Pearl Harbor is in Amerikaanske romantyske histoaryske oarlochsfilm út 2001 ûnder rezjy fan Michael Bay, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck, Josh Hartnett en Kate Beckinsale. It ferhaal, op basis fan in senario fan Randall Wallace, giet oer twa piloaten fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't fereale reitsje op itselde fanke. De foarfallen fine plak tsjin 'e eftergrûn fan in sterk fiksjonalisearre ferzje fan 'e Japanske oanfal op Pearl Harbor en de Doolittle Raid. De film wie in grut súkses yn 'e bioskopen, mar krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Der wie benammen krityk op 'e plot, de dialooch, it tempo en ferskate lekken en brekken op it mêd fan historisiteit. Pearl Harbor waard yn 2002 nominearre foar twa Golden Globes en fjouwer Oscars, en wûn de Oscar yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje.

Plot Yn 1923 boartsje op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Tennessee twa jonkjes, Rafe McCawley en Danny Walker, tegearre yn it wrak fan in âld dûbeldekkerfleantúch, wêrby't se sabeare yn 'e Earste Wrâldoarloch de soldaten fan it Keizerryk Dútslân befjochtsje. Se binne inoars bêste freonen en beide dreame se derfan om piloat te wurden.

Yn jannewaris 1941, as de Twadde Wrâldoarloch al oan 'e gong is, binne Rafe en Danny allebeide earste luitenant en piloat by de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht. Se binne yndield by in ienheid dy't ûnder befel stiet fan majoar Jimmy Doolittle. Evelyn Johnson is in legerferpleechster dy't Rafe in medysk ûndersyk ôfnimme moat wêrby't er by wize fan eachûndersyk letters op in kaart oan 'e wand oplêze moat. Dat slagget him lykwols net om't er lêsblyn is. Hy smeekt har om him net ôf te keuren, en om't se him oantreklik en sjarmant fynt, strykt se de hân oer it hert. Ut dy moeting komt yn 'e folgjende wiken in relaasje fuort.

Underwilens hat Rafe in oanfraach yntsjinne om as frijwilliger talitten te wurden ta it Eagle Squadron, in ôfdieling fan 'e Britske Royal Air Force dy't bestiet út Amerikaanske piloaten dy't as frijwilliger meifjochtsje wolle tsjin 'e Luftwaffe yn 'e Slach om Ingelân. Majoar Doolittle fertelt him dat er as sadanich akseptearre is. Om't Danny him oars ek as frijwilliger oanmeld hawwe soe, en om't Rafe him beskermje wol, makket er Danny wiis dat er troch syn superieuren nei it Eagle Squadron oerpleatst wurdt. As Rafe en Evelyn, dy't no smoarfereale opinoar binne, mei de oare piloaten en ferpleechsters in jûn yn New York út te dûnsjen geane, fertelt er har dat er de oare deis ôfsette sil nei Ingelân. Deselde jûns kriget Red Winkle, ien fan 'e oare piloaten, in relaasje mei Betty Bayer, ien fan Evelyn har kammeraatskes, in jong ferpleechster dy't noch mar santjin jier is en liigd hat oer har leeftyd om yn it leger te kinnen.

De oare deis set Rafe ôf nei Ingelân, dêr't er opnommen wurdt yn it Eagle Squadron. Hy blykt in tige kundich piloat te wêzen en wint al mei gauwens it respekt fan syn Britske wjergaders. Underwilens wurde Danny en de oare jonge piloaten út syn ienheid, en ek Evelyn en de oare jonge ferpleechsters, allegearre stasjonearre op Hickam Field, de legerbasis dy't fuort njonken it Marinestasjon Pearl Harbor leit, ûnder de reek fan Honolulu, op it Hawaiïaanske eilân Oahu. Dêr giet it libben syn kalme gonkje, yn skril kontrast mei de wanhopige striid dy't Rafe yn brieven oan Evelyn beskriuwt. Red Winkle skrabet al syn moed byinoar en freget Betty om mei him te trouwen; se ferlove harren en meitsje plannen foar in brulloft oer twa jier, as Betty njoggentjin wêze sil.

Inkele moannen nei't Rafe ôfset is nei Ingelân, komt it berjocht dat er by in loftgefjocht boppe It Kanaal delsketten en yn see delkommen is. De RAF nimt oan dat er dea is. Sa't Rafe him foar syn ôfreis op it hert drukt hie, bringt Danny persoanlik it skriklike nijs oan Evelyn oer. Neitiid bringe sy beiden mear tiid mei-inoar troch. It begjint as in foarm fan mienskiplike rouferwurking, mar it slacht al rillegau om yn wat oars. Danny merkt dat er foar Evelyn falt. Evelyn hat ek gefoelens foar Danny, mar pakt der ôfgryslik mei om, mei't se de oantins oan Rafe net ûntrou wêze wol. Pas as har kammeraatskes har oanfiterje om wurk fan Danny te meitsjen, om't se net har libben lang allinne en yn rou bliuwe kin, jout se ta oan har gefoelens. Nei't Danny har meinommen hat foar in ûnautorisearre flecht yn syn P-40 Warhawk, bedriuwe se de leafe yn ien fan 'e loadsen op it fleanfjild.

Evelyn en Danny binne skokt as op 'e jûn fan 6 desimber 1941 Rafe yn Pearl Harbor ferskynt, dy't út see rêden is troch Frânske fiskers en doe in skoft ûnderdûkt sitten hat yn beset Frankryk ear't er nei Ingelân ûntkomme koe. As Rafe ûntdekt dat syn faam en syn bêste freon ûnder syn ôfwêzigens in relaasje krigen hawwe, is er poer. Hy set mei de oare piloaten ôf nei in pleatslike bar dêr't er himsels bedrinke wol. Danny folget him lykwols en de beide mannen krije slaanderij, mar ûntkomme tegearre yn ien auto as de militêre plysje arrivearret. Neitiid falle se op it strân yn 'e auto yn 'e sliep.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 set de Keizerlike Japanske Marine útein mei de Oanfal op Pearl Harbor, in ferrassingsbombardemint dat de Amerikaanske Pasifyske Float yn ien klap útskeakelje moat. De slachskippen yn 'e haven fan Pearl Harbor rinne swiere skea op en ytliken wurde ta sinken brocht. Oan board fan 'e USS West Virginia bemannet de negroïde kok Dorie Miller in stik loftdoelgeskut (in aksje wêrfoar't er letter as earste swarte it Navy Cross takend krije sil). Rafe en Danny wurde wekker fan 'e eksploazjes en wylst de Japanners alle fleantugen fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op 'e gruttere fleanfjilden ferneatigje, hastigje se har nei Wheeler Field, in fleanfjild foar fleantugen dy't neisjoen of reparearre wurde moatte. Dêr witte se mei twa P-40's yn 'e loft te kommen, wêrnei't se tegearre teminsten seis Japanske fleantugen delsjitte. Nei ôfrin fan it bombardemint helpe Rafe en Danny yn 'e haven om 'e bemanning fan 'e kapseisde USS Oklahoma te rêden, mar de help komt te let foar de bemanning fan 'e USS Arizona, dy't fêstsit yn it ûnderstboppest sinkende skip.

Underwilens hastigje Evelyn en de oare ferpleechsters har nei it legerhospitaal dêr't se wurkje, Tripler Army Hospital. Underweis wurde se besketten troch Japanske fleantugen en ienris yn it hospitaal arrivearre, moatte se earst de al oanwêzige pasjinten rêde troch se by de finsters wei te heljen, dêr't troch Japanske bombardeminten de ruten út blaasd wurde. Neitiid wurdt it hospitaal oerstreamd troch in stoartfloed oan ferwûnen. Evelyn rêdt ien ofsier it libbe troch in finger yn it gat yn syn halsslachier te stopjen, sadat er net deabliedt foar't de dokter oan him ta is. Uteinlik wurdt se troch in dokter nei bûten ta stjoerd om 'e triaazje te dwaan en derfoar te soargjen dat inkeld noch pasjinten binnenbrocht wurde dy't in kâns hawwe om har ferwûnings te oerlibjen. Dêr wurdt it stoflik omskot fan in ferpleechster by har brocht, dy't troch de Japanners deasketten is wylst hja it terrein fan 'e basis oerstiek yn 'e rjochting fan it sikehûs. It blykt Betty Bayer te wêzen.

De oare deis hâldt presidint fan 'e Feriene Steaten Franklin D. Roosevelt syn Day of Infamy-taspraak foar de radio en freget it Amerikaanske Kongres om in oarlochsferklearring út te furdigjen tsjin it Keizerryk Japan. De oerlibbenen fan it bombardemint wenje in betinking by foar de mear as 2.400 deaden. Koarte tiid letter wurde Danny en Rafe beiden oerpleatst nei de Feriene Steaten, dêr't se wer ûnder harren âlde kommandant Jimmy Doolittle komme te tsjinjen, dy't ûnderwilens promovearre is ta luitenant-kolonel. Foar't se ôfsette, seit Evelyn tsjin Rafe dat se swier is fan it bern fan Danny, mar se freget him dat foar Danny geheim te hâlden. Se fertelt it him inkeld om út te lizzen wêrom't se by Danny bliuwe sil, ek al is hy, Rafe, dejinge fan wa't se altyd wier hâlde sil.

Nei't se oankommen binne yn Kalifornje, wurde Danny en Rafe foar harren aksjes ûnder de Oanfal op Pearl Harbor beide promovearre ta de rang fan kaptein. Doolittle fertelt dat er befel krigen hat in geheime misje te plannen, dy't tige by tige gefaarlik wêze sil. Danny en Rafe biede harrensels dêr daliks foar oan, en jouwe har by de oare frijwilligers, ûnder wa ek harren maten Red Winkle en Gooz Wood. It folgjende fearnsjier oefenje Rafe, Danny en de oaren mei spesjaal oanpaste B-25 Mitchells fan it leger dêr't se mei leare moatte op te stiigjen fan in fleandekskip. Der wurdt harren ferteld dat se yn ferjilding foar de Oanfal op Pearl Harbor in bombardemint op 'e Japanske haadstêd Tokio útfiere sille. Yn april wurde se oan board fan it fleandekskip de USS Hornet útstjoerd foar dy oanfal (dy't nei de befelfierend ofsier bekend komme sil te stean as de Doolittle Raid).

It is de bedoeling dat de bommesmiters nei harren bombardemint fan Tokio rjocht troch fleane sille om úteinlik yn Sina te lânjen. De misje komt yn 'e swierrichheden as de USS Hornet al mear as 600 seemyl foar de Japanske kust troch de Japanners ûntdutsen wurdt, wylst it de bedoeling wie dat de B-25 Mitchells pas 400 seemyl út 'e kust wei opstiigje soene. Troch de ekstra ôfstân is it ûnwis oft se Sina wol helje kinne. Nei it bombardemint fan Tokio bliuwe de fleantugen fan Rafe en Danny byinoar. Se witte sûnder slimme skea út it loftrom fan Japan te kommen en beskikke krekt oer genôch brânstof om Sina te heljen. Rafe syn fleantúch makket dêr in needlâning yn in rysfjild, wêrnei't hy en syn bemanning yn in fjoergefjocht mei in Japanske militêre patrûlje ferwikkele reitsje. Se wurde rêden troch Danny, dy't de patrûlje mei syn boardkanonnen útskeakelet wylst er oerfljocht en in eintsje fierderop in needlâning makket.

As der mear Japanners opdaagjen komme, wurde sawol Rafe-en-dy as Danny en syn bemanning finzen nommen. De Amerikanen brekke lykwols los en witte alle Japanners te deadzjen, mar dêrby rekket Danny deadlik ferwûne as er Rafe mei syn eigen lichem beskermet. Wylst er yn it stjerren leit, fertelt Rafe him dat er heit wurdt. Mar mei syn lêste siken antwurdet Danny dat net hy, mar Rafe heit wurdt. Koarte tiid letter wurde de Amerikanen fûn troch Sineeske soldaten, dy't harren nei feilichheid liede. Rafe bringt Danny yn in deakiste mei werom nei Pearl Harbor, dêr't er weriene wurdt mei Evelyn.

Yn in epilooch fan 'e film libje Danny en Evelyn, dy't ûnderwilens troud binne, nei de oarloch op in boerespultsje yn Tennessee, dêr't se mei harren jonge soan Danny it grêf fan syn biologyske heit besykje. Neitiid nimt Rafe syn styfsoan mei foar in flecht yn it âlde dûbeldekkerfleantúch dat foarhinne eigendom wie fan Rafe syn heit.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise earste luitenant Rafe McCawley Ben Affleck earste luitenant Danny Walker Josh Hartnett Evelyn Johnson Kate Beckinsale

byrollen