Afke Boven (Dokkum, 13 augustus 1980) is in Fryske programmamakster, presintatrise, redaktrise en publisiste.

Biografy Jonkheid en oplieding Afke Boven waard yn 1980 berne yn Dokkum as de dochter fan in Amelanner heit en in Fryske mem. Doe't se fiif jier wie, ferhuze it gesin nei It Amelân, dêr't har heit de útbater fan 'e pleatslike rûnfeartboat waard. Boven brocht de rest fan har jonkheid troch op it eilân, dêr't se Amelânsk spriek mei har heit, har freonen en oare eilanners, mar Frysk mei har mem.——, Ik bin multilingual hutsafluts, yn: De Westereender, oktober 2018.

doe't se fan 'e basisskoalle ôf kaam, gie Boven nei de MAVO yn Nes (It Amelân). Hoewol't se as skoaladvys 'HAVO/VWO' krigen hie, fûnen har âlden har mei tolve jier noch te jong om troch-de-wyks op harsels op 'e fêstewâl te wenjen. Dat barde pas doe't se slagge wie foar de MAVO. Se kaam doe yn in flatsje yn Ljouwert, dêr't se fierder learde. Nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle studearre Boven fan 1999 oant 2003 sjoernalistyk oan 'e Hegeskoalle Windesheim yn Swol.

Karriêre Yn har opliedingstiid rûn Boven staazje by de telefyzjeprogramma's RTL Boulevard fan RTL4 en Vermist fan 'e TROS. De earste jierren dêrnei wurke hja oant 2007 as redaktrise by RTL4 en SBS6. Letter die se ek freelancewurk foar Omrop Max, de KRO en de EO op 'e telefyzje en skreau se foar it ôfslankprogramma Weight Watchers. Yn 2019–2020 die Boven foar de NPO de redaksje en presintaasje fan Kijk op Fryslân.

Afke Boven wurke fan 2013 oant 2022 foar Omrop Fryslân. De earste jierren as redaktrise en ferslachjouster foar it programma Bynt. Sûnt 2016 die se live ferslach fan it skûtsjesilen, de Slachtemaraton en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden. Yn 2020 waard se ek einredaktrise fan de Skûtsjekrante. Dêrnjonken wurke se sûnt 2013 as sjoernaliste foar it Dagblad van het Noorden. Boven skreau ek al fan 1997 ôf foar it moanneblêd De Amelander en elts jier yn novimber is se belutsen by de Keunstmoanne op It Amelân.

Yn 2021 krige Boven in dieltiidbaan by de NOS as freelance-redaktrise fan it NOS Journaal Regio. Yn febrewaris 2022 waard bekend dat Boven út 39 gadingmakkers keazen wie om by de NPO nijslêzeresse by it NOS Journaal te wurden.Afke Boven gaat NOS Journaal presenteren, yn: de Ljouwerter Krante, 3 febrewaris 2022, s. 2. Yn 2026 ferskynde fan Boven it boek Als de Laatste Boot Vertrokken Is, oer it libben op It Amelân yn it algemien en oer har eigen ûnderfinings datoangeande yn it bysûnder.

Priveelibben Afke Boven hat in bern út in houlik dat einige is yn in skieding. Anno 2026 hat se in relaasje mei in man dy't op It Waad wurket.

Wurk 2026 – Als de Laatste Boot Vertrokken Is (non-fiksje)

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Frysk programmaredakteur Kategory:Frysk ferslachjouwer Kategory:Amelânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1980