300px|thumb|It Tifinagh-skrift It Tifinagh (Berberske útspraak: [tifinaɣ]; ek as Tifinaɣ skreaun yn it Berbersk-Latynsk alfabet; Nij-Tifinagh: ⵜⵉⴼⵉⵏⴰⵖ; Tûarek-Tifinagh: ⵜⴼⵉⵏⵗ or ⵜⴼⵏⵗ) is in konsonanteskrift om yn de Berbertalen te skriuwen.

In moderne foarm fan it tradisjoneel skrift, it Nij-Tifinagh waard yn de tweintichste iuw yntrodusearre. It Ircam-Tifinagh is in foarm fan it skrift dat justjes oanpast is en wurdt yn de legere skoallen yn Marokko brûkt om de Berberske taal te learen.

It wurd tifinagh is nei alle gedachten in berberisearre froulike meartalsfoarm fan it wurd "Punysk". It Berberske froulike foarheaksel ti oan it Latynske punicus koe mooglik de "Fenisyske/Punyske letters" betsjutte.

Oarsprong 300px|thumb|In Libysk-Berberske ynskripsje op in rots yn Zagora, Marokko Der wurdt fanút gien dat it Tifinag-skrift fan it Libysk skrift, of ek wol it Libysk-Berbersk skrift neamd, út de âldheid ôfstammet, alhoewol't der net folle oer de ûntwikkeling dêrfan bekend is. Dat skrift waard yn de âldheid troch Berbersktaligen yn Noard-Afrika en de Kanaryske Eilannen brûkt. It komôf fan it skrift is net bekend, mar der wurdt fanút gien dat it besibbe oan it Fenisysk alfabet wie.

Der binne twa farianten fan it Libysk skrift bekend: in eastliken en in westliken ien. De eastlike fariant waard brûkt yn it gebiet fan it hjoeddeistige Konstantine en de regio Aurès yn Algerije. Fan de twa farianten is de eastlike dy't it bêst ûntsifere waard, om't der ferskate Numidyske twatalige ynskripsjes yn it Libysk en Punysk fûn waarden. 22 fan de 24 letters waarden ûntsifere. De westlike fariant wie mear primityf en waard brûkt by de kust fan de Middellânske See del fan Kabylje oant de Kanaryske Eilannen. Dy fariant brûkte 13 oanfoljende letters.

It Libysk skrift wie in kleare konsonanteskrift en hie gjin fokalen. Geminaasje waard net oantsjutten. It waard almeast fan ûnderen nei boppe en fan rjochts nei lofts skreaun, mar it waard ek wol op oare manieren skreaun. De letters feroaren fan foarm at se fertikaal of at se horizontaal skreaun waarden.

Tûarek-Tifinagh 300px|thumb|Yngong yn it plak Kidal yn Maly. It stiet skreaun yn it Tifinagh (ⴾⴸ// Kdl) en yn it Latyn It Libysk skrift wurdt hjoed-de-dei brûkt yn de foarm fan Tifinagh om yn de Tûarektalen, dy't in takke fan de Berbertalen binne, te skreauwen. 1500 jier âlde ynskripsjes dêrfan binne fûn op rotsen en yn grêftomben.

It Tûarek-Tifinagh wurdt hjoed-de-dei benammen brûkt yn spultsjes, puzels, graffiti en koarte berjochten. It skrift wurdt bytiden ek wol brûkt yn talen fan oanswettende folken.

Nij-Tifinagh 300px|thumb|Trijetalige paadwizers; Arabysk, Berbersk en Frânsk It Nij-Tifinagh is in skrift dat ûntwikkele waard fan eardere foarmen fan it Tifinagh. Dat skrift is fan lofts nei rjochts skreaun. Oant koartlyn waarden der mar amper boeken en websiden yn it skrift skreaun, om't der earder foar it Latynsk alfabet, en, mar wol minder, it Arabysk skrift keazen waard. It Nij-Tifinagh waard ornaris foar symboalyske doelen brûkt. Fan 2003 ôf wurdt der yn Marokko mear yn it skrift publisearre en wurdt it ek op guon skoallen ûnderrjochte. Dochs de measte Berberske publikaasjes brûke lywols it Berbersk-Latynsk alfabet. Bûten Marokko hat it skrift gjin offisjele status. Yn Algerije brûke almeast alle Berberske publikaasjes it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Lybje ferbea it bewâld fan diktator Moammar al-Kadaffi it brûken fan it skrift. Nei de Libyske Boargerkriich like de Nasjonale Oergongsried mear iepen te stean foar it brûken fan it skrift.

Letters It Tifinagh waard in maart 2005 oan de Unikoade taheake. KoadeLetterUnikoadeTransliteraasjeNamme2D3024pxⴰaya2D3124pxⴱbyab2D3224pxⴲbhyabh2D3324pxⴳgyag2D3424pxⴴghyaghh2D3524pxⴵdjyaj2D3624pxⴶdjyaj2D3724pxⴷdyad2D3824pxⴸd.yadh2D3924pxⴹd.yadd2D3A24pxⴺd.yaddh2D3B24pxⴻeyey2D3C24pxⴼfyaf2D3D24pxⴽkyak2D3E24pxⴾkTûarek yak2D3F24pxⴿkhyakhh2D4024pxⵀhyah2D4124pxⵁhyah2D4224pxⵂhTûarek yah2D4324pxⵃh.yahh2D4424pxⵄayaa2D4524pxⵅkhyakh2D4624pxⵆkhTûarek yakh2D4724pxⵇqyaq2D4824pxⵈqTûarek yaq2D4924pxⵉiyi2D4A24pxⵊjyazh2D4B24pxⵋjAhaggar yazh2D4C24pxⵌjTûarek yazh2D4D24pxⵍlyal2D4E24pxⵎmyam2D4F24pxⵏnyan2D5024pxⵐnyTûarek yagn2D5124pxⵑngTûarek yang2D5224pxⵒpyap2D5324pxⵓuyu2D5424pxⵔryar2D5524pxⵕr.yarr2D5624pxⵖghyagh2D5724pxⵗghTûarek yagh2D5824pxⵘghAyer yagh2D5924pxⵙsyas2D5A24pxⵚs.yass2D5B24pxⵛshyash2D5C24pxⵜtyat2D5D24pxⵝt.yath2D5E24pxⵞchyach2D5F24pxⵟt.yatt2D6024pxⵠvyav2D6124pxⵡwyaw2D6224pxⵢyyay2D6324pxⵣzyaz2D6424pxⵤzTawellemet yaz2D6524pxⵥz.yazz2D6F24pxⵯ+wLabialisaasje-teken2D5C 2D5924px24pxⵜⵙtsyats2D37 2D6324px24pxⴷⵣdzyadz2D5C 2D5B24px24pxⵜⵙchyach2D37 2D4A24px24pxⴷⵊdjyadzh

Kategory:Berbertalen Kategory:Skrift