Simone Scheffer (Boalsert, 27 maaie 1965) is in Fryske programmamakster, redakteur, ferslachjouwer en presintatrise út Harns. feitsmafûns.nl

Simone Scheffer, dochter fan keatser Bauke Scheffer, waard nei it Jan Brugman College yn Boalsert in pear kear útlotte foar de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert. Se begûn dêrom wylst oan in stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Winschoten. Yn har studintetiid wurke se foar it popprogramma Radio 18 en rûn se staazje by Omrop Fryslân.Simone Scheffer sluit ogen voor bril - In de ontkenningsfase, Optometrie Magazine Friesland 2010, side 12-13

Telefyzje Neidat se in pear jier foar de klas stien hie kaam se yn 1993 yn tsjinst by Omrop Fryslân.Omrop Fryslân televisie bestaat 25 jaar: bekijk de allereerste Hjoed, Omrop Fryslân, 4 febrewaris 2019 Scheffer wurke oan it begjin foar radio en telefyzje. Ien fan de earste telefyzjeprogramma’s wie it sportprogramma Boppeslach. Letter presintearre se ek nijs- en praatprogramma’s. Friese televisie maken was pionieren en bovenal keihard werken, Frysk Deiblêd, 28 febrewaris 2019

Radio Sûnt 2016 wurket Scheffer foaral foar de radio. Gezichten Omrop van de buis, Ljouwerter Krante, 28 maaie 2016 Yn 2017 wûn se mei Omrop Fryslân in NL Award foar de rige reportaazjes Mohammed yn de kategory ‘Duiding’.Omrop Fryslân valt in de prijzen, Omrop Fryslân, 22 maart 2017 Simone Scheffer folge dêryn in jier lang de Syryske famylje Haj Ali dy’t yn septimber 2015 yn de Harnzer krisisopfang siet.Mohammed Adzjali, Omrop Fryslân, rige útstjoerings oer Mohammed Adzjali

Programma’s (kar-út) Hjoed Boppeslach Skûtsjesjoernaal Ferslach fan de Alvestêdetocht Ferslach fan PC Buro De Vries Simmer yn Fryslân

Kategory:Frysk programmaredakteur Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Frysk ferslachjouwer Kategory:Persoan berne yn 1965 Kategory:Persoan berne yn Boalsert