boadskip, dat in dizenige oarlochsferklearring ynhold, oan minister Hull oer te dragen. Troch de ekstra tiid dy't op 'e ambassade nedich wie om 'e tekst te ûntsiferjen, meldt er him dêr lykwols pas as it bombardemint al plakfûn hat. Dat betsjut dat it bombardemint útfierd is wylst de beide lannen noch yn steat fan frede ferkearden, wat in oarlochsmisdie ynhâldt. De fertwifele ambassadeur, dy't net ynljochte is oer it bombardemint en dy't de minister net útlizze kin wat der misrûn is op 'e ambassade sûnder Japanske steatsgeheimen priis te jaan, wurdt troch de mismoedige Hull botwei te plak set en fuortstjoerd.
Underwilens keare yn 'e Stille Oseaan de Japanske piloaten triomfantlik werom nei op 'e fleandekskippen. Se binne lykwols skokt as se te hearren krije dat fise-admiraal Nagumo besletten hat om in streek te heljen troch de trêde weach fan it bombardemint. Hy ornearret dat it ferrassingselemint no fuort is, wat betsjutte sil dat fan 'e fleantugen fan 'e trêde weach in grut tal delsketten wurde sille. Ek wol er de fleandekskippen sa gau mooglik by Hawaï wei hawwe, om't er yn noed sit oer oanfallen fan Amerikaanske dûkboaten. Op syn flaggeskip yn Japan seit admiraal Yamamoto tsjin syn stêf dat de wichtichste doelen fan 'e oanfal, de Amerikaanske fleandekskippen, ûntkommen binne om't se op it stuit fan it bombardemint útstjoerd wiene op patrûlje. Hy beklaget him ek oer it feit dat de oanfal útfierd is foar't der in oarlochsferklearring oan it Amerikaanske regear oerlange wie. Hy fertelt syn ofsieren dat er bang is dat Japan in sliepende reus wekker makke hat en dy ferfolle hat fan freeslike wisberettens.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise admiraal Husband E. Kimmel, kommandant fan 'e Am. Pasifyske Float Martin Balsam luitenant-generaal Walter C. Short, kommandant fan it Amerikaanske Leger yn Hawaï Jason Robards admiraal Isoroku Yamamoto, kommandant fan 'e Jap. Kombinearre Float Sō Yamamura fise-admiraal Chūichi Nagumo, kommandant fan 'e Jap. 1e Loftfloat Eijirō Tōno
byrollen