Feitze de Vries (De Jouwer, 10 april 1921 - Utert, 29 oktober 1965) wie in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch en ien van de oprjochters fan de Knokploech-Aalten. Syn fersetsnamme wie "Gerrit" en hy hat in soad ferset plege.

Tegearre mei Jan Ket wie hy belutsen by de dramatyske ûntknoping op 20 april 1944 yn Doesburg fan it ferrie fan Willy Markus. Omdat hja op 'e fyts neffens ôfspraak op ferkenning giene, bleaune se bûten skot, mar se waarden wol troch de Dútsers oppakt. De oare moarns waarden se troch de SD út Arnhim wei mei 30 finzenen op transport setten nei Kamp Vught. Underweis yn de binnenstêd fan Den Bosch mindere de auto snelheid en slagge it harren - los fan elkoar - te ûntkommen troch ûnder it dekseil wei fan de treeplanke te springen. Mei help fan "goede" lângenoaten wisten se har in pear wike letter wer oan te sluten by de KP-Aalten.

Nei de befrijiing hat De Vries aktyf west as pelotonskommandant fan de 1e Kompanjy fan it Dutch National Battalion. Op 12 july 1945 gie dit bataljon oer yn in ûnderdiel fan de Keninklike Lânmacht. De Vries wie ûnderdiel fan dit rezjimint yn de funksje fan twadde luitenant.

Underskiedings Nei de oarloch krige Feitze meardere ûnderskiedings foar syn fersetsdieden en aksjes by it wapene ferset.

Brûnzen Krús op 29 april 1953, út hannen fan Prins Bernhard yn it Paleis op de Daam. Mobilisaasje-Oarlochskrús Ferzetsbetinkingskrús (postúm, oan it Dutch National Battalion)

Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk ofsier Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 1965