Imi wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de sânde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't yn 2192 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Igigi, Ilûlû en Nanûm), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Imi wie de opfolger fan Igigi, en waard yn 2191 f.Kr. sels opfolge troch Nanûm, mar oan 'e dusoarder kaam pas in ein doe't Dûdû yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam.
Kategory:Kening fan Akkad Kategory:Kening fan Sûmearje Kategory:Akkadyske adel Kategory:Persoan berne yn de 23e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 22e iuw f.Kr.