De Nation of Islam (NOI) is in Afro-Amerikaanske religieuze en politike beweging. De organisaasje seit te stribjen nei it ferbetterjen fan de religieuze, mentale, sosjale en ekonomyske posysje fan Afro-Amerikanen.
Neffens kritisy befoarderet de teology fan de Nation of Islam lykwols antysemitisme. Ek makket de beweging him neffens kritisy skuldich oan homofoby en soe de NOI segregaasje neistribje en in swart nasjonalisme útdrage. Earder soe de beweging him skuldich makke hawwe oan it befoarderjen fan swarte supremasy. De Southern Poverty Law Center, in organisaasje dy't tsjin rasiaal en sosjaal ûnrjocht striidt, neamt de NOI in haatgroep en neffens dy organisaasje leart de teology fan de NOI in oanberne swarte superieurens oer blanken.
It orgaan fan de NOI hjit The Final Call en yn 2007 ward it tal leden fan de beweging tusken de 20.000 en 50.000 rûsd.
Stifting De NOI waard op 4 july 1930 stifte troch Wallace Fard Muhammad yn Detroit, Michigan, yn de Feriene Steaten fan Amearika. Oer de komôf fan Fard is offisjeel neat bekend, hy kaam yn 1930 nei Detroit mei in tsjustere eftergrûn en ferskillende aliassen en learde in eigensinnige foarm fan islaam oan de leden fan de swarte mienskip fan de stêd. Fard wie lid fan de Moorish Science Temple of America en besocht om 'e nocht lieder te wurden fan dy organisaasje troch himsels út te roppen as de reïnkarnaasje fan Noble Drew Ali, de stifter fan dy organisaasje. Noble Drew Ali basearre syn organisaasje op de stelling dat Afro-Amerikanen ôfstamden fan de Moäbiten en dat hja in moarske identiteit hiene mei in islamitysk leauwe. Nei't it Fard mislearre lieder te wurden fan de Moorish Science Temple of America stifte er syn Nation of Islam (NOI). Neffens de NOI wiisde Fard yn 1931 Elijah Muhammad oan as syn assistint. Dy krige fan Fard njoggen moanne lang ûnderwiis en dêrnei noch likernôch twa jier wat minder yntinsyf. Yn maaie 1933 ferdwûn Fard sûnder syn folgelings op de hichte te stellen en sûnder offisjeel in opfolger ôf te kundigjen.
Opfolging
Elijah Muhammad ornearre dat Fard him as opfolger keazen hie en him trije jier lang oplaat hie. Hy woe ha dat Fard de Mahdi wie, minskwurding fan God, en dat Fard him dat sa iepenbierre hie. Hy stifte de krante "The Final Call to Islam" en hie it ynearsten oer Fard as profeet en letter wer as de Almachtige God. Elijah Muhammad hie te meitsjen mei konkurrinten, mar dy wist er de baas te wurden.
Yn 1942 waard Muhammad feroardiele en finzen set fanwegen it ûntdûken fan tsjinstplicht. Om't de Nation of Islam tsjin it tsjinjen yn it Amerikaanske leger wie, krigen ek oare leden deselde oanklacht. Nei't er yn 1946 frijlitten waard, boude er yn de folgjende desinnia de beweging stadichoan fierder út. Yn syn programma woed er in apart lân foar swarte Amerikanen. Dat lân moast as religy de ferearing fan Allah oannimme en basearre wêze op it idee dat swarten it útkarde folk wie.
It wie yn dy tiid dat Malcolm Little ûnder ynfloed fan syn broer Reginald lid waard fan de beweging. Wylst er fanwegen ynbraak fan 1946 oant 1952 yn 'e finzenis siet, stoppe Little mei smoken, gokken en it iten fan bargefleis en hold him oan de gebrûken en restriksjes sa't de Nation of Islam dy foarskreau. Oeren siet er boeken te lêzen yn de bibleteek fan de finzenis. Elijah Muhammad joech him de opdracht syn famyljenamme Little te ferfangen troch in "X", in gebrûk ûnder folgelings fan de Nation of Islam. Hja gyngen der nammentlik fan út dat blanke slavenhâlders harren Afrikaanske nammen ôfnommen hiene; dy "X" moast it ferlerne erfskip symbolisearje. Malcolm X waard al gau de wurdfierder fan de NOI en it is benammen oan him te tankjen dat it tal leden de organisaasje bot tanaam (rûzings ferskille fan 500 oant 25.000 of 1.200 oant 50.000-75.000). Yn maart 1964 ferliet Malcolm X de NOI, om't er it net fine koe mei Elijah Muhammad. Malcolm X woe graach gearwurkje mei oare boargerrjochtlieders en dat woe Elijah Muhammad net lije. Letter sei Malcolm X ek dat Muhammad bûtenechtlike relaasjes hie mei jonge NOI-froulju, eat wat neffens de NOI strang ferbean wie. Op 21 febrewaris 1965 waard Malcolm X fermoarde yn New York; trije leden fan de NOI waarden it jier dêrop skuldich ferklearre oan dy moard.
Yn 1955 waard Louis Wolcott lid fan de Nation of Islam. Neffens it gebrûk ferfong ek hy syn famyljenamme mei in X. Fan Elijah Muhammad krige er de namme Farrakhan en nei de moard op Malcolm X groeide Farrakhan út ta in dynamysk en karismatysk lieder mei de jefte om de Afro-Amerikaanske minsken oan te sprekken.
Doe't Elijah Muhammad ferstoar yn 1975 wiene der 75 sintra oer it hiele lân. De NOI keas lykwols Wallace Muhammad (en net Farrakhan), ek bekend as Warith Deen Mohammad, ien fan de soannen fan Elijah as nije lieder fan de beweging. Yn dy tiid wie de beweging basearre op prinsipes as selsfertrouwen en swarte supremaasje, eat dat troch oare moslims as kettersk beskôge wurdt. Warith Deen Mohammad moast net in soad ha fan de opfettings fan syn heit en hy besocht de bannen mei de reguliere moslimmienskippen oan te heljen, de NOI om te setten yn in otterdoks-islamityske organisaasje, dy't mear oerien kaam mei de soennityske islaam en de organisaasje te desintralisearjen.
Yn 1977 ferliet Farrakhan de troch Wallace Muhammad's herfoarme organisaasje. Hy wurke oan de weropbou fan de oarspronklike Nation of Islam, sa't dy foarm jûn wiene troch Wallace Fard Muhammad en Elijah Muhammad. Farrakhan reizge it hiele lân troch om oanhingers te winnen en yn de rin fan de tiid wist er it besit fan de oarspronklike NOI by syn organisaasje te foegjen. Hy boude de NOI út ta in organisaasje mei moskeeën en stúdzjegroepen yn mear dan 120 stêden.
Yn 1995 rôp Farrakhan op ta de Million Man March yn Washington, D.C.. De mars hie as doel de Afro-Amerikaanske ienheid en de famyljewearden te befoarderjen. Neffens rûzings lei it tal dielnimmers tusken de 400.000 en 840.000.
Under it liederskip fan Farrakhan groeide de Nation of Islam mei faasje. De NOI krige ôfdielings yn Ghana, Londen, Parys en it Karibyske Gebiet. Om de ynternasjonale ynfloed fan de Nation fuort te sterkjen, besocht Farrakhan relaasjes oan te knopen mei islamityske lannen. Yn 1991 waard der prostaatkanker by him fêststeld. Nei in hast-dea ûnderfining troch komplikaasjes yn it jier 2000 waard de polityk fan Farrakhan wat minder fûl en woed er mear kontakt mei oare minderheden, lykas Yndianen, Latynsk-Amerikanen en Aziaten.
Op 8 maaie 2010 bekende Farrakhan dat er Dianetika omearme hie en hy trune leden oan om by de Church of Scientology in proseduere te ûndergean. Yn 2013 waard bekend makke dat al 8.500 leden fan de beweging in "auditearing" ûndergien hiene, sa't dat proses troch Scientology neamd wurdt. De Nation of Islam fersoarget de prosedueres tsjintwurdich sels.
Leauwe De sintrale belidenis fan de NOI en de folgers is dat der gjin oare God is as Allah. Hja leare dat de stifter Fard Muhammad de Mahdi is, de ferlosser dy't oan it ein fan de tiid ferskine sil. De offisjele learstellings wurde troch de NOI yn de foarm fan boeken en dokuminten útjûn en fierder troch preken fan Elijah Muhammad, Malcolm X, Farrakhan en oare prekers útsprutsen. In soad fan Muhammad's learstellings binne te finen yn Message to the Blackman in America.
Elijah Muhammad sammele fan 1930 oant 1934 de skreaune lessen fan Fard Muhammad en joech dy út ûnder de titel The Supreme Wisdom. Neffens de NOI is de befolking fan 'e wrâld te ferdielen yn trije kategoriën: 85% fan de befolking falt ûnder de dôve, bline en domme massa, dy't maklik yn de ferkearde rjochting te stjoeren en min op it goede paad werom te krijen is. Dy 85% fan de massa wurdt troch 10% fan de befolking manipulearre. Dy 10% rike slavendriuwers meitsje gebrûk fan de massa en wurde holpen troch brek oan kennis, religieuze doktrines en de massamedia. De tredde groep bestiet út 5% fan de befolking, de rjochtfeardigen dy't hieltiten striid ha mei de 10% om de 85% te befrijdzjen fan de 10%.
Kosmology Elijah Muhammad sei ris dat de moanne ea ûnderdiel wie fan de ierde en dat de ierde al mear as 76 triljoen jier âld is. De hiele lânmassa hiet earst "Asia" en dat wie neffens Elijah Muhammad fier foar Adam. Neffens Muhammad stamden de swarten fan de Feriene Steaten ôf fan in swarte Aziatyske stamme mei de namme Shabazz. Op side 31 fan Message to the Blackman in America skriuwt Muhammad "...wa is dy stamme Shabazz? Oarspronklik wie it de stamme, dy't 66 triljoen jier lyn nei de ierde kaam doe't op ús planeet in grutte eksploazje plak fûn dy't de planeet yn twa dielen ferdielde. It iene diel neame wy ierde en it oare moanne. Dit waard útfierd troch ien fan ús wittenskippers, God, dy't woe dat de minsken ien taal sprieken, ien dialekt foar elkenien, mar dêr net yn slagge".
Rasiale learstellings
Wallace Fard Muhammad learde dat de oarspronklike befolking fan de wrâld swart. De blanken wiene in oankweke ras fan duvels, makke troch in wittenskipper mei de namme Yakub (de bibelske Jakob) op it Grykske eilân Patmos. Neffens de lessen fan Ward wiene de blanken duvels fanwegen in kultuer fan ligerij en moard, troch Yakub sa kweke om syn nije folk te beskermjen. Yakub soe neffens Ward, om te kommen ta in blanke befolking, in genetysk programma útsetten ha. De hearskjende klasse moast alle swarte poppen fuort by de berte fermoardzje en de heiten en memmen foarleagenje oer it lot fan dy bern. Fierder moast der foar soarge wurde dat de bern mei in ljochte hûdskleur it better diene yn de maatskippij, itjinge resultearre yn in algemiene foarkar foar in ljochte hûdskleur. It proses om bern mei ljocht hier, blaue eagen en in blanke hûd te skeppen duorre likernôch 600 jier. Doe't de blanken Patmos ferlieten en nei it fêstelân ferhûzen, waarden hja ynearsten oeral troch de ynheemske befolking ferwolkomme. Mar neffens de lessen fan Fard feroarsaken de blanken mei harren leagens en bedroch ûnder de rjochtfeardige minsken fuortendaliks ûnrêst. De hearskers fan it Midden-Easten namen dêrom it beslút om alle ûnrêststokers by inoar te driuwen en har it lân út te setten rjochting Europa. Neffens Elijah is it ferhaal tige bekend en goed bewarre dat yn in soad geheime organisaasjes en bruorskippen noch altiten libben holden wurdt. Fard learde dat in soad fan de rûge manieren fan blanken út de tiid stamme dat hja 2000 jier yn de grotten en heuvels fan Europa sûnder godlike iepenbiering of kennis fan beskaving libben. De skriften fan Elijah Muhammad jouwe it advys dat in studint leare moat dat de blanke "Yacub's inte duvel" en it "stjonkdier fan de planeet ierde" is.
Nei't Malcolm X nei Mekka pylgere ferklearre er dat syn tinken feroare by it sjen fan sa'n grut ferskaat oan moslims, fan swart oant blank. Fan dat stuit ôf seach er de islaam as in middel om rasiale tsjinstellings te oerwinnen. Syn feroarjende opfettings oer it ras en de islam brocht him ta it ferlitten fan de Nation of Islam en de bekearing ta it soennisme.
Punt 10 fan it offisjele platfoarm fan de Nation of Islam, "What the Muslims Want" (publisearre yn 1965) leart dat der in ferbod komme moat op mingde houliken of it mingen fan rassen. Farrakhan sei yn dit ferbân: "De mem fan de lieder dy't nei Noard-Amearika kaam (Wallace Fard Muhammad) om ús les te jaan wie in blanke frou. Syn heit wie in swarte man. Dus wêr't leafde is, giet leafde oer ús etnisiteit. Leafde is de grutte krêft fan transformaasje. Mar ik soe leaver ha dat de swarte man en de swarte frou mei immen fan eigen soart trouwe".
Ezechiëls tsjel Elijah Muhammad fertelde syn folgelings oer in ûnbidich fleantúch of tsjel, in UFO dy't troch de profeet Ezechiël yn fizioenen sjoen en beskreaun waard yn it boek fan Ezechiël yn de Hebriuwske bibel.
Farrakhan sei dêr yn 1996 it folgjende oer: